UIT-festival Ljouwert yn in nij jaske

FROUKJE SIJTSMA – 

‘In nije namme, in nije organisaasjestruktuer, mar it idee fan ús kultureel festival bliuwt gelyk’. Sa omskriuwt saaklik lieder Siart Smit it UIT-festival dat op 31 augustus 2014 holden wurdt yn en om de Prinsetún fan Ljouwert. It UIT-festival is in inisjatyf fan de Ljouwerter kulturele ynstellings dy’t op feestlike wize it nije kulturele seizoen iepenje troch harsels op kreative wize te presintearjen.

Nei fjouwer suksesfolle edysjes fan it UIT-festival, organisearre troch DOLCI (Directeuren Overleg Leeuwarden Culturele Instellingen), wurdt de iepening fan it nije kulturele seizoen fan no ôf organisearre troch in resintlik oprjochte stifting. Nei in jier ûnder de namme Uitmarkt Leeuwarden wurke te hawwen, giet de stifting no definityf fierder ûnder de fertroude namme Uitfestival. Smit: ‘Allinnich yn Amsterdam mei de namme Uitmarkt nammentlik noch mar brûkt wurde, dat dêrom hantearje wy no de namme UIT-festival. En eins dekt de term ‘festival’ de lading fan it evenemint ek folle better. No’t it Uitfestival nei fjouwer edysjes út syn jaske groeid is, is besletten om in spesjale stifting op te rjochtsjen.’

Tamara Schoppert: ‘It is maklik en feilich om efter in kreamke te krûpen, mar mei in orizjinele oanpak kinst de oandacht fan de minsken faak folle better lûke.’

Tamara Schoppert, artistyk lieder fan it Uitfestival fertelt dat de fokus altyd op de stêd Ljouwert lei, mar dat it yn ‘e takomst mooglik fierder útwreidzje sil. ‘De fiif gruttere skouboargen fan Fryslân hawwe bygelyks kontakt mei ús socht, om’t sy mienskiplik harren programma fan it nije seizoen op it UIT-festival presintearje wolle. It festival liket dus út har sels fierder te groeien as Ljouwert allinnich.’ Ek ûndernimmers yn de binnenstêd wolle boppedat ynspringe op it sukses fan it festival. Schoppert: ‘Der is dan keapsnein en guon winkellju hawwe sein mear dwaan te wollen útsein harren winkel iepen te hawwen. Sa kinne harren etalaazjes bygelyks brûkt wurde as kultureel poadium.’

Foar Schoppert draait it UIT-festival net allinnich om de ynformaasje oer it oanbod fan de ferskate kulturiele ynstellingen en ferienings. It is mear. Oan de fiver bygelyks draait it dit jier benammen om moeting en útwikseling oer nije kulturele en maatskiplike ûntwikkelings. Se neamt de brêgen dy’t boud wurde op it festival. ‘Foarich jier waard bygelyks de fúzje fan twa fuotbalferienings presintearre en dat waard dien yn kombinaasje mei dûns. It is dan hiel leuk om it fuotbalpublyk yn ‘e kunde komme te litten mei in keunstutering as dûns. Troch dy gearwurking mei ferskillende dissiplines kin je in hiel divers publyk berikke.’ Schoppert en Smit stribje dernei om safolle mooglik minsken mei útienrinnende foarmen fan kultuer yn kontakt te bringen.

Smit fertelt dat Schoppert mei in grutste part fan de dielnimmers om tafel giet om te bepraten hoe’t se harsels presintearje op it UIT-festival. ‘It is net sa dat ferienings en organisaasjes harren opjouwe en dat wy as organisaasje op de dei sels wol sjogge wat se sjen litte. Tamara praat mei de measte partijen en freget net allinnich wat se dwaan of sjen litte wolle op it festival. Se besiket de minsken ek in triuw yn ‘e rêch te jaan en orizjinaliteit by harren oan te moedigjen of mei oare organisaasjes tegearre wat del te setten. Schoppert: ‘Ik besykje dielnimmende partijen út te daagjen om mei wat nijs te kommen yn stee fan foar it fertroude stramyn te kiezen. It is maklik en feilich om efter in kreamke te krûpen, mar mei in orizjinele oanpak kinst de oandacht fan de minsken faak folle better lûke.’

Sa falt it Schoppert ek op dat minsken by eardere edysjes tochten dat se gjin kreative ideeën hienen. Schoppert: ‘Mar no is it sels sa dat de minsken sels al mei leuke ideeën komme. Dan sizze se: foarrich jier hienen wy it sa oanpakt en we tochten lit it ús dit jier ris sa dwaan. Dat is hiel leuk om te sjen. Yn Ljouwert is in soad kreativiteit en dat komt sa hiel goed ta utering op it UIT-festival.’

 

Organisaasjes dy’t har presintearje wolle op it UIT-festival, kinne meidwaan oan De Parade. Dy rint fan 13.00-14.00 troch de binnenstêd nei it festivalterrein ta. Dielnimmers oan de Parade  kinne har opjaan om dy middei in presintaasje of demo te jaan op it Oldehoofsterkerkhof op parade@uitfestival.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.