Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan

SJOERD BOTTEMA – 

Fan Elske Hindriks, alias Elske Schotanus ferskynde yn 2013 ‘In kop as in almenak’. Yn juny 2015 krige it boek, neist ‘Littensener merke’ fan Ale S. van Zandbergen en ‘Einum’ fan Koos Tiemersma, in plak op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2015.

“Dêr is it winkeltsje fan frou Jongsma. Brune beannen, grouwe earten en sûker wurde út potten en blikken yn papieren kladden skept en ôfwoegen.” In kop as in almenak iepenet mei in sfearskets fan in doarp yn de jierren fyftich. It is it doarp Terband, dêr’t de mem fan de skriuwster wennet en dêr’t sy sels ek foar in part opgroeid is. It winkeltsje fan frou Jongsma is der fansels net mear. En dat jildt foar folle mear saken. Mak-tiid hjit it earste haadstik: in ûntwikkeling dy’t troch Geert Mak al wiidweidich beskreaun is. Hoe God verdween uit Jorwerd. En Terband. Troch de útwaaierjende sneldiken by it ferkearsknooppunt It Hearrenfean is it doarpke yn in hyltyd lytser hoekje weidrukt en sawat kealslein. De skriuwster sjocht guon bylden út de fyftiger jierren noch skerp foar har. Dat leveret al daliks ien fan de moaiste sinnen op út it boek: “Wat al te gysten rint de tonneman, de wikselbeker op de rêch, de reed del. De jarre klotst him oer de overal.”

Oan ’e ein fan dizze firtuele kuier komme we út by de mem fan de skriuwster, Sjoerdtsje, dochter út in skipperslaach, troud mei Hindrik Hindriks, in krudenierssoan dy’t seeman waard en úteinlik skipper op in rûnfeartboat. “Alle dagen hat sy dy in board sûpenmoallen- of rizenbrij jûn en by’t winter in lepfol levertraan.” As puber skamme de skriuwster har foar har mem. Mem hie âlderwetske klean oan en in hierdracht (permanint) dy’t út de moade wie. Mar dy skamte fan doe is no op syn beurt reden foar sjêne. It hat der alles fan dat de skriuwster tenei har hâlding bepale litte wol troch it bibelsk gebod yn Exodus 20:17: “Earje jimme heit en jimme mem, dat dyn dagen forlange wirde meije yn it lân, dat de heare, dyn god, dy jowt.” Ik heb eerbied voor jouw grijze haren. As Gert Timmerman it seit, klinkt it minder ferheven, mar dêr komt it wol op del. Ferkearde klean? De skriuwster hat der gjin argewaasje mear fan. Sterker noch, it stimt har myld: “Skammest dy der allang net mear foar, krekt net, it makket dy earder tear, sokke dingen.”

Eartiids en no. De achterdoar stie altyd iepen. As der op it ‘folk’-roppen gjin antwurd kaam, rûnen de minsken oan ‘e tafel ta. Mem tinkt dat it noch altyd sa kin. Nei in fersoargingshûs wol se net. ‘… wêr is myn fok?’ frege Hindrik as er de lêsbril wer ris slingerje litten hie. Froeger wie Sjoerdtsje syn ûnthâld, no is se sels ferjitlik. Yn ‘e rin fan ‘e tiid feroaret it lânskip en de wrâld. Hoe’t it ea wie, dat rekket fergetten. Mem Sjoerdtsje is dêr in libben foarbyld fan. Har ûnthâld wurdt hyltyd minder. Je moatte in kop as in almenak ha, fersuchtet se wolris. Dat jildt likegoed foar de saken fan no as foar dy fan eartiids. “De ûntminsliking fan de maatskippij. In blikken juffer by de NUON, op it stasjon in automaat om treinkaartsjes te keapjen, digiD foar it ynfoljen fan de belestingoanjefte en sy, fan de generaasje ‘even nei Steensma’ om de banksaken te regeljen, sy begrypt der neat fan en kin der net mei oerwei.”

Dochter Elske is foaral ynteressearre yn it ferline. Yn petearen mei har mem besiket se de ferhalen fan doe boppe wetter te krijen, “sadat net alles ferlern gean sil,” lykas steld wurdt yn it wurd fan Prediker dat as motto oan it begjin fan it boek oanhelle wurdt: “Der is gjin oantinken fen ‘e foarâlden; en de kommende slachten dy’t wêze scille, dêr scil ek gjin oantinken fan wêze by dyjingen dy’t letter wêze scille.” (Prediker 1:11). Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan. Of sa’t de skriuwster it sels ûnder wurden bringt op side 72: “Sa’t Sjoerdtsje har pake fan memmekant, Jeen Oosterhuis, redusearre is ta in ferfelende man dy’t har mei de foarke pripte, de man dy’t yn in dronken bui in kear besocht ha moat ien fan de bern yn ´e ûne te triuwen, sa’t fan har pake fan heites kant, Atze Hornstra, oars neat oerbleaun is as in berop en in skansearre foto dêr’t er mei in matroazepak oan op stiet, sa’t fan har beppe fan heites kant, beppe Sjoerdtsje, oars neat mear is as in brief en in ferhaal dat oantoanber net kloppet en sa’t fan har beppe fan memmekant, beppe Tryntsje, allinne noch de berte-, trou- en stjerdatum bekend binne, sa sil ek Sjoerdtsje Klazes ferdwine yn ’e tiid.”

De flaptekst – “Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen”- en de foto op it omslach – in kollaazje fan âlde foto’s, klean en foarwerpen – suggerearje dat it hjir giet om in boek yn de tradysje fan Hylke Speerstra. Sterke ferhalen fan eartiids, oer skippers, hurdriders en emigranten. Is dat mei it each op ferkeapsifers?  It Fryske lêzerspublyk mei ommers wol brij fan sokke nostalgia.. It ferskil tusken Hylke Speerstra en Elske Hindriks sit him yn de rol fan de skriuwer. Speerstra is taskôger, Hindriks ûnderdiel fan it ferline. It giet oer de wrâld fan har eigen âlders en foarâlders, soms spilet se der sels in rol yn. Fandatoangeande docht In kop as in almenak sterk tinken oan it yn 2011 ferskynde De hemel bestaat niet fan Jannetje Koelewijn, oer it libben fan har âlders en foarâlders yn Spakenburg en Amsterdam.

Geregeld wurde der lyntsjes lutsen nei aspekten fan de moderne tiid, dêr’t mem amper fan wit wêr’t se op slane, dêr’t de dochter fan de skriuwster middenyn stiet en dêr’t Elske Hindriks soms synysk ôfstân fan nimt: “’Wilt u zus, toets één, wilt u zo, toets twee, voor overige vragen …’” It ferline sit de skriuwster op ‘e hûd: hoe wurdt en sil se sels sjoen wurde troch har eigen bern? Op in stuit komt har dochter mei in bliid boadskip: “Wurdst beppe.”

Sels referearret Elske Hindriks wat spotsk oan it wurk fan Speerstra nei oanlieding fan in ferhaal oer hoe’t har mem as faam wurke by in timmerman. Dat neamt se in ‘klassyk ferhaal’, Hylke Speerstra “soe it samar optekene kind ha.” Om dêr daliks oan ta heakjen dat mem gjin leafhawwer is fan Speerstra syn wurk: “… dy liicht der mar wat hinne. Hy makket it altyd moaier as it is.” Achterôf docht bliken dat de wurden dy’t de skriuwster har mem yn ‘e mûle leit, ek bedoeld binne as selsspot: yn de ferantwurding achteryn it boek skriuwt se dat der yn In kop as in almenak út en troch mar wat hinne liigd wurdt.

Hoewol’t de toan fan it boek oer it algemien serieus en tagedien is, komt de skriuwster sa no en dan ynienen lichtfuottich en spotsk om ‘e hoeke. Tige fermaaklik is de passaazje wêryn’t se har ôffreget hoe’t de kritisy hat boek beoardielje sille en in priuwke jout fan it resinsintejargon: “mist de grutte line … mar wat taskreaun …wêr’t je net altiten wat mei kinne … it is te min om … oansetten dy’t drama’s ûnthite wurdt neat mei dien … net trochsichtich … as der ien kommunikaasjemiddel is dat om kausale ferbannen freget is it … net in ramp as de lêzer meisûge waard … rekket de tried kwyt … soe in ûntjouwing wêze kinne … in tema dat op ‘e non rint … mar dy wurde net útwurke … mear in gefoel as … it hoe en werom fan … it bliuwe sketsen … it grutte ferbân bliuwt út … is der gjin rêden mear oan …” Wa doart him nei it lêzen fan dy soere skoalmasterij noch kritysk oer it boek út litten? Gelokkich hoecht dat ek net. Hjir en dêr is it miskien wol in bytsje wier wat master seit, it boek is in kollaazje fan biten en brokken, mar dat soarget ek foar ôfwikseling en de grutte line, it grutte ferbân is helder genôch.

Noch folle grappiger is de alinea wêryn’t Elske Hindriks de hearlikheden beskriuwt dy’t har diel wurde sille as har boek oait útjûn wurdt: dan “krijst miskien wol in tillefoantsje datst yn de Moanne fan it Fryske boek mei in trûbadoer optrede meist… (…) Sielsgelokkich silst wêze as dyn dream útkomt. Do, lang om let tegearre op ´en paad mei in Fryske trûbadoer! Sa’n optreden, ‘wat oer dyn wurk fertelle …’ yn biblioteek of doarpshûs, ‘in stikje foarlêze …’, dat is wêr’t de Fryske skriuwer it foar docht, ‘de spanningsbôge fan it publyk …’, dát is wêr’t er nei ta wurket, ‘net te lang, in pear minuten … en dan hy wer in pear ferskes …’”

It haadstik oer de oplieding fan heit Hindrik foar de Ryn- en kustfeart yn kamp Elfbergen yn Gaasterlân  leveret in spannend stikje ûndersykssjoernalistyk op. Hoe siet dat eins mei dat kamp Elfbergen? Dat wie in Dútske oplieding yn ‘e oarlochsjierren. Hat Hindrik him skuldich makke oan kollaboraasje? As er syn oplieding foltôge hat fart er mei in skip fol izererts nei it Ruhrgebiet. Foar de Dútske wapenyndustry?

Yn de Ferantwurding somt de skriuwster de mankeminten fan har boek op. Dy mankeminten binne tagelyk de kwaliteiten. Tsjinstridichheden en ûnfolsleine oantinkens – sa is de werklikheid. Subjektive mieningen en observaasjes – de skriuwster hat besocht har yn te libjen yn de persoanen dy’t se beskriuwt. Heal optochte anekdoaten – dat is anekdoaten eigen: leaver in sterk ferhaal as in wier ferhaal. Ut en troch is der mar wat hinne liigd – it giet yn dit boek net om de keale feiten, mar om wat se represintearje; de skriuwster wol in byld oproppe, fan in tiid, fan in miljeu, fan in generaasje; it einresultaat is in sterke miks fan fiksje en non-fiksje. “Yn In kop as in almenak sitte tsjinstridichheden, oantinkens binne ûnfolslein, mieningen en observaasjes subjektyf, anekdoaten heal optocht en út en troch is der mar wat hinne liigd: it is net oars.” It hoecht ek net oars.

 

Oer ‘In kop as in almenak’, Elske Hindriks, Afûk Ljouwert 2013

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.