Wa moat de Gysbert hawwe? (1)

No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin fan hjoed ôf oan alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Hjir diel ien.

 

KLAAS VAN DER HOEK – 

Der binne fan dy dingen yn it libben dy’t je net winne of fertsjinje, mar krije: leafde, in bern, sûnens, in lintsje. Neffens Eeltsje Hettinga heart de Gysbert Japicxpriis dêr ek by, en hy hat fansels gelyk. Literatuer is gjin wedstriid en de kwaliteit fan literatuer lit him net byhâlde op in skoareboerd.

Mar de Gysbert Japicxpriis wurdt wol mear en mear in wedstriid, yn neifolging fan literêre prizen bûten Fryslân. Dat hat alles te krijen mei de winsk fan de provinsje en út it fjild dat de priistakenning mear omtinken krijt, want dat hyt literatuer- en lêsbefoarderjend te wêzen. De taak om oandacht te generearjen is by Tresoar dellein. Dat hat laat ta twa kompetysjeferheegjende eleminten: in shortlist en in oersetwedstriid. Ek de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal, dy’t (foarriedige) winners én ferliezers sjen lit yn in persintueel sekuere rangoarder, ferheget nammers it wedstriidkarakter.

Dat jildt miskien likegoed foar dit artikel, bin ’k bang. Tresoar hat my frege om op papier te setten hokker bondel op de shortlist neffens my de priis hawwe moat, en wêrom. Dat is in moaie put, fanwegen de hege kwaliteit fan de nominearre poëzy. It wurdt in kar út weelde. Mar it bliuwt in kar yn it foardiel fan de ien en dus yn it neidiel fan de oar, wylst nimmen fan de nominearre skriuwers út eigen beweging meidocht oan de marmotterace dy’t de Gysbert Japicxpriis no is. It wurdt harren mar oandien. Literatuer is in hurd bedriuw.

Foar de Gysbert Japicxpriis 2013, ornearre foar in dichtbondel ferskynd tusken 2009 en 2012, kamen neffens in troch Tresoar opstelde groslist krapoan fyftich útjeften yn de beneaming. Fan dy fyftich hat de advyskommisje, besteande út Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post, der sân op in shortlist set. Twa binne fan dichters dy’t koartlyn ferstoarn binne: Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind. Ek binne der twa by fan dichters dy’t de priis al ris earder krigen hawwe: Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries.

Beide omstannichheden foarmje reglemintêr gjin útslutingsgrûn, mar mochten de kommisjeleden it nedich fine en weach dy omstannichheden mei, dan binne se net de iennichsten: foar Josse de Haan wie it reden de trije neamde dichters net as serieuze kandidaten te beskôgjen, sa liet er op it weblog fan Abe de Vries witte. Dat is wol nei te fielen. In priisútrikking sûnder liiflik oanwêzige laureaat is as in brulloft sûnder breid. En yn koarte tiid twaris deselde persoan lauwerje giet nochal demonstratyf foarby oan de loflikens fan oare kânshawwers.

It binne pragmatyske oerwagings, dy’t bewust of healbewust ynfloed hawwe kinne op de takenning fan de priis. Dat jildt ek foar de sneue konstatearrings dat guon tige fertsjinstlike skriuwers hieltyd wer foarbyparte wurde en dat froulju yn it prizesirkus oan krapperein komme. Sokke oerwagings soe men lykwols op ôfstân hâlde moatte. Sjenre en it jier fan ferskinen binne de iennichste kritearia foar pleatsing op de groslist en literêre kwaliteit soe it iennichste kritearium wêze moatte foar pleatsing op de shortlist en foar takenning. Al it oare is polityk.

By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2005 oan Abe de Vries waard rept fan in renêssânse yn de Fryske poëzy. Dy renêssânse, om 2000 hinne ynset, liket noch hieltyd net ôfrûn te wêzen. Dêr moat al by oantekene wurde dat guon dichters dy’t no de bloei fan de Fryske poëzy meibepale al fier dêrfoar oan harren oeuvre bouden. De suggestje as hie de Fryske poëzy foarôfgeand oan de milenniumwiksel noch yn tsjustere midsieuwen omtaast, is in ferkeardenien.

Ek kin men net úthâlde dat de Fryske poëzy in oerhearskjend paradigma sjen lit. Klykfoarming en kreauwerij binne der genôch, mar literêre streamingen, nee. Eidet men de shortlist oer op syk nei oerienkomsten, dan rinne de biografyske it meast yn it each: seis fan de sân kandidaten binne berne tusken 1945 en 1955, seis fan de sân binne manlju en seis fan de sân hawwe foar langere of koartere tiid yn it ûnderwiis sitten of binne dêr alteast foar oplaat.

Sa net, der binne tematyske tendinzen oan te wizen yn de nominearre bondels sels. Dy fungearje opfallend faak as partikuliere lieux de mémoire. Poëzy wurdt ynset om dat wat west hat of driget te ferdwinen foar ferjitnis te behoedzjen: jeugdherinneringen, de eigen biotoop, ferstoarne dierberen (benammen de deade heit is in nochal oanwêzige figuer). Dat smyt spitigernôch wolris retrogedichten op, dy’t net folle mear as in mankelike neitins biede. Mar faker is dêr in poëtikale ynfalshoeke mei anneks: is taal wol foldwaande tarist foar it fêsthâlden fan wat feroaret, ferflechtiget of fergiet? It is dat twadde tema dat it earste behoedzje kin foar neatsizzende nostalgy.

Mar eigenheid is wat de sân bondels it dúdlikst mien hawwe en wat harren tagelyk fan inoar ûnderskiedt. Ik rin se ien foar ien bylâns.

 

 

Sprieken wy net, wy waarden teneate
Sprankeskyn fan Abe de Vries (1965) is in syktocht nei it paad dat de dichter weifiert fan it ‘inerlik doarmjen’, en dat paad is ‘it spoar werom’. It liedt nei it lân fan herkomst, nei it oerlevere ferhaal en nei de joadsk-kristlike tradysje. It earste makket fan Sprankeskyn in lytse topografy fan de kuststreek lâns it Fryske Waad. Dat motyf is net nij binnen it oeuvre fan De Vries; syn selstypearring as ‘weromkommer / yn in lân dêr’t ik de fjildnammen fan ken’ is in echo fan de titel fan syn debút In weromkommer yn it ûnlân út 2002.

Nij is al it weromgripen op en hâldfêst sykjen yn joadske symboalen en wêr’t dy foar stean, ek al is de dichter ‘net leauwich fan hûs út’. It wurdt him lykwols oandroegen, troch in wize frou. Dat spoar werom bringt him ticht by Eden, dêr’t de fjouwer rivieren ûntspringe dy’t harren nammen oan de skiften fan de bondel jûn hawwe. In fyfde âldtestamintyske rivier wêrby’t de dichter himsels weromfynt, is de Jabbok, hjir situearre yn it Fryske terpelân. Foar de heidenen ûnder de lêzers: by de Jabbok focht aartsfader Jakob mei (in boadskipper fan) God.

It talige part fan Sprankeskyn is net in bytsje nijsgjirrich. De gedichten binne ryk oan ideeën, referinsjes en assosjaasjes, se biede foarmferskaat en glânzjend idioom. Want taal bringt heil: ‘Jou my riedsels op yn in taal / om mei tongen te ûntsiferjen / en wij swije de wrâld nij.’ Dat is moai, en de folgjende strofe is dat net minder:

 

Sprieken wy net, wy waarden teneate.

De profeten soene gelyk krije, dy’t riedlingen

sprekke oer de leafde. As wie sy wat oars

as op dyn útrop it kommen: sy is in gjalp nei dy.

 

Mar spitigernôch befettet Sprankeskyn ek in byldzjend part. Dat bestiet út achttjin foto’s, makke troch de dichter sels. Op de searje dy’t de ferserige ‘Sân sakreminten’ begeliedt, sjogge wy in frommes sûnder klean oan troch de tsjerke fan Hantumhuzen krûpen en mei in ganoekia meneuveljen. In oare kwalifikaasje as relykitsch wol my net te binnen sjitte. En dan de searje mei opnij in neaken frommes, diskear mei read- en swartlakte neilen, dy’t de wytmoarmeren bylden yn de Pier Pander Timpel bepoatelet: lege patetyk. Ynhâldlik neutraler mar konseptueel earmoedich binne de foto’s mei lange slutertiid by nacht – sjoch ris wat in moaie ljochtspoaren!

Benammen de eksaltearre foto’s fan de earste beide searjes biede net in kontekst dy’t de gedichten better útkomme lit, earder oarsom: de foto’s meitsje dat je fan de weromstuit ek de gedichten mei in skalk each besjogge. Is in fers mei ‘sielspaden’ deryn eins net wat bombastysk? En pakt it kenlik serieus bedoelde fers ‘Roas fan myn hert’ winliken net drakerich út?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.