Utnoadiging HAUSER-eksposysje

Op 29 augustus iepenet ‘HAUSER, In multimediaal epos’ troch Annemarie Estor en Lies van Gasse. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herten út om hjirby oanwêzich te wêzen.

De njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser (1812-1833) ynspirearret al hast twahûndert jier ferskate keunstners en skriuwers. Meast resint lieten Annemarie Estor en Lies van Gasse út Flaanderen harren ynspirearje troch Hauser yn ‘Het boek Hauser’. Beide dichters/keunstners ferrasten elkoar mear as trije jier lang alle wiken mei in printbriefkaart mei dêrop in nije strofe yn in klassike fersfoarm. It projekt krige útwreiding yn de foarm fan in blog, der ferskynde in prachtich boek by de Wereldbibliotheek en yntusken hat in tige nijsgjirrige útstalling mei dit wurk al te sjen west op ferskate plakken yn Flaanderen.

Op sneon 19 septimber is in lêzing yn Tresoar oer Hauser troch Remco Ekkers fan 14.00 – 16.00 oere. En op sneon 3 oktober fan 14.00 – 16.00 oere slút de eksposysje mei foardrachten troch ferskate Fryske dichters. De tentoanstelling is fan 29 augustus – 3 oktober foar it earst yn Nederlân te sjen, yn de stúdzjeseal fan Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.

Opjefte fia: ynfo@demoanne.nl leafst foar 25 augustus.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.