fotografy: Koos Tiemersma

Untbleating portret Koos Tiemersma

ARJAN HUT – 

Befeiliging wie net nedich, en net ien hie wat te melden oer deadsbedrigings. Dochs waard der tongersdeitemiddei yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar in tradysje ferbrutsen. De tradysje dat fan de Gysbertwinner in portret skildere wurdt. Koos Tiemersma, bekroane foar syn roman Einum, socht net in skilder út, mar in fotograaf: Tryntsje Nauta. Der stie al in pear wiken in foto fan Tiemersma by de doar fan de seal, fan de skriuwer mei in brede glimk en in kleurige achtergrûn as sit er yn in ballebak. Dat wie dus net it offisjele portret!

 

“Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

 

“Hjoeddedei liket it wol oft binne tradysjes yn beton getten en statysk. Der mei neat oan feroarje!”, sei Tiemersma foar de offisjele ûntbleating. Sa’n fjirtich gasten en in hânfol reporters harken mei belangstelling nei de drûchkomyske yntroduksje. Oan de muorren skitteren de portretten fan eardere winners, hoewol’t der in soad replika’s hongen, want de wurken fan Sjoerd de Vries binne útliend oan Belvédère op it Hearrenfean.

Under oaren R.R.R. van der Leest, G. Willem Abma en Rink van der Velde binne ‘útfanhûs’. Han Steenbruggen, direkteur fan Museum Belvédère, kaam dêrtsjinoer spesjaal nei Ljouwert en hâlde in ynlieding mei as titel ‘Wanneer fotografie kunst wordt’. Want hoewol’t de fotografy fan elkenien in potinsjele keunstner makket, der is dochs ferskil tusken de keunst fan it tafal en it wurk dat profesjonele keunstners produsearje. Steenbruggen ferdútste dat er nei it besjen fan in Noarderlicht-eksposysje pas werklik de mooglikheden fan de fotografie yn de gaten krige. “Dat was zo anders dan de bewerkte foto’s waar ik naar keek. Heel indrukwekkend. Dit was het echte werk.”

De fotografe sels fertelde oer hoe ferrast as sy wie troch it telefoantsje fan Tresoar. “In hiele eare”, sei se, “om as earste fotograaf hjirfoar frege te wurden. En net allinne in fotograaf, mar ek noch in frou. As ik sa ris om my hinne sjoch, binne it dochs foaral manlju dy’t portrettearje en portrettearre wurde.” Wy seagen om ús hinne. Simke Kloosterman en Tiny Mulder hongen dêr tusken in legerke hearen.

“Wy hienen daliks in bân en dat is net ferwûnderlik”, knypeage Tiemersma, wylst er in kadootsje út syn stoffen Record Store Day-tas pakte, “Ik bin nammentlik troud mei in Tryntsje. En Nauta, dat is de famylje út De Ljedder.” De foto wie makke yn in metaalbewurkingsloads yn Drachten, dêr’t ek dichter en byldzjend keunster Jan Ketelaar aktyf is. Soe Tiemersma mei syn bleate bast yn in overal portrettearre wêze?

Wat Nauta oanluts ta de lokaasje wie it ljocht. Bert Looper hie it yn syn oankundiging oer seis moanne wurk, Nauta brocht dat werom nei trije dagen. De foto is makke mei in analoge kamera. Tiemersma hat trije dagen nei in itselde blokje hout sjoen om syn blik te konsintrearjen. Hy hie it by him, it siet ek yn de Record Store Day-tas. It kadootsje, dat wie in portretfoto dy’t er sels makke hie, ‘mei myn Nokia’, fan Tryntsje dy’t har ferstoppet achter de analoge kamera op in statyf. “Sjochris nei de moaie linen en hoe’t sy har skonken delset parallel oan it statyf.”

Bilker boogie-bard Hein Jaap Hilarides boude de spanning op en spile noch twa ferskes op it piano. Dêrnei wie it tiid en helje it doek foar it portret wei. Stadich kaam er dêr tefoarskyn, de tradysjebrekker, yn hjerstich metaalbewurkljocht, Froon Akker, de blik op in houtblokje bûten it sicht fan de sjogger. “Prachtich”, lústeren guon en slûpten tichterby om it yn alle detail te besjen. “Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

Comments
3 reaksjes oan “Untbleating portret Koos Tiemersma”
  1. Abe de Vries schreef:

    Wol opfallend. Der wie in tiid doe hie de priswinner neat yn te sizzen oer de kar fan de keunstner. En no hat Tresoar der gjin muoite mei as in skriuwer regaad meitsje wol mei in tradysje fan hast santich jier?

  2. Abe de Vries schreef:

    DE TRADYSJE FAN IT GYSBERTSKILDERIJ

    Nuver dat myn eardere kommentaar op de site fan De Moanne net ûnder ‘reaksjes’ komt te stean. It wie wat oer it by de dyk setten fan in tradysje fan hast santich jier, sûnder oerlis mei ‘it fjild’ betink ik der no efkes by – mar dat binne wy sa njonkelytsen wol wend fan Tresoar – en dat tsjintwurdich skriuwers blykber sels kieze meie troch wa’t se har op portret sette litte.

    Dat wie, efkes telle, alve jier lyn wol oars, of net, keatsmaat Hendrik Elings?

  3. josse de haan schreef:

    TRADYSJE?
    As tradysjes de foarutgong tsjinhâlde, moatte jo se opromje – folklore en mear fan sok spul dêrst hjir yn Baskelân ek oer stroffelest hawwe mei keunst neat te krijen. Neffens my wie it skilderij fan in Gysbert Japicxwinner net in oerlibbe tradysje. Abe de Vries skriuwt terjochte dat ‘sûnder oerlis mei it fjild (skriuwers, skriuwersboun, etc) in tradysje fan hast santich jier by de dyk setten is’.

    It opromjen fan in tradysje soe ynhâlde moatte dat der wat nijs foar yn ’t plak komt dat better is. Ik haw dat mei it fotoportret of de portretfoto spitigernôch net sjoen. Earlik sein begryp ik Koos Tiemersma net dat er akkoard gongen is mei dit produkt – it is fleis noch fisk. It is gjin goeie foto, it is gjin skilderij. In profesjonele fotograaf of in profesjonele skilder – sjoch myn Gysbert Japicxskilderij troch Dinie Boogaart – ynterpretearret de persoan dy’t ôfbylde wurdt. De skilderijen fan GJ-winners troch Sjoerd de Vries binne der ek bekend om wurden.

    Ik ken Tiemersma net, haw him nea moete en ken syn konterfeitsel allinne fan foto’s, mar neffens my sjocht hy der heel wat better ut as op dit GJ-produkt. Ik soe sizze: Tiemersma, freegje in goeie portretskilder, sadat Jo mei eare opnommen wurde kinne yn de rige Fryske GJ-skriuwers. Fyts 4 kear fan Drachten nei Nijegea en Dinie Boogaart makket in prachtportret. De tradysje is dit wurdich!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.