Walhalla – oer it Frysk en social media

JAN FOLKERTS –

Yn it jannewarisnûmer fan de Moanne skreau ik in artikel oer sosjale media yn ús provinsje en hoe’t it brûken fan Twitter, Facebook en oare sosjale media in ferriking en net in bedriging foar Fryslan foarmet.  Der is lykwols ien aspekt dat oant no ta net in protte omtinken hân hat: de ynfloed fan de sosjale media op ús taal. De sojale media foarmje ommers in eigen kommunikaasjedomein dat foar it Frysk wolris minder goed beteare kinne soe.  De krêft fan sosjale media is minsken fan tichtby en fier fuort tichter by elkoar bringe. By de ramp yn Japan koest net allinnich de Ingelsktalige Japanske televyzje folgje fia de smartphone, mar ek de tweets út it rampgebiet sels, foar safier yn it Ingelsk. En ek binne der al applikaasjes op de merk dy’t tweets út oare talen fuortdaliks oersette. Sterker noch: allinnich foar de iPhone binne der al mear as tsien en de oare platfoarms sille grif net achterbliuwe wolle. En sa kaam Japan foar de brûkers fan sosjale media noch folle tichterby as fia allinnich de televyzje mooglik wie.

Sûnder dy fertaalapplikaasjes komt it mei it Frysk yn de sosjale media net goed. Want wat dochst, as de grutte mearderheid fan dyn folgers of kontakten út net-Frysktaligen bestiet? Dochs mar gewoan yn it Frysk skriuwe? Dat komt dochs wat op itselde del as yn in ynternationaal reisselskip Frysk prate wolle. Dat dochst net, en sa sjogge wy dus in soad Frysktaligen op twitter en oare sosjale media oerskeakelje op it Nederlânsk of op it Ingelsk.  Ik hear der sels ek by.  Hieltyd faker betraapje ik my der op dat ik it Frysk op twitter allinnich bruk yn rjochtstreeks kontakt mei oare Frysktaligen. Alle ‘algemiene boadskippen’ binne yn it Nederlânsk. Neigeraden de sosjale media populêrder wurde by in hieltyd grutter part fan de befolking liket my dizze ûntjouwing in reëele bedriging foar it Frysk.

It is yn it foarste plak in praktysk probleem. Mei oare wurden: der is wat oan te dwaan. De applikaasje Twinslator (fergees) bygelyks set tweets oer nei 40 talen. De brûker kin sels kieze oft hy it orizjiniel plus de oersetting op twitter set of allinnich de oersetting.

Op deselde wize soene Fryske tweets direkt ek mei in oersetting ferstjoerd wurde kinne yn  alle talen dy’t wy mar wolle.  En oarsom kinne wy dan de tweets ut Japan rjochtstreeks yn it Frysk lêze. It liket my in moaie put foar de Fryske Akademy om dit taalkundich walhalla sa hurd mooglik tichter by te bringen. Of ha se soks yn stilte al dien?

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.