Trije dagen ljochtspektakel yn Penjum

MARRE SLOOTS – 

Penjum op syn moaist, sa omskriuwt bestjoerslid en byldzjend keunstner Stefan Belderbos it doarp tidens it jierlikse keunstfestival ‘Kunst Achter Dijken’. Fanôf 6 maaie is it wer safier. In spektakel fan theater, film, byldzjende keunst en muzyk. En dat allegear mei it tema ‘ljocht’.

Sa lang bestiet it lytse mar ambisjeuze festival noch net yn dizze foarm. Yn 1997 begûn in lyts groepke byldzjend keunstners de ‘Kunstroute Wûnseradiel’. In kuier lans byldzjende keunst yn de hiele gemeente. Nei de weryndieling en it ferdwinen fan de gemeente kaam yn 2011 in nije namme foar it festival: ‘Kunst Achter Dijken’. Mar net allinnich de namme is feroare. Ek de opset is folslein oars. De ûnderfining wie dat by de kuier guon plakken better besocht waarden as oaren. De organisaasje, trije jier lyn fersterke troch de fan Utrecht nei Wytmarsum ferhuze Stefan Belderbos, beslúte dêrom de aktiviteiten op ien plak te konsintrearjen.

 

Het is een mooie kans om kunst te zien die nog niet eerder is vertoond.

 

Dat plak waard ‘keunstnersdoarp’ Penjum. Neist it konsintrearjen fan de aktiviteiten op ien plak groeide it festival ek út ta in brede keunst- en kultuerbelibbing. “Eerst ging het vooral om beeldende kunst”, fertelt Belderbos. “Nu is er veel meer, zoals theater en muziek. Behalve voor beeldend kunstenaars werd in de loop der jaren deelname ook mogelijk voor vormgevers, fotografen, dichters, filmers en keramisten.” De organisaasje is yn hannen fan in groepke entûsjaste frijwilligers, sa’n 30 man. Belderbos: “De kunstenaars installeren zelf hun kunstwerken. Zo kunnen we het festival met een minimale inzet van vrijwilligers opzetten.”

De keunstleafhawwer kin syn hert ophelje op it trijedaagse festival. De muzyk is goed fertsjintwurdige mei ûnder oaren optredens fan gitarist Theo Stobbe, pianiste Frederique Lucanet en troubadour Jan Nota. Ek foar de jongerein is der in soad te belibjen. Op snein fiere 18 basisskoallebern it humoristyske stik ‘Achter de Dijk’ op en yn it doarpshûs is der in eksposysje fan stripferhalen, makke troch bern út Penjum. Fan it muzykteaterstik ‘Waddenwindorgel’ fan Bob Driessen en Gerda Holzhaus en de nije drum- en ljochtsjo fan slachwurkgroep ‘Hard Slag’ út Penjum binne der try outs. Dat der in soad nij wurk te sjen is, makket it festival no krekt sa leuk, seit Belderbos: “Het is een mooie kans om kunst te zien die nog niet eerder is vertoond.”

Wat no echt in ‘must-see’ is? In foarstelling dy’t de besiker perfoarst net misse mei? Dat fynt Belderbos in moeilijke fraach. “Alles is natuurlijk leuk.” Mar as er dan dochs kieze moat: “Het avondprogramma met de lichtgevende vliegers belooft echt spectaculair te worden. Het dorp ademt dan kunst. Pingjum op zijn mooist.”

 

‘Kunst Achter Dijken’ fynt plak fan freed 6 o/m snein 8 maaie yn Penjum. Sjoch hjir foar it folsleine programma.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.