Utnoeging Moanne Live

De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit kear is te gast prof. dr. Hans Renner. Renner sil op de Moanne Live yngean op de fraach: ‘Waarom Nederlanders niet van geschiedenis houden’.

de Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa’t skerp tinkt. Opjefte graach foar 7 maaie by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl. Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge ùt nei jim komst!

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.