Tsien stellingen oer it ‘Nedersaksysk’

Publisearre op 10 juni 2013

BOUKE SLOFSTRA –

De Twadde Keamer is, koart sein, tsjin de ‘erkenning’ fan it Nedersaksysk as ‘streektaal’ (RTV Noord 05-06-2013). Dat is in moaie oanlieding om in pear stellingen oer it ‘Nedersaksysk’ en anneksen del te skriuwen. Ik bedoel hjir moai yn ‘e betsjutting fan ‘gaadlik’, net fan ‘noflik’; lit dat dúdlik wêze.

[1] Wat wy Nedersaksysk neame (Twintsk, Drintsk en sokken mear) is feitliken it Leechdútsk (of: Niederdeutsch) fan diskant de grins mei Dútslân. Oars sein: in part fan in folle grutter gehiel. Dat hat konsekwinsjes.

[2] Niederdeutsch stiet tsjinoer Hochdeutsch, en Deutsch betsjut hjir yn ‘e foarste plak ‘folkstaal’. Hollanners leauwe graach dat Nederduits in mingtaal is fan Neder-lands en Duits, dus krekt sokssawat as Franglais: in mingtaal fan Frânsk (Français) en Ingelsk (Anglais). Hollanners fersinne harren wolris. Dat hat konsekwinsjes.

[3] Dy ‘erkenning’ is eins net sa ôfgryslike foarnaam. Siemon Reker hat gelyk as er seit dat de sprekkers fan it ‘Nedersaksysk’ better sels harren taal erkenne kinne en oan ‘e bern trochdwaan. Ik lit dit punt gewurde.

[4] Alles wat mei de emânsipaasje fan Noard-eastlike streektalen te krijen hat, liket in fertocht soad op Bewegingsfrysk: eigen ynstituten, plaknammebuordsjes, Bibeloersettingen ensafuorthinne. It wurdt sels fakentiids mei safolle wurden sein: ‘wy wolle hjir gjin Fryske tastannen’. Dat wol sizze: dat binne de iennge tastannen dy’t wy sa gau betinke kinne. Ik lit dit punt likegoed mar gewurde, mar der soe in moaie dissertaasje yn sitte kinne foar wa’t wol.

[5] Emânsipaasje? Bestiet dat wurd noch? Sûnt de jierren fan Ayaan is emânsipaasje itselde as frouljus- en homo-saken; foar alle oare minsken jildt: yntegraasje. Ik oardielje hjir net oer polityk of maatskippij. Ik obstrewearje, nei myn betinken, in maatskiplik feit dat sa grut is dat jo it samar oer de kop sjen soene. It nijsberjocht fan RTV Noord jout in moaie yllustraasje fan dat nije tinken.

[6] Deselde Siemon Reker (in betûfte en bewittenskippe Grinzolooch) seit wolris dat it wurd taalpolityk allinnich yn it Frysk bestiet. Dat kin sa wêze, mar it betsjut perfoarst net dat it ferskynsel ôfwêzich wêze soe bûten ús provinsje. Hjir begjint it twadde part fan myn dekalooch.

[7] Taalpolityk bestiet eins wol yn Nederlân, op ryksnivo. En sels yn ‘e wittenskip. Alle ûndersyk dat net oer ‘it ABN’ giet, giet oer ‘it ABN en syn dialekten’. (En nee; it feit dat it Frysk histoarysk besjoen in aparte taal is, achtsje ik net iens it grutste beswier.) Foarbylden: it WFT dat troch it INL anneksearre is as in eigen pleatslik-Hollânsk wurdboek; in stik fan Meertens-meiwurker Nicolien van der Sijs (11-05-2013) oer it sammeljen en gearswyljen fan dialektdata. Goed stik en goed projekt op himsels, mar krekt te folle op ‘e toan fan wittenskiplike nearlandisy tsjinoer regionalistyske hampelmantsjes.

[8] De punten 1 en 2 ha konsekwinsjes, lykas sein. De suver wittenskiplike feiten út ‘e histoaryske taalwittenskip strûpe ûnder yn ‘e kretology fan sawol hollannosintristen as streektaalminsken. It Leechdútsk fan ‘e âlde Hânzestêden hat in grutte ynfloed hân op it Frysk fan no. As Herman Finkers seit dat Willem Wilmink spitigernôch “oet de tied” rekke is, dan begripe wy Friezen wat er bedoelt te sizzen. In húske fan hâld-oan hjit yn it Noardeasten fan Nederlân in hoeske van hol-an. Ik soe botte graach witte wolle hoe en wannear at sokke taaleleminten yn it Frysk bedarre binne. En ek: hoe grut at de fersprieding fan sokke wurden en útdrukkingen is (of west hat). Mar dat kin spitigernôch net: ûndersyk oer ‘it ABN en de dialekten’ hâldt altyd op by de lânsgrinzen.

[9] Dat betsjut dat (Frysk) ûndersyk oer taalbeynfloeding by definysje oer it Standert-Nederlânsk giet, krekt as by in automaat: Je stekke der ABN yn en der komt ABN út.

[10] De tsien stellingen fan Bo Sjölin ha no wol grappich en aardich west (dat wol sizze: (1) de Fryske Beweging Dooch Net, en (2) ek dy’t it mei my ûniens is heart by de Fryske Beweging, en doocht dus net). It is no de tiid foar nije tsienen fan stellingen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels