Tryater bestiet fjirtich jier! Dat is in lokwinsk wurdich.

 ANNET VAN DER HOEK – 

Ik gean al fan it begjin fan de jierren santich ôf nei Tryater en der binne net folle foarstellings dy’t ik mist ha. Ek polityk ha’k, benammen as Steatelid, in protte mei Tryater te meitsjen hân.

Der wurdt no it measte  praat oer de grutte suksessen fan Tryater fan de ôfrune jierren. Mar ek foarstellings fan langer ferlyn bliuwe yn it ûnthâld. Bygelyks Simson, De Fûke, De Triljende Ierde, Abe!, Orfeo Aqua en Kening Lear bliuwe jo by.

In aktrise as Jeltsje Das wurdt net safolle mear oer praat. It heucht my  dat ik har, doe’t ik foarsitter wie fan it Frysk Anti Faksisme Komitee, frege hie om wat gedichten foar te dragen by in 4-maaiebetinking yn Sealen Schaaf yn Ljouwert. Dat makke in protte yndruk. Ien foarstelling (út 1983) is my bybleaun. Dat wie Veronika har keamer fan Ira Levin, oerset út it Ingelsk  en regisseard troch Romke Toering. Fierder spilen mei Romke de Leeuw, Rense Westra en Aly Bruinsma. Jeltsje spile Suzan. Letter fertelde se my, dat se der mei wraksele hie hoe’t sy dat karakter stal jaan moast. Yn it oarspronklike stik spruts de frou in dialekt fan it Ingelsk. Fan wa’t it idee wie wit ik net, mar yn alle gefallen spruts hja it Gaasterlânske dialekt. Dêrtroch waard it in hiel eigen karakter, ticht by de minsken.

Ik ha grutte wurdearring en bewûndering foar de hjoeddeiske spilers en foar  ferskate regisseurs yn al dy jierren, mar by in jubileum moatte wy ek net ferjitte wa’t Tryater grut makke hawwe! Der sitte no noch spilers by fan it begjin, mar krekt as yn al dy fjirtich jierren wurdt ek jonge spilers in kâns jûn. Yn de hjoeddeiske foarstellings fernimt it publyk, yn en bûten Fryslân, ek noch hieltyd it entûsjasme en de kwaliteit!

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 21.

Comments
Ien reaksje oan “Tryater bestiet fjirtich jier! Dat is in lokwinsk wurdich.”
  1. Berry Westra schreef:

    Hielendal iens!!
    Ik kom graach yn kunde mei jo, om te praten oer it Tryater yn die periode, is dat mooglik?

    Groetnis Berry Westra

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.