Utslach Alfabet Projekt

De sjuery hat út mear as 70 ynstjoerings en foarstellen 26 keunsterns keazen dy’t mei harren plan en letter úteinsette meie. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de kwaliteit fan de ideeën. De 26 selektearre keunstners binne de kommende moannen fia de website fan de Moanne te folgjen yn harren wurk. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen kinst it ûntstean fan harren letter fan tichtby folgje. As alle letters klear binne, sil it alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eksposysje. Dêrneist sil it alfabet ôfprinte wurde yn in papieren útjefte fan de Moanne.

A – Jeroen Deen, animaasje

B – Laurens Bontes, kollaazje

C – Corrie Grupstra, fotografy

D – Mark Buitenwerf, glitch-art

E – Nelleke Soejoko, ynstallaasje

F – Olalla Castro, grafysk

G – Johan Bouwhuis, romtlike typografy

H – Fabian Hijlkema, klankfisualisaasje

I – Josse Postma, ynstallaasje

J – Roelof Koster, silhûet

K – Jos Blomsma, multi-diminsjonale fisualisaasje

L – Joana Rodrigues, skulptuer

M – Matthijs Hooghiemstra, grafysk

N – BWH Ontwerpers, fideo

O – Sanne Hiddema, moderne dûns

P – Marin Leus, biologyske typografy

Q – Sibe Jan Kramer, ljochtkeunst

R – Marcel Westra, generative typografy

S – Nina Noordzij, meubelûntwerp

T – Elske Riemersma, fotografy

U – Simon Oosting, byldzjende poëzij

V – Monique Vogelsang, fisuele transformaasje

W – Allan Siegel, byldzjende keunst

X – Durk-Pieter Noordenbos, fideo-ynstallaasje

Y – Ulrich Ahrend, typografy

Z – Tryntsje Nauta, fotografy

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.