Wat in ûnderfining!

KLAAS RUSTICUS

Yn ‘e moannen dy’t oan ‘e offisjele iepening foarôf giene, hong der in opmerklike, wat aparte sfear yn ‘e stêd. In sfear fan spanning dy’t bern hawwe kinne yn ‘e dagen foar harren jierdei. Foarbygongers seagen inoaren glimkjend yn ‘e eagen, sûnder werkennen. In glimke fan in dield geheim dêr’t eltsenien him by belutsen fielt en nimmen it rjochte fan wit. En ôfrûne sneontejûn wie it dan safier: de wrâldpremjêre fan it muzykteaterwurk Frouke Oerdwealskens wêrmei, ek yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd fan Jeropa, it splinternije Opera- en Dûnsteater yn it Paulus Folkertsmapark in gebrûk naam waard.

 

 In barren dat in ûnferjitlike yndruk makket op ‘e besikers.

 

Oer it arsjitektoanysk keunststikje dat it gebou wurden is waard yn ‘e lêste jierren al regelmjittich skreaun, oer it wurk dat by de iepening yn premjêre brocht wurde soe hong dêrtsjinoer in waas fan geheimsinnigens: gjin parseberjochten, gjin fernijing yn ‘e kulturele ljedderaginda’s, gjin iepenbiere repetysjes of fraachpetearen mei komponist, librettist, dirigint of útfierenden –in algeduerige stiltme dy’t de spanning allinnich mar opfierde. Oft it dêrmei fan dwaan hie, dat wit ik net, feit is dat de fjirtjin foarsjoene foarstellings al twa oeren nei it begjin fan ‘e foarferkeep ta it lêste plak útferkocht wiene.

Jo resinsint wol de lêzer net langer yn spanning litte: Frouke Oerdwealskens is in grutmachtich, ja sels in oerweldigjend feest, in barren dat in ûnferjitlike yndruk makket op ‘e besikers. En ek, sa die bliken ûnder de foarstelling, op ‘e útfierenden sels. It wie nammers de tredde of fjirde kear (wy wiene net op ‘e hichte fan de tariedings) dat de ferskate groepen it wurk in syn gehiel te hearren en te sjen krigen. Dit gearwurkingsprojekt fan de profesjonele Fryske muzyk- en muzyk-teaterynstellings dy’t fan no ôf yn it nije kompleks harren thús fine (it Frysk Orkest, de Fryske Opera -inkl. koar en ballet, de Cappella Leovardia en de dêroan ferbûne profesjonele opliedingsôfdielings: it gewestlik konservatoarium, de akademy foar byldzjende en audio/fideokunsten en de dûns- en balletakademy) hiene oant oardelwike ferlyn harren tariedende wurk separaat dien.

Earst fan ôfrûne woansdei ôf wiene de groepen byinoar om ûnder lieding fan ‘e ferneamde Finske gastdirigint Jukka-Pekka Salonen* yntegraal te repetearjen, wêrby’t eltse repetysje om sa te sizzen in generale wie. Sûnder ús te bûten gean te wollen oan oerdreaune al te emosjonele lofúteringen: it docht bliken dat Frouke Oerdwealskens in yn alle dingen oer en oer útsûnderlik ferrikende ûnderfining is foar in eltsenien dy’t yn ‘e seal siet en al likegoed foar dyjingen dy’t it gehiel troch harren dielname mûglik makken. Benammen om’t eltse útfierende it allerbêste fan har en syn kinnen joech -en dat wie fan it boppenste boardsje!- haw ik besletten gjin nammen te neammen fan de solisten, noch fan de spilers, noch út it koar, it orkest of út it corps de ballet, om’t dat de oprjochtens fan it oardiel geweld oandwaan soe en skeanlûke.

Wat yn ‘e ôfrûne moannen, troch ús as bûtensteanders yn spannende stiltme en ferwachting belibbe, yn ‘e repetysjeromten ferwêzentlike en úteinlik mei dizze premjêre bekroand wurde, kin meunsterje mei de alderbêste foarstellings yn ‘e meast ferneamde teaters fan ‘e wrâld. Eat om grutsk op te wêzen! Iennichste minpuntsje, de reden dat by dizze resinsje gjin fiif, mar fjouwer stjerren steane, hat net mei it wurk as sadanich of de útfiering dêrfan te krijen. It wie it premjêrepublyk dat de withoefolle bûtenlânske besikers in ferhearde, ja, somtiden sels in skrokken reaksje ûntlokke.

Lykas gauris yn it Amsterdamske Concertgebouw bart en by de Prinsegrêftkonserten waard der tusken de ferskate dielen en ûnder stille en ferstille passaazjes faak hoaste, rachele, himd en brimd, prûst en mei programmaboekjes rissele. Jo hearden sels hoe’t noazen snuten waarden en bonbons ut papieren pûdsjes knetteren, sadat alles stikken skuord waard. Soene dy rûchhouwers net foar it ferstân hawwe dat stiltme ek muzyk is, faaks sels wol de aldermoaiste (neat is sterker as de stiltme)? Wat dat oanbelanget kin men hjir noch wat leare fan ‘e lannen om ús hinne. Yn ‘e trein yn Swol wie it wekker wurden in oplazerus, in nachtmerje.

N.B. Foar de goede oarder: wat Tryater oanbelanget sil der yn it earstoan neat feroarje. It selskip, tegearre mei de dêroan ferbûne toaniel- en mime-akademy, bliuwt op eigen hiem en sil syn foarstellings spylje yn ‘e hiele provinsje sa’t it oant no ta docht. It leit lykwols yn ‘e ferwachtings dat Tryater regelmjittich útnoege wurde sil om diel út te meitsjen fan it team dat gruttere foarstellings tariedet en produsearret dy’t mear op tekst basearre binne as op muzyk. Dêroer letter mear.

 

* Fia in bekende boarne dy’t net neamd wurde wol hearden wy dat yn earste ynstânsje Lawrence Benoîst útnoege waard as dirigint op te treden – hy is nammers berne op Malta en soe dêrmei in skoandere akkolade foarme ha mei dy oare Kulturele Jeropeeske Haadstêd. Benoîst miende lykwols “om him movearjende redens” de útnoeging ôfslaan te moatten. As hy it resultaat fan ôfrûne sneon sjoen en hearre kind hie, soe der him wis foar de holle slein hawwe en, wylst er yn ‘e spegel seach, sjoen ha hoe’t spyt der útsjocht.

* Algemiene ynformaasje: dizze produksje, dy’t ta stân kaam as in koproduksje mei de operahuzen fan Aarhus, Tallinn, Malta en Rouen en dêr ek letter dit jier en in 2019 opfierd wurde sil yn ‘e taal fan it oanbelangjende lân, waard fanwege de NPO/NTR (radio sawol as telefysje) oan ‘e EBU oanbean foar ynternasjonale útstjoering. Oant hjoed ta hawwe 17 lannen harren ynskreaun om de foarstelling yn útsteld relais út te stjoeren. Oft Radio 4 of ien fan ‘e Nederlânske tv-stjoeders ta dy lannen heart is ús op dit stuit noch net bekend.

 

Muzykteaterfoarstelling  Frouke Oerdwealskens ****

Libretto: Brenda van Hoogkarspel nei teksten fan Fedde Schurer en Obe Postma

Muzyk: Dedde Duymaer van Twisk

Rezjy: Naomi Straatsma

Dirigint: Jukka-Pekka Salonen

Choreografy: Sviatoslav Suleymanov

Koardirigint: Gosse Struiksma

Utfierenden: soli, Cappella Leovardia en Frysk Operakoar, Frysk Orkest, dûnsers fan it Fryske Ballet

Sjoen/heard: sneon, 16 juny

Wêr: nije Opera- en Dûnsteater yn it Paulus Folkertsmapark (offisjele ynwijing fan it gebou en wrâldpremjêre)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.