Vine, make a scene

SITO WIJNGAARDEN – 

Sûnt koart is Vine, in gratis app om koarte filmkes te meitsjen en te dielen fia Twitter ien fan de meast populêre app’s dy’tst op dit stuit op dyn smartphone brûke kinst.

Vine is in app wêrmei’t de brûker koarte filmkes fan maksimaal 6 sekonden meitsje kin. De app komt fan de makkers fan Twitter, mar liket kwa byldferhâlding mear op Instagram. Op dit stuit binne der lykas op Instagram in protte kreativelingen dy’t de meast ûnmooglike en moaie dingen yn 6 sekonden sjen litte.

It meitsjen fan in filmke is heel simpel want de app begjint mei filmjen sadra’tst in finger op it skerm drukst en stoppet ast it skerm loslitst. Dêrmei kinst dus ferskate bylden opnimme en ferskate perspektiven oannimme. As it filmke klear is, wurket it uploaden eins krekt sa as by Instagram. Typ in byskrift en kies fia hokker media asto dyn filmke diele wolst, bygelyks fia Twitter of Facebook.

Ofrûne wykein binne der allinnich al 100.000 Vine-filmkes fia Twitter dield. Probearje it ris en download de app. de Moanne is benijd nei dyn filmkes!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.