Wa moat de Gysbert hawwe? (4)

Hjoed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. De ôfrûne dagen alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online en hjoed it lêste diel.

 

KLAAS VAN DER HOEK – 

Ik haw de dream yn en de skyn
It oeuvre fan Tsjêbbe Hettinga (1949-2013), ûntstien oer in tiidrek fan fjouwer desennia, hat gâns ûntjouwing trochmakke. De start leit yn in suver griis ferline: syn debút Yn dit lân stamt út 1973. In omslach, tematysk en fral yn foarm en toan, wie de bondel Under seefûgels / De kust, útkaam yn 1992, nei in perioade fan alve jier wêryn’t gjin bondels ferskynden. Sûnttiid hat Hettinga mei bondels, oersettings, foardrachten en cd’s yn Fryslân en fier dêrbûten namme makke. Ek syn lêste bondel, Equinox, hat de wei nei in net-Frysktalich publyk fûn: foarich jier ferskynde in oersetting troch Benno Barnard ûnder de titel Evening.

Equinox is in bondel oer wrâlden dy’t bûten it eachweid lizze: de eigen bernejierren, ferdwûn achter de kym fan it ferline, en it lân fan herkomst fan de migrant, ferdwûn achter de kym fan de oseaan. Beide wrâlden wurde yn de laden taal fan Hettinga optild en ferheft ta mythos. Dy taal wjerspegelet literêre tradysjes fan ieuwen en jout tagelyk stal oan in persoanlik symboalestelsel, gebrûkmeitsjend fan in fracht oan metafoaren en retoaryske middels. It is de dichter dy’t mei syn taalmacht dat wat troch tiid en ôfstân bûten berik rekke is, wer gearbringe kin binnen it domein fan de poëzy.

Yn it programmatyske gedicht ‘De skûte’ – ien lange Homearyske opsomming – fergeliket de dichter himsels mei in boat dy’t myten meifiert. De boat is suver te lyts:

 

Ik haw de smoar yn en it ferjit; ik haw de dream yn

En de skyn, de fjurrigens en de sintels, de wierheid

Fan it wierjend neat; alles haw ik yn dat fan in oar

Is: de moanne en de stjerren, de meteoaren en

De planeten, de swarte gatten en de sûging fan

It mystearje, te grut foar it rom fan ’e skûte […]

 

It wie in hege taakopfetting dy’t dizze dichter der op nei hold.

De krêft fan de poëzy fan Hettinga leit foar in wichtich part yn de betsjoening dy’t bygelyks fan de krekt sitearre rigels útgiet. Mar op papier wurket syn poëzy justjes oars as wannear’t dy foardroegen wurdt. De magy fan de foardracht giet op papier ferlern as de tekst, sa swart op wyt, ynienen forsearre konstruksje sjen lit, en guon gedichten yn Equinox hawwe dêr fan te lijen. Se befetsje in surplus oan adjektiven, al te betochte nijfoarmingen, wrongen syntaksis en twangmjittige lettergrepetellerij. Fierders fertoant de bondel net de measte gearhing: it is de rispinge út in grut tal jierren, ynklusyf gelegenheidswurk.

 

 

Wolst noch wat freegje, noch wat roppe
Harmen Wind (1945-2010) hat de koart nei syn ferstjerren ferskynde bondel Heechtiid sûnder mis gearstald yn it besef dat er ûngenêslik siik wie. En al binne twa gedichten oanwiisber fan folle earder, foar in grut part fan de gedichten jildt grif dat se skreaun binne mei de rêch tsjin de muorre. De titels fan beide skiften dy’t de bondel telt, sprekke dúdlike taal: ‘De geande man’ en ‘It lêste etmiel’.

Ek de gedichten sels, benammen dy yn it twadde skift, fermoaikje neat: it binne heldere fersen dy’t it needlot ûnder eagen sjogge. ‘It lêste etmiel’ bestiet út twa dozyn registraasjes, ien op elk heel oere, fan wat foarfalt op in dei út it libben fan immen dy’t foar de dea opskreaun is. De ik-figuer ûndergiet de dingen suver stoisynsk, synysk hast: ‘Do krijst dyn ein in kear. Nim no in / hertstilstân: men fielt de pine, falt – en klear.’ Dit is it tsjinstelde fan de wurdpielderij dy’t Wind mei fyn ynleine irony beskriuwt yn ‘Sneinsdichter’; dit is dichtsjen mei de dea op ’e hakken.

Yn it earste skift komme benammen de fanâlds fertroude tema’s – God, de heit, it Wurd, de tiid, slytskens yn it deistich bestean, it foarbygean – oan bod, de tema’s dus dy’t Wind hieltyd wer sûnt syn earste, yn 1985 ferskynde bondel Ut ein by de kop pakt hat. Wat yn Heechtiid lykwols alhiel ûntbrekt, is de wurgens dy’t yn guon eardere bondels as in griis flues oer de siden lei. Heechtiid dêrfoaroer docht ferslach fan in noch net earder meimakke barren en docht dat mei urginsje. Yn it lêste gedicht transformearret ‘heechtiid’ ommers ta ‘de heechste tiid’:

 

De heechste tiid, noch giet de rêst

net iepen. Dy’t op dy past, hat

yn har hân dyn hert. Sy skoot

dy hoeden yn ’e ribbekast.

 

Wolst noch wat freegje, noch wat

roppe. Hearst dêr ien flokken yn ’e

fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De

stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken?

 

It dichterskip fan Wind, dellein yn tsien Frysk- en sân Hollânsktalige bondels, hat yn Heechtiid in einpunt en in bewuste ôfrûning krigen. Dryst eksperimint en felle ekspresje ûntbrekke yn dizze bondel sa goed as yn it hiele oeuvre, dat lykwols fan begjin oant ein nêst fêste tema’s in formidabele, subtile taalfeardigens sjen lit, dêr’t de nuânses fan emoasje namste ynkringender yn útkomme. Wind wie in besiele ambachtsman yn Doesburch, gjin sweeslaand poëet op de Parnas. Likegoed tsjûget Heechtiid fan in ûngewoan grutte dichterlike moed.

 

En de Gysbert giet nei…
Nee, literatuer is gjin wedstriid, mar de Gysbert Japicxpriis is dat wilens al. Yn de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal stiet op it momint fan skriuwen Jacobus Smink royaal oan kop mei 57 prosint fan de útbrochte stimmen, folge troch Eppie Dam mei 15 prosint en Eeltsje Hettinga mei 13 prosint. De oare nominearren komme net boppe de 8 prosint út. Der is 87 kear stimd.

Myn eigen top trije sjocht der wat oars út: Harmen Wind stiet op ien, Eppie Dam op twa en Jacobus Smink op trije. Alle trije wienen dy al as dichter warber lang foardat de earderneamde ‘renêssânse fan de Fryske poëzy’ ynsette. Ik hâld it der mar op dat myn listje mear oer my seit as oer de troch my útferkarde bondels of dy renêssânse. En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal…

Hawar, it wurd is no oan de advyskommisje en dan oan de provinsje. Hawwe dy ienris sprutsen, dan past it de goegemeente en applaudissearje ynstimmend.

 

Klaas van der Hoek lêst yn syn frije tiid gedichten. Sjoch: www.konsenylje.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.