fotografy: Jacob van Essen

Wa en wat lit ik sjen?

TSEAD BRUINJA –  

Atst Renger yn in pear rigels útlizze moatst, wat seist dan?
It hinget derfan ôf wa’t it freget. At in Fries it witte wol, sis ik dat it giet oer ús heit, dy’t boufakker wie yn ’e Wâlden, in man dy’t oanlutsen waard troch minsken dy’t frij yn it libben stiene en in hekel hie oan moaipraters. At in Amsterdammer my freget nei dit boek, begjin ik by de Rengerfiguer. Dan fertel ik dat dy liket op Borgman, dy figuer út ‘e film fan Alex van Warmerdam. Foar my giet it boek oer it frjemde dat dy samar oerkomme kin.

Kinst wat mear fertelle oer de achtergrûn fan de personaazjes?
De heit is foar de oarloch berne en foar in grut part basearre op ús eigen heit. Dy hie de krisis fan foar de oarloch noch meimakke. Hy wie sunich en wantrouwich. De haadfiguer komt foar in grut oerien mei mysels. Hy is in skriuwer dy’t út Grins wei nei Amsterdam ferhuzet, neidat syn heit en mem ferstoarn binne. Hy hat him foarnaam om himsels kennen te learen.

 

Der stiet yn it boek “Elk mens wil vroeger of later het verhaal van zijn leven vertellen, verantwoorden hoe en waarom en hoe hij tot zijn beslissingen is gekomen.” Dat is wat ik oproppe wol. Dat de minsken har ôffreegje: wat is myn ferhaal eins en wat lit ik dêrfan sjen. En foaral ek: wat net.

 

Eins draait it ferhaal om de ik, syn heit en dan miskien noch Renger. Mar oer Renger komme we net folle te witten.
Hy is fral in katalysator, dy’t de saak op gong helpt en dy’t de haadfiguer tinke lit oan it ferline. Renger wie de ynspiraasjeboarne foar it begjin fan it boek. Ein 2007 krige ik it idee om te ferhúzjen nei Amsterdam. Ik gie dêr in moanne yn in hûs sitten om te sjen oft it wat foar my wie. Ik betocht dêr dat it boek begjinne moast mei dat ik weromkaam fan in fakânsje en op Schiphol in wûnderlik figuer tsjinkaam.

Ernst Bruinsma frege him op de radio ôf oft Renger net in alter ego is fan de ik of de heit.
Dat hear ik faker. Ik ha dat der ek mei opsetsin ynlein. Ik hâld derfan ast in boek op ferskillende manieren lêze kinst. De ik seit op in stuit oer him: “Het was alsof ik naar mezelf keek”. Yn de prolooch, noch foardat we Renger moetsje, heart de haadpersoan syn heit praten yn ‘e skuorre. At er útsykje wol mei wa’t syn heit yn konklaaf is, sjocht er net ien. De heit en de ik lykje beide mei ûnsichtbere demoanen te wrakseljen, lykas yn de film ‘A beautiful mind’ wêryn’t in wiskundich sjeny oarders mient te krijen fan in geheim agint.

‘A beautiful mind’ is makke troch Ron Howard. Op de achterflap fan Renger wurdt ferwiisd nei in oare regisseur: ‘David Lynch in de Friese Wouden’. Wat lûkt dy oan yn syn films?
Yn syn wurk kin op elts momint wat frjemds foarfalle. Der kin ynienen in motor hiel hurd ynkomme of ien begjint út it neat wei te razen. Miskien is myn foarleafde foar Lynch yn ferbân te bringen mei it ûnfoarspelbere karakter fan ús heit. Dy koe samar opspringe. Yn de films fan Lynch sit lykas yn myn romans ek in sterke natuerbelibbing. Fierders hâld ik fan de plattelânshumor en de nuvere personaazjes fan Lynch. De Wâlden lizze wat dat oangiet net sa fier ôf fan provinsjaal Amearika.

Minsken lykje by it lêzen fan dit boek fral op it heitepart te reagearjen. It Rengerpart litte se faak lizze. Hokker part is belangriker foar dy?
By it skriuwen kamen earst Renger en it frjemde. Dat diel oer de heit kaam dêrnei en waard al gau grutter. It wie in soarte fan koekoeksjong. Letter woe ik it boek beheine ta de heit, mar dan soe it allinnich mar de oerflakte rekke ha. It hie goed west, mar der hie ek wat mist. Dat der gewoan dingen binne dy’t net beneamd wurde kinne.

It boek is opdield yn haadstikken dy’t harren yn it ferline of yn it no ôfspylje. Dy earste joechst in nûmer en it ikoan mei fan de auto op de foarkant. De oaren krigen in titel. Wêrom ha net alle haadstikken in titel?
It boek is skreaun fanút it byld fan ien dy’t de film fan syn ferline besjocht. Dat ûnderskied yn de haadstikken ha ik oanbrocht foar de lêsberens. De nûmers pasten ek by de wat ôfstanliker ‘hardboiled’ detektivesfear dy’t ik foar eagen hie, mei ynspirearre troch it wurk fan Paul Auster. De haadstikken oer de heit binne smeuïger en dêr sitte dus ek titels by.

 

Renger is in grut boek, omdat it alles yn him hat wat ik oant no ta dien ha. The Amp sit deryn, myn freonskip mei Meindert, alle tema’s út myn eardere wurk en de kwinkslaggen út de proazagedichten.

 

Wat him yn it ferline ôfspilet hast yn de notiid skreaun en it oare yn de doetiid. Dat liket net logysk.
Dy doetiid past better by dy ‘dirty’ detektivesfear. Earst brûkte ik de doetiid ek yn it stik oer it ferline, mar dêrtroch bleau ik op ôfstân. Om it sa tichtby mooglik te bringen ha ik dy oantinkens yn de notiid skreaun.

Wêr moat in goeie roman foar dy oan foldwaan? Moat dy it echte libben besykje te befetsjen?
Ik wie lang grut fan fan de boeken fan de earder neamde Paul Auster, mar knapte der letter op ôf. It bleau tefolle dat detektiveferhaal. Ik miste syn eigen skiednis. In goed boek is foar my in kombinaasje fan de ferwurking fan it libben fan de skriuwer en it literêre spul datst as skriuwer mei de lêzer spilest. In spul allinnich betsjut neat. It kin pas echt oankomme as it te krijen hat mei de ynhâld.

It duorre seis jier foardat dit boek ôf wie. Wêr siet de measte tiid yn? Hoe skriuwsto?
Nei dy moanne yn Amsterdam skreau ik by in freon yn Malawy yn trije moanne de earste ferzje. Myn meilêzers blieken yn dy 150 siden hâldfêst te missen, wylst foar my alles wol dúdlik wie. Dêrnei ha ik it boek útwreide. Ik liet it oan oare freonen lêze, dy’t oanjoegen wêr’t se de tried ferlearen. Dy brekpunten reparearde ik. It duorre lang foardat it boek Renger like helder wie as myn idee deroer.

Wêr hast it boek skreaun?
Yn Amsterdam-Oost yn it âlde kantoar fan de Volkskrant, frij tichtby dêr’t ik wenje. Ik ha dêr gjin ynternet en dus gjin ôflieding. Achter yn dat gebou, dêr’t earder de parsen stiene, ha ik in lyts kantoarke.

Watfoar plak nimt dit boek yn dyn oeuvre yn?
Dit is myn grutste en belangrykste wurk, mei de bondel proazagedichten Motorman. Dêr krige ik in soad optredens mei. Ik hie yn dy tiid al hiel lang net as mysels op it poadium stien. Yn myn earste band The Amp wie ik de sjonger, mar dêrnei stie ik fral op it poadium as gitarist en drummer yn tsjinst fan it ferhaal fan Meindert Talma. Mei Motorman stie ik foar it earst wer mei myn eigen stim en tekst foar publyk. Renger is in grut boek, omdat it alles yn him hat wat ik oant no ta dien ha. The Amp sit deryn, myn freonskip mei Meindert, alle tema’s út myn eardere wurk en de kwinkslaggen út de proazagedichten.

Yn in petear by de VPRO seist datst net sa’n prater bist en dat dyn Amsterdamske skoanâlden troch dit boek te lêzen dingen te witten kamen dy’tst harren noait ferteld hiest. Begjinne minsken troch dit boek mear te freegjen nei dyn ferline?
Ik kaam in jonge tsjin dy’t ek yn it Volkshotel wurket. Dy sei dat er my no folle better pleatse koe. Dat is eins ek it praktyske doel fan Renger. Dit boek is in hândruk.

Do hast in ferlegen kant, mar by dyn optreden op Poetry International wiest it publyk echt oan it útdaagjen.
Dy hiele útdaagjende performance kin net by de proazagedichten, omdat dy hiel krekt ’timed’ binne. Ik fernim, wannear’t ik út Renger foarlês, dat ik mear yn de flow komme kin. Ik fiel as performer dan mear frijheid. Ik kom dan tichter by myn rol yn The Amp.

Hat dyn stúdzje Skiednis ynfloed hân?
Ik siet yn de skiednisfilosofyhoeke. Soest hast sizze kinne dat it postmodernisme, dêr’t ik doe tige yn ynteressearre wie, in negative ynfloed op my hân hat. Dat bestean fan ferskillende wierheden wie in konstruksje dy’t my lang finzen hold. It bea in ferklearring foar in wrâld dy’t ik net goed begriep, mar ik relativearde dêrtroch ek alles stikken. Ik bleau tefolle op ôfstân.

Wat hiene jim heit en mem fan dit boek tocht? Waard der in soad lêzen by jim?
Us mem wie hiel grutsk op Rezineknyn. Sy wie echt in lêzer. Us heit wie dat ek wol, mar dy wie dochs mear op de skiednis en de feiten rjochte. Us mem hie har miskien ôffrege oft alles oer ús famylje der wol yn moatten hie. Us heit syn reaksje kin ik net maklik ynskatte. Ik miende altyd dat er neat fan literatuer ha moast. Doe fernaam ik dat er Gerard Reve fantastysk fûn, benammen syn optreden yn de Heilig Hartkerk. De heit yn it boek giet ek in kear aardich los yn de tsjerke.

De ik yn Renger wol iepener wêze en himsels kennen leare. Hasto dysels kennen leard of hat de wrâld Nyk de Vries kennen leard troch dit boek?
Der stiet yn it boek “Elk mens wil vroeger of later het verhaal van zijn leven vertellen, verantwoorden hoe en waarom en hoe hij tot zijn beslissingen is gekomen.” Dat is wat ik oproppe wol. Dat de minsken har ôffreegje: wat is myn ferhaal eins en wat lit ik dêrfan sjen. En foaral ek: wat net.

 

 

De Fryske edysje fan ‘Renger’ komt ein oktober dit jier út by Utjouwerij Afûk. Dit ynterview is earder ferskynd yn de Moanne 15 (2016), 1 (jannewaris), side 22-25.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.