Trochleare en sa

Publisearre op 16 december 2016

WILLEM WINTERS –

Sosjologen neame it arbeiderskultuer – merke, lieten [meisjongers], [platte] taal – ensafhinne. Philip Snijder is gjin sosjolooch, mar skriuwer. Syn roman ‘Zondagsgeld’ giet oer it libben op Bickerseilân, in buert yn Amsterdam, it is in tige sletten mienskip mei in eigen kultuer. De haadpersoan, in jonge fan 11 jier besjocht de ferhâldingen op Bickerseilân, dêr’t er him net thús fielt. Oarsaak is it ûnderwiis dat de mooglikheid ta trochlearen jout.

 

Trochleare wie fral foar jonges, famkes hiene genôch oan de spinaazjeakadeemje.

 

Snijder wit de sfear fan it deistich libben yn de jierren ’50 op te roppen. Dit boek rekke my slim, it is de skiednis fan mysels, soan fan in bussjauffeur en in húsfrou, hikke en tein op ‘e Badwei op it Hearrenfean. De Badwei wie ek fierhinne in Arbeidersbuurt, hoewol minder sletten as Bickerseilân [tink ik]. Siebenga wie baas fan de houtzagerij, Van der Meulen wie timmerbaas, de redensfabryk wie fan Pier Bos, mar dy wenne dêr net, it wiene mar lytse baaskes, dochs hiene hja een seker gesach. De middenstân wie fertsjintwurdige mei in timmerman, in winkelman, en in grienteboer.

Nei de learplichtige leeftiid wie der de HBS foar de middenstân en heger. Foar arbeidersbern wie de MULO de skoale om hegerop te kommen. Mar jonges as Piet soan van in boufakker- giene oan it wurk. Hy kaam op in kantoor en fertsjinne in meager lean. Wy – trochlearders dy’t byles krigen – moasten it dêrtsjinoer hawwe fan bûsjild en sneons bôle útsútelje. ‘Us âlden leinen der krûm foar’, foar dy gloarjende takomst fan harren bern. Grut wie de teloarstelling as in trochlearder syn kansen net grypte [sa as de soan yn ‘Het Geschenk’; ek fan Philip Snijder; dêr komme in oantal deseldde persoanen yn foar] en wat hie ik in gloeiende hekel oan dat ‘krûmlizzen’. Ik frege dêr dochs net om?

Dat trochlearen wie net allinne in kwestje fan kennis opdwaan, mar wie ek fan ynvloed op hâlding en gedrach. It gefolch wie dat dizze arbeidersbern harren milieu ûntgroeiden, sa it hiet. Se hiene ek muoite mei harren noch wat ûnwisse, wankele posysje op de maatskippelijke ljedder.

De jonge haadpersoan út ‘Zondagsgeld’ hat goeie rapporten; stiigt út boppe de oare Bickereilânners. Hy sil trochleare. Boppedat is er gjin ‘echte eilânner’ want syn heit komt út Grins. It slagget him like min tusken de eilânners syn plak te finen. Harren kultuer is nochal rûch, djip dolle dogge se net, mar mei de ùtdrukking ‘Jopie [de heit] is anders als ons’ wit elk genôch. De jonge is troch de heit ‘besmet’; dêrom is der foar him gjin natuerlik plak tussen dy ‘ons’.

Troch it tanimmend underwiis waard dizze kulturele klieuw hieltiid djipper. Mear skaaimerken fan de Bickerske kultuer komme ta útering op it feest. Bygelyks: de folwoechsenen fertelle skeane bakken, de bern wurde achte der neat fan te begripen. Feitlike seksuele foarljochting wie der net by. Wie ús famylje by inoar dan wie der altyd wol ien dy’t rôp: toe F, fertel nochris fan it feest. Hie F. in pear slokjes op dan sette hy útein.

 

Ome Piet en Tante Keetje
Gaven een sexueel dineetje
Om acht uur zou het feest beginen
De gasten kwamen spiernaakt binnen.

Ome Wim en Ome Daan
Kwamen kontjeneukend aan

Zelfs de kleinste in de wieg
Lag te geilen met een vlieg

 

Dat wie de ôfdieling skeane bakken. Us Pake koe der ek wat fan, ik hear him nog roppen: ‘dat het schuimt, dat het schuimt.’ Ik hie mar in flau fermoeden wat er sa skomje moast. Neidat in pear buorrels yn de man wiene kamen de skuine moppen. Dêroan foarôf ropen de froulju: ‘hoe skuin issie’ en ’tink omme bern’ en kleine potjes hebben grote oren. Wy, bern, snapten net alles. Mar wy diene ús bêst. Sa wit ik noch dat freon Harm de ynstruksjetekening út it doaske tampons fan syn mem helle. En wy mar spekuleare hoe sit en hoe sit dat. Hast noch nea in kut sjoen dan snapst mar in bytsje fan de tekening.

Trochleare wie fral foar jonges, famkes hiene genôch oan de spinaazjeakadeemje [húshâldskoalle]. It hat lang duorre foar ‘t er in seker lykwicht ûntstie. Snijders jonge skammet him foar de bernewein fol fodden dy’t syn beppe samlet en dy’t er helpe moat nei de opkeaper te bringen. Sjocht de master my net? Sjogge de klasgenoaten dizze earmoedige optocht net?

Jin skamje. Dat kaam sa faak foar. Us mem hie in kolbert krigen. Dat koe wol foar my fermakke wurde, mar om’t de krage en de bûsen net feroare waarden, rekke it hiele kolbert út proporsjes.
Ik haw it boykot, ik droeg it nea. As’t mar skjin en hiel is, ik hie der neat mei op, mei dy typyske 50-er jierren ideeën. Doe’t ús húshâldbudzjet wat rommer waard, krigen wy ek faker nije klean. Dat seach de âlde mefrou Sybenga ek, har kommentaar: men sjocht langer gjin ferskil mear tusken de bern.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels