Tsjoch!

INGE NICOLAIJ – 

Der is dúdlik wat te fieren op de foto, dêr kinst net omhinne. Slingers, drank, blide minsken en sels in tekening fan in sjampanjeglês oan de muorre. Mar wat falt der te fieren? Soe heit werom kommen wêze fan in lange reis op see?

Yn Nederlân is ûnder oaren oan it tal strepen op ien syn skouder de status binnen de marine ôf te lêzen, dat is hjir net it gefal. Ek it opskrift ‘Texas’ lit ús witte dat dit tafreel him oan de oare kant fan de Stille Oseaan ôfspilet.

 

Sy hat in blik yn har eagen, dy ik ek wol ris by ús suske sjoen ha.

 

De blom op heit syn unifoarm is de kjers op de taart fan myn konkluzje; it giet om de heit. Ik neam him ‘heit’ om’t de jonge rjochts fan him in ôfgryslik soad op him liket. It famke liket net op him, mar faaks ervje de genen fan har mem har kant sterker oer op de dochters fan de famylje.

No’t ik it dochs oer har ha. Sy is net mei de fotograaf dwaande, mar sjocht nei immen fierderop yn de keamer. Sy hat in blik yn har eagen, dy ik ek wol ris by ús suske sjoen ha. Dizze blik hat se yn har eagen as se wat ûndogensk útfret. Se sjocht dan, wilens de die, ien fan myn âlders oan yn ôfwachting fan in reaksje.

It famke op de foto drinkt wat. Nettsjinsteande har lytse hannen, is it glês net te sjen. Nei alle gedachten binne it romerkes. Ik bin benijd wat der flak nei de foto sein en bard is.

 

Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en besprekt alle moannen foar de Moanne in foto út har samling.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.