fotografy: Henk van der Veer

Unyk kalinderprojekt Gerrit Terpstra en Eppie Dam

HENK VAN DER VEER – 

Sa’n 75 besikers kamen woansdeitejûn ôf op de presintaasje fan de keunstkalinder De tafel, in unyk mienskiplik projekt fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. De prachtútjefte is ferskynd bij De Ryp, de útjouwerij fan de Gerben Rypma Stichting. It earste eksimplaar waard yn ’e boekwinkel fan Van der Velde yn Snits troch Hille Faber fan de Gerben Rypma Stichting oerlange oan emeritus predikant Alex van Ligten. Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga holden in koarte ynlieding op it wurk fan Terpstra en Dam. Woansdei waard al bekend dat der in twadde printinge fan de kalinder komme sil.

Wat ha minsken by de tafel dien behalve ite? Plannen meitsje, plattegrûnen. Elkoar yn de eagen sjen om wille fan in dream, in oare takomst tichtebij. Sa sieten mei sielsmaten minsken om’e tafel. Fan de earste folgelingen oant de lêste idealisten, de ieuwen troch hieltyd wer de betinkers fan in nije tiid. Om ’e tafel sykje minsken de rûnte dy’t har ferbynt yn ’e yllúzje fan ienriedigens. Want minsken rekkenje bûten harsels. Elk kin de ienling wêze dy’t brekt, samar loslit wat juster heech yn it findel stie.

Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra (1953) en dichter Eppie Dam (1953) kinne elkoar al jierren, sterker noch, de twa wurken op artistyk mêd al earder gear. Dêroer fertelde Elske Schotanus it yn en oar. ‘Dy Joazef yn Dingeman krijt wjukken, hat dochs behoarlik wat wei fan Gerrit Terpstra. Is basearre op Gerrit Terpstra’, woe Schotanus ha. It boek foar bern fan 9 jier en gans âlder kaam yn 1999 út by de Afûk. It is ien fan de mienskiplike projekten fan Terpstra en Dam, wêrby’t de lêste in kostlik ferhaal skreau en de earste it byldwurk fersoarge.

Ek foar lytsere bern hat it duo gearwurke, fertelde Schotanus. ‘It boek Mezen meitsje toch gjin rúzje út 2005 befettet diereferhalen fan Anton Koolhaas dy’t troch Dam bewurke en fertaald binne en Gerrit Terpstra makke de yllústraasjes foar dit boek.’ Fierder neamde Schotanus noch it printeboek Fjouwer dappere mûskes fan it twatal. Opfallend neamde de ynliedster op de presintaasje noch dat ‘eleminten út Gerrit Terpstra syn wurk werom te sjen binne yn oar wurk’. Yn Dingeman krijt wjukken steane letterlik ôfbyldingen fan it byldwurk fan Terpstra dy’t út syn wurkboeken komme.

Eeltsje Hettinga hold in koarte ynlieding oer it wurk fan beide keunstners, wêrby’t hij û.o. yn de bibel sjoen hie hoe faak it wurd ’tafel’ der wol net yn foarkaam. ‘Yn de Wumkesbibel komme safolle tafels foar, ik bin mar opholden mei tellen’ fertelde Hettinga. ‘Minsken om ‘e tafel kin fan alles wêze, der is altyd wol wat. Iderien wol heard en sjoen wurde’, wit Hettinga. Oer it dichtwurk fan Eppie Dam op dizze kalinder wie hij entûsjast: ‘Dy rigels steane as in dyk …’ Hettinga lies trije gedichten foar, as in priuwke fan al dat moais. It earste gedicht:

 

Neat hie der tusken ús west, noch gjin tinken

ús bûn. Oant de dei dat er tusken ús yn stie:

de tafel mei it eachfoarmich blêd, dat alle blikken

yn perspektyf luts, de hollen bûgde nei in idee.

Tafel, blankhouten skepper fan in fermidden,

yn syn royaal ovaal de rûnte útdrukkend

dêr’t de ierde syn gong om ’e sinne mei tekent,

wer útfaget, it omsittend laach ta in tabula rasa.

Skriuwe minsken skiednis? Makken wij skoalle?

Neam it beweging, sa’t wij stilstiene bij feroaring,

elkoar de wurden út ’e mûle liezen

om mear te wêzen as in stim yn ’e marzje.

 

It earste eksimplaar fan de fraai útjûne kalinder, mei in prachtige draachtas, wie foar de Snitser emeritus predikant Alex van Ligten. Hille Faber bleau yn styl fan ’e jûn troch de kalinder mei in oade oan Van Ligten te oerlangjen:

Wêrom Alex van Ligten?

 

Omdat Alex in man fan it wurd is, mei en sûnder haadletter.

Omdat Alex wit wat bylden te sizzen ha, yn ferve en fersen.

Omdat Alex de taal fan ’e tafel ken: it bouwen, it brekken.

Omdat hy de mienskip siket, mar de ienling de romte jout.

De ienling dêr’t er it wêzen fan ken, de dream, de tradysje:

in minske noait fier fan syn woartels.

En omdat Alex nei alle gedachten de iennige Amsterdammer is

dy’t ús twadde rykstaal mei likefolle ferve skriuwt as de earste.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.