Under MeM har rokken stean talen sintraal

ELSKE SCHOTANUS

Wa’t koartby yn de Prinsetún yn Ljouwert wie, sil opmurken ha dat dêr oan in houten bousel wurke wurdt: it Talepaviljoen MeM. Mirjam Vellinga, projektmeiwurker by de Afûk, giet oer de programmearring.

 

Net allinne yn it Frysk wurdt in relaasje lein tusken de mem en de taal, sawat alle talen ha dêr in ekwifalint foar. Net frjemd dus dat de foarm fan it gebou referearret oan froulju en dat it ûnder har rokken wêze sil dat alderhande talen en dialekten omtinken krije sille.

 

De namme MeM referearret oan de mem dy’t sa’n wichtige rol spilet yn it oerbringen fan har taal op de folgjende generaasje, dat dêr it wurd ‘memmetaal’ weikomt. Net allinne yn it Frysk wurdt in relaasje lein tusken de mem en de taal, sawat alle talen ha dêr in ekwifalint foar. Yn it Ingelsk bygelyks hat men it oer mother tongue of maternal language. Net frjemd dus dat de foarm fan it gebou referearret oan froulju en dat it ûnder har rokken wêze sil dat alderhande talen en dialekten omtinken krije sille, te begjinnen mei it Biltsk dat in wike lang sintraal stean sil.

“It idee is”, fertelt Mirjam Vellinga, “dat wy partners útnûgje om yn oerlis mei ús mei in programma-oanbod te kommen. Dat kinne muzikanten wêze, sjongers, dichters… It iennige wat fêstleit is, dat der alle sneintemiddeis en alle tongersdeitejûns, wat te dwaan wêze sil. De Biltkers bygelyks binne sa entûsjast dat der hast alle dagen wol wat te dwaan is: dichters, skriuwers, in ferhaleferteller, de Bildtse Post organisearret in iepen redaksje, der is Biltske les, Hendrik Elings sil yn it paviljoen skilderje, der is in bondelpresintaasje en in praatprogramma. En dan ha ik net iens alles neamd. Oan de ein fan de wike wurdt it stokje oerdroegen oan in folgjende taal, yn dit gefal it Achterhoeks. Op sa’n wikseldei fersoargje de geande en de kommende taalmienskip tegearre in programma.”

Neist dialekten, sa’t dy yn Nederlân sprutsen wurde, komme tal fan oare Europeeske (minderheids)talen oan bod, talen dêr’tst miskien sels noait fan heard hast: it Manx, it Friulysk, it Asturysk. “It radioprogramma Op & Ut sil útstjoerd wurde fanút MeM wei, mar ek oare streektaalomroppen wurdt gelegenheid bean om fanút it paviljoen in útstjoering te fersoargjen.”

 

Kabouters
“We wolle net alles tichtspikerje. Wat wy graach wolle is dat partners sels neitinke oer hoe’t har taal en kultuer it bêste foar it fuotljocht brocht wurde kinne. Guon sjitte al gau yn de ‘diskemoadus’: in presintaasje yn de foarm fan folders en boekjes. Dat is de bedoeling nét. Wy freegje ús partners in artyst te stjoeren as har ‘ambassadeur’. Dy is hjir dan tsien dagen en stalt it programma gear. Der is ek altyd in Fryske artyst. Troch it jier hinne binne der sawiesa alderhande aktiviteiten yn ’e Prinsetún: de Prinsetúnkonserten en it strjitfestival bygelyks, dêr slute wy ús programmearring safolle mooglik op oan. Fyftjin sneonen binne der aktiviteiten foar húshâldingen mei bern. As, yn augustus, de reuzen van Royal de Luxe nei de stêd komme, is der it idee om foar harren wat mei kabouters te dwaan.”

“Der komt in ferskaat oan publyk, ferwachtsje ik: guon komme op it programma ôf, oaren waaie tafallich oan, bygelyks om’t se mei de boat by de Prinsetún oanlizze. Besikers wurdt frege om, as se deryn komme, har moaiste wurd ôf te jaan, sa har eigen taal ôf te lizzen en har iepen te stellen foar oare talen. It wurd komt op in plaatsje en dat wurdt op MeM har dak spikere.” Mirjam Vellinga lit in foarbyld sjen. “Yn it paviljoen is ek hoareka. Kinst der in drankje krije of in flaubyt. Dêrby wurdt it publyk betsjinne troch dôven dy’t in learwurktrajekt folgje en by ús wurkûnderfining opdogge. Hoe makkest dúdlik watst ite of drinke wolst oan immen dy’t dôf is? It ferget in oare manier fan mei elkoar omgean. In dôve studinte dy’t in oplieding Publisiteit en Kommunikaasje docht ferdjippet har, as stazjêre, yn de problemen dy’t ûntstean kinne soenen yn de kommunikaasje tusken publyk en hoarekameiwurkers en hoe dy te tekkeljen. En dat krijt dan wer omtinken yn de training fan de hoarekameiwurkers. Wy ha trouwens noch in stazjêre: in jonge Katelaan dy’t seis talen hiel goed en tal fan oare talen in bytsje behearsket. Hy helpt ús mei it ynsetten fan de sosjale media. Beide stazjêres leare ek Frysk.”

 

Fergees
Oan de ein fan it petear freget Mirjam Vellinga my wat ik fan it programma fan de Kulturele Haadstêd fyn. “Der is folle mear te dwaan as minsken witte. En kinst dyn jild dit jier wol kwyt.” “Alle aktiviteiten yn it Talepaviljoen MeM binne fergees tagonklik”, lit Mirjam Vellinga witte.

 

Op freed 30 maart is it sa fier, in nij part fan Lân fan taal wurdt offisjeel iepene yn de Prinsetún fan Ljouwert. Elkenien kin aanst genietsje fan de Taletún mei de twa nije paviljoens MeM – Livingroom of Languages fan de Afûk en paviljoen ‘Liwwadders’ fan Historisch Centrum Leeuwarden mei partner DNALWD2018. Op 1 april start it offisjele programma yn it Talepaviljoen MeM, in wike lang stiet it Biltsk sintraal. Sjoch hjir foar it programma fan ‘de Bildtse week‘.

Mear oer it talepaviljoen: www.afuk.frl/languagepavilionmem, de aginda: www.afuk.frl/agenda, de Taletún: www.afuk.frl/languagegarden en mear oer Lân fan Taal fia: www.lanfantaal.frl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.