Tripke

Publisearre op 5 september 2018

BOUKE VAN DER HEM – 

Op dizze dei fan de rûnreis troch Súd-Afrika steane inkele útstapkes op it programma. Dat betsjut betiid út ‘e fearren, der is spesjaal in lokale gids mei sadat ús fêste begelieder him beheine kin ta it sjauffeuren. Earst nei de fûgelopfang yn ‘e buert fan de oseaan, dan nei in township dêr’t we in skoalle besykje sille en dêrnei noch in slachje-mei-taljochting troch de township; ta beslút werom nei de kust.

 

As wy it lokaaltsje útstroffelje, draai ik my om en doch wat ik nea earder die …

 

Us sjauffeur hat fan gewoante en meitsje hast elke dei in envelopke mei de foai foar in lokale gids, dy’t hy dan út namme fan de groep oerlanget; hast noch óp it fleanfjild fan Johannesburg hat er dizze gewoante, syn ‘proseduere’ en berekkening fan it beskieden totaalbedrach kreas útlein.

Mar diz’ kear wurd ík foar de bedieling frege; ‘k wol my der noch foarwei wine, mar dat soe flau wêze; it hoecht hjoed boppedat mar íen kear. En it is fêst sa feroare omdat hy de tafoege gids-fan-de-dei te goed kent om soks ûnderling ôf te hanneljen. Afijn: sa’n skytbedrach docht der ommers sowieso net ta, ‘t is fakânsje en wy sjogge út nei it deiprogramma!

It earste ûnderdiel fan it foarútbetelle ekskurzjeprogramma brocht ús nei de opfang fan maltretearre pinguïns en noch wat divers fleugelspul wêrfan’t de opfangmefrou elke soart neamd hawwe sil. Al mei al wie it in suterige bedoening: faaks omdat it hiele saakje meikoarten oerbrocht wurde soe nei de grutte, moderne opfang oan ‘e kust. De Lenie ‘t Hart dy’t ús mei triljende ûnderlippe rûnliede, mocht meiferhúzje. Wie it no eins de bedoeling en hevelje in bydrage út it kefert yn myn binnenbûse oer nei dit ôfrinnend saakje?; ik tocht it nét!

Us taheakke gids wie bûten stean bleaun, merkber de noas opheljend.

Doe’t we mei de auto by de township oankamen, fertelde sy fluch wat oer de sitewaasje dêre: fanâlds strieminne wenomstannichheden – lykwols frolike sfear – der komme sûnt ‘my own ANC’ yn 1994 oan it regear dielnimt merkber ferbetteringen – ensafuorthinne.

Ja, sa’t ús oerheden ompankoekje mei bêd, bad & brea: yn dy snuorje, tocht ik by mysels. Nei dochs mar wat trochfreegjen beneamde se noch as grutste probleem de drugs & dealers: net út te roeien – sels bûtenlânske syndikaten ynfiltrearje hjirre – etcetera…

Se fertelde it allegear toanleas. Geandewei lústere ik noch mar heal. En besleat: sy krijt neat út it envelopke fan my, dan ‘ferjit’ ik it noch leaver. Faaks is it in goed idee en lit it aanst ‘casual’ yn de skoalle achter?!

As wy it skoaltsje ynrinne, steane we fuortendaalk ek yn it ‘lokaal’  dêr’t de groep mei de jongste bern oan it sjongen is; sy sjonge ús sels tá! En dat yn de lokale taal fan harren eigentlike stam: Xhosa.

Twa juffen hâlde inkeldris in bern ‘by de les’ as it út fernuvering stilfalt en ús oanstoarret.

De unifoarme truikes, hagelwite tosken, bliere eagen, mar tagelyk de optwongen ensenearring: ik wit my net goed in hâlding te jaan.

De jonge juf begjint yn it Afrikaans út te lizzen hoe’t de skoalle wurket, fluch pratend as wol hja der sa gau mooglik fan ôf wêze. Nei in earste fraach yn it Ingels giet se gau fierder yn dy taal: Ja, it is net maklik hjir en dat hâldt net op by it klaslokaal, fersekeret se ús.

Ik nim ûnderwilens in foto, besjoch hastich oft er slagge is en skamje my der direkt dernei wat foar.

Sy draait in ein oan har taspraakje en jout it idee dat se no wer mei belangriker dingen fierder wol.

Fansels, dúdlik, wy begripe it skoan: der lizze hjir rudimintêre taken. It slúfke baarnt my ûnderwilens yn de bûse.

As wy it lokaaltsje útstroffelje, draai ik my om en doch wat ik nea earder die – net op it sportfjild, noait mei freonen, sels net mei de eigen bern – en jou in highfive oan it bliere jonkje, dy fan foaroan op de foto; mei beide hannen, tagelyk!

Kristus, wat mankeart my?

Mar hý bleau laitsjen, is ‘t n’t sa? Jawis!

Myn pankoekjen is der debet oan dat ik as lêste by de gids-allang-op-wei-werom oanslút; wy moatte ús op ‘e tiid presint melde by de lêste ekskurzje fan dizze dei, in behoarlik ein riden tebek rjochting in folslein wyt oseaankustdoarp, as ik my net fersin; dus avesearje! Mar leuk toch, allegear?

Ommers, it ferskaat fan Súd-Afrika: om nie te vergeten nie.

As wy op ‘e bûlevaar yn it justjes ferfeelsume kustplak, in goed oardel oere fierder mei de auto en allinnich noch ús sjauffeur/gids, de kofje ôfrekkenje wolle, stuitsje ik op it finaal fergetten slúfke mei ús skamtejild.

Efkes letter sil de ober it plichtmjittich ‘thanks’ reauntsjend yn syn ponge feie.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels