Trije

INGE NICOLAIJ – 

Ik herken dizze foto. Ik herken de kontoeren, de foarm en ek it tafreel. Ha ik yn it leger sitten? Nee.

Wol hawwe ik ferskate kearen yn grutte groepen libbe. Grutte groepen minsken dy’t allegearre yn sels opsette tenten sliepten. Wy moasten allegearre nei deselde wc. De omstannichheden wiene oars as thús. ‘Earmhertich’ soene guon minsken sels sizze. Unbekenden waarden bekenden, guon sels freonen. Mei troch it groepsgefoel yn de goare douchekabines.

Alle dagen marsjearren wy mei syn allen nei itselde gebiet, om nei in skoftke wer werom te gean nei it ‘basiskamp’. Hoopjend dat de tinte noch oerein stiet. Hoopjend dat de wc’s skjinmakke binne en der gjin rige foar de douche stiet. Hoopjend dat elkenien wer weromkommen is.

Ha ik festivals besocht? 

Ja.

No wol ik alhiel net pretindearje dat ik wit hoe’t it is om yn it leger te sitten. En ik wol beide situaasjes ek net tsjinelkoar oer sette; it is dochs wol wat oars as immen net mei komt nei it basiskamp om’t er dronken en ferdwaald is of dat er omkommen is.

De fergliking kaam troch boppesteande foto. De jonge mannen yn himdsjes kinne op it each sa ferfongen wurde troch jonges dy’t op Lowlands trije dagen wille makke ha. De jonges op ‘e foto hawwe sa’n trije jier foar har libben fjochtsje moatten. Dochs hawwe se grif ek aardige mominten meimakke.

 

Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en analysearret alle moannen foar de Moanne ien foto út har samling. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Inge Nicolaij.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.