Tsien rûzige lieten út de nije Twin Peaks

ARJAN HUT – 

“Ik haat David Lynch!” Dochter (16) klapt de doar ticht en stoarmet nei har keamer. Net folle letter komt der muzyk fan boppe. ‘Music from Twin Peaks’, de fertroude soundtrack fan doedestiids.

Wy ha krekt via Videoland.nl de earste twa ôfleveringen fan Twin Peaks – The Return sjoen. Dêr ha de leafhawwers 25 jier op wachte. Regisseur David Lynch en skriuwer Mark Frost ha eins in film fan 18 oeren makke, mei in grut budzjet en: folsleine kreative frijheid.

Mar: wêr is de muzyk? Wat opfalt is it ûntbrekken fan de fertroude lûden, de jazzy motyfkes, it orkest fan wyn-troch-beammen en strikers.Yn plak dêrfan optredens fan echte bands, dy’t spylje yn de Bang Bang Bar, oftewol ‘The Roadhouse’.

Neigelang it nije seizoen foarderet (wy ha no 8 fan de 18 oeren sjoen) boazet de soundtrack oan. In soad hits út de jierren fyftich, of klassike muzyk, soms ûnwerkenber ferfoarme. En èk nije komposysjes, fan hûskomponist Angelo Badalamenti.

Tiid foar in ferfolch op ‘Tsien rûzige lieten út de wrâld fan Twin Peaks‘!

 

10 The Muddy Magnolias – American Woman
Yn de earste ôflevering fan de nije Twin Peaks klapt in stadige beat as in tichtslaande fammekeamersdoar fan it skerm. Bylden fan in autorit troch de nacht. In djippe, swiere stim sjongt nonsjalant:

I know my worth and who I am
Mister if you’re hard up, I can spare a few grand

Hell will freeze over and I’ll be damned
‘Fore I take orders from any ol’ man

It is lykwols net in man dy’t sjongt, mar twa froulju. De muzyk en de stimmen binne in kear as wat fertrage. It ferske hjit American Woman (nee, net dy classic rock-hit fan The Guess Who) en it duo The Muddy Magnolias. Harren oarspronklike ferzje klinkt in stik minder benearjend as de Twin Peaks-fariant!

9 Chrystal Bell – Falling
Sjongeres Chrysta Bell spilet yn de nije Twin Peaks de sensuele FBI-agent Tammy Preston. Preston beweecht en praat as komt sy streekrjocht út in klassike film noir. Bell naam mei producer John Fryer (û.o. This Mortal Coil & Depeche Mode) in nije ferzje op fan Falling (‘Twin Peaks Theme’). Net foar de soundtrack, mar as earbetoan oan de searje.

In âld tema yn in nij jaske, dat is krekt wat Lynch en Frost mei de nije searje nèt dogge. En terjocht, tinkt my. Dizze nije ferzje fan Falling is aardich, mar ken net tippe oan it orzjyneel dat songen wurdt troch Julee Cruise. Mar oardielje foaral sels!

8 The Cactus Blossoms – Mississippi
Gjin nije Badalamenti-komposysjes yn de earste ôfleveringen, gjin jazz, útsein in inkelde pleagerige noat, mar wol live-muzyk fanút The Roadhouse, dat no Bang Bang Bar hjit.Yn de âlde searje spylje har op dizze lokaasje in pear klassike sênes ôf.

Oan de ein fan ôflevering twa spylje The Cactus Blossoms op it houten poadium foar de reade gerdinen in ferske dat klinkt as The Everly Brothers.

“There’s a dive I know on River Street,” giet it, en ik doar te wedzjen dat yn dy ‘dive’ ferdomd goeie kofje te krijen is. Yn jannewaris spilen dizze harmonieuze jonges noch yn guon Nederlânske kroechjes.

7 Nine Inch Nails – She’s gone away
Hie ik al sein dat guon artysten spesjaal foar de nije Twin peaks nije muzyk opnamen? Eddy Vedder bygelyks, mar dy hat noch net west.

Omdat it dochs noch in tal jierren duorre foardat de searje der werklik wie, binne guon ferskes al in skoftke út. Lykas She’s gone away fan Nine Inch Nails. De yndustriële metal band spilet it nûmer yn de Bang Bang Bar yn ôflevering 8. En se spylje net in skiterich minútsje lykas by oare tv-programma’s, se spylje it hiele nûmer! Zappe de minsken dan net fuort? Dejingen dy’t dat diene, ha neffens de besprekkers wat mist:

‘The Show’s Most Bonkers Episode’ (Vanity Fair)

‘A riveting episode unlike any other’(Vox)

‘There’s nothing to point to in the history of television that helps describe exactly what this episode attempts’ (NY Times)

‘Arguably television’s WTF-weirdest and most ambitious hour ever’ (Rolling Stone)

‘The most mind-melting, majestic outing yet’ (The Guardian)

6 Dave Brubeck Quartet – Take Five
Take Five is in populêre jazz-komposysje dy’t 58 jier lyn (july 1959) opnommen waard. De titel ferwiist nei de fiif-kwarts maat, alt-saksofoanist Paul Desmond skreau it liet sadat drummer Joe Morello mei syn fiif-kwarts-feardichheden pronkje koe. It waard pas twa jier letter, yn 1961, in grutte hit. It is noch in soad te hearren yn films, reklames of op de radio. Royalties fan Take Five geane sûnt de dea fan Paul Desmond yn 1977 nei it Amerikaanske Reade Krús.

Yn ien fan de nije ôfleveringen fan Twin Peaks spilet it ûnder in sêne dêr’t Dale Cooper, nei 25 jier yn in oare diminsje, syn leafde foar pankoeken en kofje werûntdekt.

5 Angelo Badalamenti – Accident / Farewell theme
Yn ôflevering fjouwer is Laura Palmer’s theme foar it earst te hearren en de iepeningsmuzyk is deselde as dy fan eartiids, mar fierder duorret it lang foardat der nije muzyk fan de hân fan Angelo Badalamenti klinkt. Mar as it komt, dan komt it ek bot oan.

De sêne dêr’t Accident / Farewell theme ûnder te hearren is, fûn ik sa yngripend dat ik de muzyk net iensen fernaam. Myn dochter fûn it de bêste ôflevering oait. Mei dêrom ha it dochs noch mar ris weromsjoen (en -harke) en hâlde it net drûch.

Krekt as Laura Palmer’s Theme, is it nije Accident / Farewell Theme skreaun foardat der in tel filme wie, op basis fan in omskriuwing troch Lynch oan Badalamenti.

4 The Paris Sisters – I love how you love me
Green Onions fan Bookter T. & The MG’s, Sleepwalking fan Santo & Johnny, A Prayer fan The Platters, der komme hiel wat ‘golden oldies’ foarby, mar de sêne dy’t oant no ta it meast yndruk makket, is op muzyk fan The Paris Sisters. Dizze trije susters út San Franscisco waarden ûntdekt troch Phil Spector en hiene mei I love how you love me in hit yn oktober 1961.

Yn ôflevering fjouwer is it te hearren ûnder in passaazje mei it nije karakter Becky Burnett (Amanda Seyfried), in op it each Laura Palmer-achtige jongedame dy’t mei in dubieuze, drugsferslaafde keardel troud is.

It byld fan Becky dy’t high wurdt en omheech sjocht ûnder it autoriden is no al ikoanysk.

3 Trouble – Snake eyes
Snake eyes fan Trouble is spesjaal foar Twin Peaks skreaun en is in typysk stik sax-jazz-rock-sfearmuzyk dy’t op meardere soundtracks fan Lynch syn films (Lost Highway!) weromkomt.Yn de band sitte ûnder oaren Dean Hurley, dy’t mei Lynch it duo The Thought Gang foarmet en Riley Lynch, soan fan de regisseur. Struktuerleas en dominant as in wolk smook, de muzikanten klinke as wenje se yn de Bang Bang Bar.

2 Johnny Jewel – Windswept
Tûzenpoat Johnny Jewel út Texas hat syn eigen platelabel en sit ek yn de measte bands op dat label.

Hy skreau in album mei nije keyboard-elektronika ferskes foar de nije searje en ien stik dêrfan komt prominint yn it ferhaal foar. It is it koele Windswept, stilearre nachtjazz dy’t besibbe is oan de temamuzyk fan de film Twin peaks- Fire walk with me (1992). Sober, ienfâldich, desolaat en dochs sa gefoelich.

Windswept is foar it earst te hearren ûnder de ôftiteling fan episoade fiif. It wurdt ek wol Dougie’s Theme neamd, neffens it nije, wrâldfrjemde karakter Dougie Jones, ien fan de dûbelgongers fan Dale Cooper.

1 Chromatics – Shadow
Alles wat nij is moat wenne en Twin Peaks sûnder jazz of Angelo Badalamenti syn strikers is … nij. Al binne der allerhanne meast elektryske gûnstoanen tge hearren, eins is it wol hiel stil. De sênes binne lang en it tempo leit niteljend leech, dwers tsjin alle mediatrends yn. Geandeweis komt der mear muzyk yn Twin Peaks – the Return, mar men moat geduld dwaan. De ferskes fan de bands dy’t spylje binne gauris nij, en ek dat moat wenne. ‘Ik haat David Lynch,’ sei myn dochter en it ferske oan de ein fan de earste ôflevering fûn se ‘stom’.

Twa wike letter hearde ik it har ûnder it hûswurk meitsjen núnderjen en no is it al in skoftke in favoryt fan har: Shadow fan The Chromatics.

Bonus
No’t wy dêr dochs binne, hjir ien fan dy klassike Roadhouse sênes út de ‘âlde’ Twin Peaks. Julee Cruise stiet op it poadium. Wy hearre it lêste stikje fan Rockin’ back inside my heart, en dan komt it dreamerige, mankelike The world spins. Middenyn it ferske ferskynd De Reus op it poadium mei in boadskip foar Dale Cooper, mar dêrnei giet de muzyk wer fierder hear. De Reus wurdt spile troch de Nederlanner Carel Struycken. Hy spilet ek yn de nije searje.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.