Twa kear Najat El Hachmi

Publisearre op 13 december 2017

BOUKE SLOFSTRA – 


1. Twalytsetaligens

Yn myn stúdzjetiid haw ik mei it Berber ompield. Dat wol sizze, ik kin mei help fan wurdboeken en sa wat ienfâldige teksten lêze. Dan is it fansels wol spitich dat it der mar sa’n bytsje Berber te lêzen is. Dy taal wurdt amper skreaun. Helte minder as it Frysk.

Ien dy’t beide talen thús leard hat is Malik Azmani, twadde-keamerlid fan ‘e VVD en opgroeid yn it Fean. Spitigernôch hat dy meartaligens oars net as in goede ôflear west, fynt er sels, want beide lytse talen hiene him yn it paad stien by syn persoanlike ûntjouwing. Fluch en goed de taal leare, dat is foar elk mar it bêste, hjirre. En ‘de taal’ is fansels net dy fan Gysbert Japiks.

Yn Kataloanië wennet de skriuwster Najat El Hachmi, dy’t yn Marokko (Nador) berne waard. Hja skriuwt almeast yn it Katalaansk. Dy taal wurdt in soad yn skreaun, helte mear as yn it Frysk. El Hachmi is benammen ferneamd wurden troch har boek L’últim patriarca (‘De Lêste Patriarch’), fan 2008, dat yn ferskate talen oerset is, ûnder oaren yn it Hollânsk. It is in ymmigranteboek mei in aktueel ymmigrantetema. It giet oer in âlderwetske heit dy’t de frijheid fan syn moderne dochter net ferneare kin.

Minder bekend, en foar de Fryske lêzer miskien wol sa aardich, binne twa oare boeken fan har Jo també sóc catalana (‘Ik bin likegoed Katalaansk’) en La filla extrangera (‘De Dochter om utens’). Beide boeken binne yn it Spaansk oerset, mar – foarsafier as ik wit – net yn oare talen. De earstneamde roman giet oer it libben fan de jonge ik-persoan Najat, in nij-ynkommeling, dy’t har sawol yn it âlde as it nije lân in frjemd fielt. Ut en troch komt har memmetaal oan ‘e oarder. Yn it earste haadstik wurdt beskreaun hoe’t ‘har’ lytse jonge nei syn hantsjes sjocht en fernimt dat syn neilen groeid binne. Mira mama, tinc axan! (‘Sjoch mem, ik ha neilen’), ropt er lûd. De mem begrypt útsoarte wat it bern seit en hat gjin oanstriid om him te ferbetterjen mei te sizzen dat elk minske neilen hat.

“Yn it oanbegjin wiene alle wurden dy’tst mei dyn lytse mûltsje uterest Berbersk; do neamdest my sels yemma”, beprakkeseart de ik-figuer. “No mjukst net mear sa de twa talen trochinoar, mar der bin wurden dy’tst altyd yn it Berber seist; ek al kinsto ‘neilen’ (ungles) sizze, fynst it altyd noflik om axan te sizzen.” De mem hopet fierders dat har jonkje letter sawol it Berber as it arabysk goed yn ‘e macht krije sil. “Sil it dy stekke, de deis datst yn Marokko weromkomme silst, as de de minsken fan ‘e macht dij yn ‘e taal fan ‘e profeet oansprekke sille? Jawis, se sille op ús dreamen del sjen, mar dat sil foar dij gjin nije ûnderfining wêze. Dyn oare taal, it Katalaansk, wie yn oare tiden ferfolge en lytsachte; it is net om ‘e nocht dat dyn mem se as twa sustertalen sjocht. (…) Ik hoopje datsto ier of let betinke silst dat dit trochinoar fan taal dêr’tst mei opgroeist inkeld in ferriking is. Ik hoopje datst, lykas dyn mem, leare silst om fan alle talen likefolle te hâlden.”

Sokssawat ha de jonge heit en mem Azmani miskien ek wol beprakkeseard oer de lytse Malik.

Yn it oare boek, La filla extrangera, is de Berberske taal hast in romanpersonaazje wurden. Wurden en siswizen yn it Berber fertsjintwurdigje it ‘oare’ tinken en belibjen. It tilt by wize fan sprekken op fan de treppet, de sûpenbrij, de nachtbidlers, de foartsjirmerijen en de bûzehapperts, dat it boek freget der hast om om yn it Frysk oerset te wurden.

 

2. “It eanget my wol

Najat El Hachmi skriut net allinnich romans mar ek opinystikken yn kranten. Nei de skriklike oanslaggen yn Barcelona kamen minsken massaal byinoar om de famyljes fan slachtioffers te stypjen en solidariteit te betsjûgjen. Der wiene spandoeken te sjen mei it biedwurd no tenem por, ‘wy bin net bang’.

“Ik bin ál bang”, skreau Najat El Hachmi yn it blêd El Periódico op 19 augustus 2017. “Net foar de moslimhaters, want dat is mar in lyts ploechje en hieltyd deselden. Nee, ik ha eangst foar de ‘nije religy’, dy’t oars is as dy fan ús âlden en oarren. It is in reäksjonêre islam dy’t net witte wol fan it ferskaat dêryn, dy’t ta haat oanset tsjin de net-moslim en dy’t eltse sfear fan it yndividu kolonisearje wol. Hoenear sille wy – yn pleats fan te sizzen dat terroristen gjin moslims binne – mei in mear yngeand debat teset oer de gefaren fan dy totalitêre ideology?”

Dit opinystik fan Najat El Hachmi hat my troffen. Yn it foarste plak omdat ik har bydrage moedich achtsje. Yn it twadde plak omdat it jin fierder bringt as de bekende pat-stelling. (Wyt: “islam is frede”, swart: “ja, grif, mar it binne noait Jehova-tsjûgen dy’t mei bommen smite”.) En yn it tredde plak omdat it wat oer ynboargering seit. Dat giet net allinnich om it begripen fan ‘de kultuer’, mar ek fan ‘de kultueren’, ûnôfhinklik fan wat je dêr mei dogge of fan fine.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels