fotografy: Linus Harms

Tusken eangst en bewûndering

GRYTSJE KLIJNSTRA – 

Animaasjekeunstner Siebe de Boer (32) wennet yn in lyts appartemintsje op trije heech, krekt bûten de Grinzer binnenstêd. Syn hûskeamer is krap; de twasitsbank stiet hast tsjin it blauwe keukenblokje oan. Mar dat wist ik al, betink ik my. Ik ha dit plak ommers earder sjoen, yn Tresoar op in Moanne Live-jûn, dêr’t er ûnder oaren in kompjûteranimaasje sjen liet fan syn eigen hûs. ‘Dat wie digitaal wol in bytsje opromme hear’, gnysket er.

Siebe de Boer makket animaasjes dy’t spoekeftich leaflik binne. Yn syn koarte films lit er ús sweve troch kompjûtermodellen fan nachtlike stêden en tsjustere lânskippen. Krekt as yn syn neiboude hûs, in grapke foar himsels, is it dêr meastal ferlitten. Yn lange kamerabewegingen fleane je troch lege stasjons en oer strjitten dêr’t gjin minske te sjen is. Technyk, arsjitektuer en ljochtfal spylje faak de haadrol, lykas yn syn oare wurk. Yn de fideoklips foar de band Space Siren, mar ek yn syn strips – dêr’t er soms ek animaasjes fan makket – komme skylines en technyk werom. ‘Ik sykje yn myn wurk nei moderne romantyk’, ferklearret Siebe syn styl. ‘Ik hâld fan it lege lân, it ljocht yn de nacht en it gloeien fan lantearnepeallen. Dêr tsjinoer set ik de skientme fan it keunstmjittige: de Vinexwiken, de tankstasjons en de fiadukten.’

Syn unheimische bylden wiene de ôfrûne jierren al yn hiel wat galeryen en musea te sjen.

It stie in skoftke wat stil, mar begjin dit jier hie De Boer wer súkses mei in nij projekt. Fan filmklassikers lykas Rear Window en Dr. Strangelove boude er op minusjeuze wize digitaal de ymposante sets nei, mar dan sûnder akteurs. De designblogs kamen superlativen tekoart. ‘Ik woe it prachtige ûntwerp fan de filmsets sjen litte en se mei aktuele technyk neibouwe. De filmsets meitsje diel út fan ús kollektive geheugen, mar it binne gjin besteande plakken. Foar arsjitekteburo’s bou ik ek arsjitektuer dy’t noch net bestiet en dêr brûk ik deselde technyk foar. De kompjûter is lykwols hiel goed yn strakke, glânzjende foarmen, mar net yn kapotte stiennen. Yn de arsjitektewrâld sille je nea in kofjeflek sjen. Ik wol as animaasjemakker it ambacht werombringe, it kopke kofje just omstjitte. As in soarte fingeroefening foar mysels en om sjen te litten wat ik dwaan wol.’

‘It ôfstudearen hie ik al hast opjûn. Uteinlik swaaide ik ôf mei trije achten. Krekt op tiid wie de sirkel rûn.’

 

In steile learkurve

De Boer is in betûft animaasjemakker, mar safier wie it hast net kaam. Op Minerva, dêr’t er begûn yn 2001, liet er syn jongesdream om animaasjes te meitsjen farre. ‘Op ’e akademy siet animaasje mear yn de yllustraasjehoeke, en minder yn dy fan de autonome keunst. Boppedat wie de kompjûtertechnyk noch net sa fier, dus sloech ik oan it tekenjen en skilderjen. Hiele dagen siet ik te sketsen op ’e akademy. Ik wie der altyd, want oars siet ik dochs mar yn de trein, hinne en werom nei Deinum.’

Nachtlike strjitten en stedslânskippen hiene syn ynteresse, meastentiids tekene mei kryt op donker papier. Mar mei it ôfstudearjen yn sicht kaam de âlde winsk werom om it tekenjen nei it trijediminsjonale te lûken, en dat foel net ta, fertelt er. ‘Ik hie betocht dat ik foar myn ôfstudearen graach papieren makettes meitsje woe mei ljochtsjes deryn. It waard freeslik. Moannen wurk koste it, mar ik wie der fierstente ûnhandich foar. Myn dosinten joegen my trije fiif-en-in-healen en hiene der gjin betrouwen yn. Dêr koe ik net mei ôfstudeare.’

Fanneed besleat De Boer nije sketsen te meitsjen mei syn kompjûter. ‘In steile learkurve kinst it wol neame’, laket er. ‘Ik makke 3d-modellen en ûnderwilens learde ik it programma. Dit wie perfekt. Ik koe eksperiminteare mei beljochting, it wie lekker strak en ik koe de kamera der moai trochhinne sweve litte. It ôfstudearen hie ik al hast opjûn, mar doe blieken myn dosinten dat prachtich te finen! Uteinlik swaaide ik ôf mei trije achten. Krekt op tiid wie de sirkel rûn.’

 

Voilà!

Yn syn ôfstudearfilm fertaalde er syn wei fan it doarp nei de stêd nei in filmyske animaasje fan in ferljochte trein dy’t stadich troch in tsjuster lânskip glidet. Begjinnend op it ferlitten perron fan Deinum reizget de sjogger mei nei de stille strjitten fan Grins. Underweis sweve wy lâns elektrisiteitsmêsten, fabriken en greiden.

‘Myn wurk hinget tusken it optimistyske en it pessimistyske yn. It slingeret wat hinne en wer, lykas alles by my. Ik bin net sa fan de definitive útspraken.’

Ta Siebes ferbjustering wie it in daverjend súkses.­ ‘It oerfoel my. Myn wurk waard sjoen as it meast ferrassende fan de hiele tentoanstelling, en blykber besykje alle keunstynstellingen dy ôfstudeartentoanstellingen. Dêrnei wie it al gau te sjen yn it Boijmans Van Beuningen, galerie Sign en yn de Vera, ik wie op ’e tillevyzje… Dêr hoegde ik net in soad foar te dwaan. Ik wie keunstner! It stie op myn diploma, dus voilà!’

Direkt nei de ôfstudeartentoanstelling waard er belle troch it Sandberg Instituut yn Amsterdam, in prestisjeuze ferfolchoplieding foar toptalinten. In dream foar de measte keunstakademystudinten, mar Siebe de Boer sloech it oanbod ôf. Yn stee dêrfan keas er foar in Masteroplieding mediakeunst oan it Frank Mohr Instituut yn Grins. Dêr waard De Boer ‘flink trochinoar rammele’. De konseptuele ynslach fan it Frank Mohr stie soms heaks op syn winsk om klassike animaasjes te meitsjen. Mar nei syn twadde ôfstudearen, yn 2006, gie it wer need. Hy eksposearre ûnder oaren yn Amsterdam en yn Kunsthuis SYB. Tagelyk joech er animaasjeles op de ôfdieling Boukunde fan ’e TU Delft. ‘It wie in tige produktive perioade en ik wie bliid: blykber fielden minsken oan wat ik altyd al dúdlik meitsje woe.’

 

It Sublime

Yn syn wurk lit Siebe de dialektyk sjen tusken it natuerlike en it technologyske. It Nederlânske lânskip is ommers ien grutte arsjitektuer, wêryn’t lân en konstruksje yn inoar oer rinne. Geweldich moai, fynt Siebe. ‘As bern rûn ik al graach ûnder dy grutte elektrisiteitsmêsten troch. Dy patroanen en dy linen fûn ik prachtich en om’t it hjir sa plat is, kinne je dêr einleaze rigen fan sjen. Se steane der sa “plompverloren”, dy stielen konstruksjes midden yn it lân. En dochs falle se de measte minsken net iens mear op, om’t wy se it leafst negeare wolle.’

Technology lûkt oan en it stjit ôf. Mei dêrom rekke De Boer fassinearre troch It Sublime, it filosofyske konsept út de romantyk. ‘It Sublime kombinearret de eangst mei de bewûndering. It giet oer de dingen dy’t grutter binne as ússels. Technology hat dat ek: it is sa grut dat it net mear te befetsjen is. We witte wol wat it docht, mar net hoe’t it wurket. Dat is moai, mar ek benearjend.’

‘Ik fyn it net belangryk om myn autonome wurk te ferkeapjen, om’t dêr konsesjes by hearre. Ik wol myn eigen kaders stelle. Ik sit net te wachtsjen op oaren dy’t har mei myn keunst bemuoie en ik hoech ek gjin subsydzje.’

Yn syn animaasje Stroom út 2007 lit er ús troch in tsjuster hûs bewege, wêryn’t alle ‘fanselssprekkende’ technology mearkeëftich opljochtet. ‘Wy binne oeral ynplugd, we kinne net mear werom. As de stroom útfalt, dan ha wy dus in grut probleem. Tagelyk fyn ik de foarm fan in stekkerdoaze bygelyks prachtich. Sels soe ik se nea fuortwurkje wolle, ik lit it leafst alle kabels troch de keamer rinne’, laket er. ‘Sa hinget myn wurk tusken it optimistyske en it pessimistyske yn. It slingeret wat hinne en wer, lykas alles by my. Ik bin net sa fan de definitive útspraken.’

 

Lytse krisis

Dat docht ek bliken út de mannichte aktiviteiten dy’t De Boer neist syn animaasjewurk út ’e wei set. Op it stuit tekenet Siebe semy-autonome strips, makket er fideoklips, docht er yllustraasjewurk en ûntwerpt er posters. ‘Myn wurk bestiet út tsjinreaksjes’, jout er ta. ‘In digitaal model kinne je net ferfrommelje en yn ’e prullebak goaie, dêrom bin ik wer oan it tekenjen. Ik sigesaagje wat tusken tapast en autonoom en besykje de kennis dy’t ik opdoch wer ergens oars yn te setten.’

Dat liedt wolris ta in ‘lytse krisis’, fertelt er. ‘It giet mei hoarten en stjitten. Soms komt der hielendal neat en dan ynienen rint it wer lekker, ek finansjeel. Faak freegje ik my ôf: wêr bin ik no eins mei dwaande? Je moatte in soad offers bringe om dwaan te kinnen wat je wolle. Deade keunstners fertsjinje it meast. Mar dêr tinke je yn it begjin fan je karriêre noch net oer nei.’

De Boer hat de diskusje mei himsels yntusken al faak fierd. ‘It wie nea myn bedoeling om keunstner te wurden. Ik woe gewoan lekker tekenje en moaie dingen meitsje.

Dat is noch altyd sa. En oan de iene kant soe ik in galery net ôfslaan, mar oan de oare kant hie ik it wurk dat ik no meitsje nea meitsje kind as ik by in galery sitte soe, want dy wol dy wer in bepaalde kant op triuwe.’

Sa’t it no liket, bliuwt De Boer it leafst selsstannich. Hy neamt himsels ‘keunstner-ûntwerper’ en besiket mei in pear strukturele opdrachten wat finansjele frijheid foar himsels te kreëarjen. ‘Ik fyn it net belangryk om myn autonome wurk te ferkeapjen, om’t dêr konsesjes by hearre. Ik wol myn eigen kaders stelle. Ik sit net te wachtsjen op oaren dy’t har mei myn keunst bemuoie en ik hoech ek gjin subsydzje. De “ivoaren toer” sprekt my net oan, want wat ik meitsje moat diel útmeitsje fan de bredere kultuer.’ Siebe tinkt dêr noch even oer nei. ‘Mar witst? Ik bin der eins net sa wis fan. Do silst krekt sjen dat ik oer tweintich jier wól by galery Fons Welters sit.’ Hy gnysket. ‘En dat ik tsjin dy tiid ferskriklik laitsje moat om dit ynterview.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014),  2 (april) s. 22-25.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.