Wat is foar jo in ikoan?

De Fryske haadstêd wol foar ien miljoen euro in ikoanysk byld bouwe litte. It moat in unyk werkenningspunt foar Fryslân en Ljouwert wurde. It byld sil in plakje krije moatte oan de Heak om Ljouwert en moat uterlik yn 2017 klear wêze om der yn 2018 mei te pronkjen.

de Moanne is benijd wat foar jo in ikoan is. Foar Fryslân of yn bredere sin. Stjoer jo reaksje fan maksimaal 200 wurden nei: reaksje@demoanne.nl. De meast ikoanyske reaksjes binne de kommende wiken werom te lêzen op ús webside www.demoanne.nl.

 

 

Comments
Ien reaksje oan “Wat is foar jo in ikoan?”
  1. Arjan Hut schreef:

    It Wicker Hoarse / The Wicker Horse. Moai idee!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.