Utnoeging Moanne Live mei Nop Maas

De lêste Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 5 novimber yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince en Tresoar. 

Op útnoeging fan de Orde van den Prince hâld Nop Maas in lêzing ûnder de titel: ‘Ophef rond Reve, Reve’s Friese jaren en de jaren na zijn dood’.

  • Nop Maas: ‘Ophef rond Reve, Reve’s Friese jaren en de jaren na zijn dood’
  • Woansdei 5 novimber, 20.00 oere
  • Gysbert Japicx-seal Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
  • Tagong: €5,00

Nop Maas (1949) wie editeur fan de brievebundels fan Gerard Reve en besoarger fan it Verzameld werk. Hy besoarge dêrneist ek de briefwikselingen tusken Willem Frederik Hermans, Gerard Reve en Geert van Oorschot. En, tegearre mei Maaike Meijer, de briefwikseling tusken M. Vasalis en Geert van Oorschot. Yn 2009 ferskynde it earste part fan Maas’ biografy fan Gerard Reve; Kroniek van een schuldig leven. Begjin 2010 folge it twadde diel en yn 2012 it tredde diel.

de Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa’t skerp tinkt. Opjefte needsaaklik en leafst foar 3 novimber by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl. Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge ùt nei jim komst!

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.