Ga altijd voor een getrouwde man

Publisearre op 20 maart 2014

ELSKE SCHOTANUS – 

It is in moaie simmerjûn en do sitst op it Saailân oan in lange tafel yn it selsskip fan in goede freon. Foar dy it Fries Museum, altyd ûnderwerp foar diskusje en mei in heal ear harkest nei it rûzemûzjen om dy hinne. Guon minsken sykje noch om in plakje, in âldere frou jout har neist dy del, foar dy oer sit in slungelich lange, noch jonge fint. Leuk typ, tinkst. Minsken observearje, it gedoch, in foarstelling op himsels. As alle tafels sa’n bytsje beset binne is der ynienen in murmeljen, in sjongen fan sopranen: ‘De stad in het hart van de zomer…’ Guon minsken yn it publyk komme oerein, achter dy falt in bas yn, in rilling giet dy oer de rêch. Mar it it gjin simmer en der binne gjin tafels en do sitst net op it Saailân. Nóch net…

It is noch mar begjin maart en yn de grutte seal fan it Tryatergebou repetearret it koar, ûnder lieding fan dirigint Tjalling Wijnstra, foar de strjitopera De iisfoarstin. Yn novimber en desimber waard sa’n bytsje om de fjirtjin dagen oefene, nei de jierwikseling alle wiken en fan april ôf, oant de útfieringen begjinne, twa, trije kear yn ’e wike wêrfan in tal kearen op lokaasje. Manlju, froulju, âld en jong as de beide famkes dy’t de oplieding d-Drive oan it Friesland College dogge en yn it skoft oer Frank Zappa prate.

De vrouwen zingen en dan lopen de mannen en die kiezen een plek en gaan dan op een stoel zitten en die gaat dan lopen…

Dizze repetysje, op in moandeitejûn, is oars as dy oant no. It is de earste spulrepetysje en dat hâldt yn dat net allinne Tjalling, mar ek Ira Judkovskaja derby is. Dizze moandei is sawiesa in mylpeal yn it trajekt nei de foarstelling ta, want dyselde deis hat de dekorproef west mei de iisfoarstin har ûnbidige sleep fan snie en iis dy’t, as sy op it toaniel ferskynt, fanôf it dak fan it museum dellitten wurdt.

De jûns hinget de sleep wer oan de soudering fan de toanielseal dêr’t foar de koarleden ferspraat yn de romte in santich stuollen stean, mei yn ’e midden Tjalling en in piano. Gjin koaropstelling mear. Ira jout oanwizings: ‘De vrouwen zingen en dan lopen de mannen en die kiezen een plek en gaan dan op een stoel zitten en die gaat dan lopen…’

‘Rabarber, rabarber, rabarber’, klinkt it en dan de iepening: ‘De stêd yn it hert fan de simmer’, mar hielendal goed giet it noch net. Want ‘wat doen de vrouwen dan?’, freget immen en Ira leit út. It rinnen en elkoars plak ynnimme twingt de sjongers ta beweging. ‘Kies nooit een vrijgezel, of in vrouwelijke termen, ga altijd voor een getrouwde man.’ Tjalling folt oan dat de sopranen om him de earmens wol wiid hâlde kinne en op ’e nij is dêr it rabarberjen, op ’e nij it ‘de stêd… yn it hert fan de simmer…’ en even letter falle mannestimmen te hearren dy’t in tsjuster ‘dom-dom-dom’ bromme. Ira blêdet yn de muzyk, tinkt nei, siket it momint wêrop’t de sjongers har deljaan moatte. ‘Dan gaan jullie zitten. Plof neer, alsof je van de hitte valt.’ Mar net tefolle hingje, want dan kinst net sjonge. De koarleden dogge sa’t sein wurdt, ploffe lykwols op it ferkearde momint del. Tjalling en Ira oerlizze en beslute: ’In de rust vallen.’ En dêr giet it wer, it koar hinget yn de stuollen en Tjalling wiist: ‘Er is die plof, maar wel dóórzingen, en fielen bliuwe hoe’t it sit mei dy strôt.’

Yn itselde iepeningsliet giet de simmer oer yn de winter en dan sitte de sjongers, de knibbels oplutsen, mar dêrby is it dan wer net de bedoeling dat sy de winter ferbyldzje troch de earms om de skouders te dwaan of te huverjen. ‘Dat is echt verboden’, beklammet Ira. En wer gean Tjalling syn hannen troch de loft. ‘Kijk naar Tjalling.’ No klinkt it ‘De stêd… yn it hert fan de winter’ op. In sopraan tichtby my huveret en laket om harsels. It is ommers ferbean om mei dyn lichem út te drukken dat it kâld is… Ira wiist: ‘Zij, die mevrouw daar, drukt een soort schrik uit.’ En dat meie om har wol mear dwaan.

It winterske part fan it liet einiget mei ‘woarst en spek’ en tidens de útfiering sille de sjongers mei de fûsten op ’e tafels slaan. It sil ek it momint wêze dat de raaf – de ferteller yn it ferhaal – opkomt. By it oefenjen – snerpjend klinkt it lêste wurd: ‘spek!’ – brekt elkenien spontaan yn laitsjen út. ‘Alsof jullie om hém lachen’, stelt Ira fêst en in ideetsje komt op: ‘Dit houden wij erin. En dan niet ha-ha-ha, maar spontaan!’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]