Wachtsje op de dea

Publisearre op 11 maart 2014

HENK WOLF – 

Ein febrewaris wie ik mei in groep dosinten en studinten Frysk yn de East-Dútske dielsteat Brandenburch. Yn it suden dêrfan wurdt fanâlds de minderheidstaal Nedersorbysk praat. Der binne noch sa’n fiiftûzen sprekkers en dy binne hast allegear boppe de sechstich.

Yn it ûnderwiis wurdt fan alles dien om de kennis fan it Nedersorbysk yn stân te hâlden. Der binne sels skoallen dêr’t alle fakken yn de útstjerrende taal jûn wurde, mei learkrêften dy’t him sels net altyd goed prate.

Dy learkrêften prate net de dialekten fan de âlde minsken dy’t mei it Nedersorbysk grut wurden binne, mar in standerdisearre taal, dy’t frij sterk fan de omgongstaal ferskilt. Dat makket dat in protte bern har fersette tsjin it Nedersorbysk, want de wurden dy’t de ûnderwizer oanbiedt “brûkt pake ek net”, sa krigen wy te hearren. Doch is der in sterke streaming ûnder ûnderwizers om it dialekt út ‘e klasse wei te hâlden en it Nedersorbysk ‘mear oansjen’ te jaan troch it noch fierder te standerdisearjen.

In tige entûsjaste ûnderwiisbegelieder seach wol hoop foar it Nedersorbysk. It ferset tsjin de skoaltaal soe wol ferdwine. Oer in pear desennia soe de taal in nije kâns krije. Dan wienen de lêste memmetaalpraters nammentlik dea.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels