Utnoeging de Moanne Live

De tredde Moanne Live dit jier stiet yn it teken fan de presintaasje fan de nije ferhalebondel ‘De triennen fan cheetah’ fan Anne Feddema en de nije roman fan Josse de Haan: ‘Frou mei mandoline op sofa‘. Jo binne fan herte wolkom op woansdei 24 septimber om 17:00 oere yn it Tryatergebou oan de Oostersingel nûmer 70 yn Ljouwert.

Oare sprekkers op dizze middei binne de skriuwers Elske Kampen, Auck Peanstra en Cornelis van der Wal. Graach oant sjen op woansdei 24 septimber om 17.00 oere yn it Tryatergebou. De tagong is fergees. Wy sjogge út nei jim komst!

De Moanne Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin of skerp tinkt. de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. Sjen litte wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. Ek troch it organisearjen fan ‘live’-moetingen.

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.