Utnoeging Russysk-Fryske jûn

Publisearre op 20 januari 2015

Freed 6 febrewaris om 20.00 oere (ynrin 19.30 oere) hâldt de Gerben Rypma stichting yn gearwurking mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum.

Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse Filmacademie en wurket foar de VPRO en NPS.

Aliona van der Horst wurdt ynterviewd troch Ernst Bruinsma, útjouwer en haadredakteur fan de Moanne. Ien fan de sintrale en aktuele fragen fan de Russysk-Fryske jûn is: wat is der bard tidens en nei de Perestrojka en de Glasnost? En wa is dochs dy god fan Ruslân, sa’t de dichter Boris Ryzji yn ien fan syn fersen freget. Wat is it plak fan de keunst yn it hjoeddeiske Ruslân?

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga hâldt in lytse ynlieding op de poëzy, it wurk en de persoan Boris Ryzji en bringt fan him in tal ferfryske gedichten foar it fuotljocht.

Wy sjogge út nei jim komst!

 

Kaarten á €7,50,- fia gerbenrypma@home.nl – 0515 57 94 76 – 06 38 90 97 04

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]