UIT-Festival 2018

It Marboei-projekt, troch Marrekrite en ‘de Moanne’ – Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter

Op snein 2 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere presintearje kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en rekreaasjeskip Marrekrite alle oeren 4 dichters mei Fryske, Nederlânske en Flaamske poëzij. De Marboei-dichters Saskia Stehouwer, Maarten Inghels, Syds Wiersma en de Dichter van Fryslân, Eeltsje Hettinga bringe in literêr programma fol prachtige Marboei-poëzij. Wolkom yn de Ljouwerter Prinsetún oan bakboardkant fan it Marboeiskip. Nim plak op ien fan de Marboeien yn de Prinsetún en lústerje nei de moaiste poëzij fanôf it Fryske wetter tidens it UIT-Festival Ljouwert.

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline yn 2014 it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Saskia Stehouwer, Piter Boersma, Eeltsje Hettinga, Lida Dykstra, Dien L. de Boer, Syds Wiersma, Joost Oomen, Elske Kampen, Erik Lindner, Arjan Hut, Jaap Krol, Ellen Dickwitz, Elmar Kuiper en Marjoleine de Vos skreaunen in gedicht of ferhaal op ien fan de Fryske wetters.

De gedichten en ferhalen binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de mobile Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Sa binne der ûnder oaren gedichten te finen op de Hegemer Mar, de Alde Feanen, de Swarte Brekken, de Sleattemer Mar, de Burgumer Mar, de Lauwersmar, de Sitebuorster Ie. Mear witte oer it projekt? Besjoch alle fideo’s en ynterviews dy’t Remco de Vries foar it projekt makke yn it Marboei-dossier.

 

Snein 2 septimber, 13:00 – 17:00 oere, Prinsetún, Ljouwert, tagong fergees

Comments
Ien reaksje oan “UIT-Festival 2018”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.