De triennen fan Cheetah

Okkerdeis stie it folgjende berjocht yn’e krante:

 

Ferneamde aap Cheetah ( 1932 – 2012 ) út ’e Tarzan-films ferstoarn.

 

Cheetah, de ferneamde sjimpansee út ’e Tarzan-films, is op 80 jierrige leeftyd ferstoarn oan in niersykte. Sa berjochte it opheintehûs yn Florida dêr’t de aap ferbleau juster. Hy is ôfrûne sneon ferstoarn. Cheetah spile yn’e tritiger en fjirtiger jierren fan’e foarige ieu yn ’e Tarzan-films mei Johnny Schwarzschmiede, dy’t de rol fan Tarzan fertolke. Cheetah wie de jimmeroan fleurige helte fan it duo ú t’e Afrikaanske wyldernis. It is tige bysûnder dat de aap sa âld wurden is, want de libbensferwachting fan ien fan syn soart bedraacht gewoanwei goed 45 jier. Neffens syn fersoargers wie hy sljocht nei keunstskilderjen, pianospyljen en American Football. As ien oft immen him net oanstie, lit hy dit merkbite troch, fuort mei stront te smiten.

Cheetah of eins Mr. Jiggs, sa as de fersoargers fan it opheintehûs ‘ Primate Sanctuary Double Sunshine ‘ yn Miami Florida, him kenden, siet oan’e grutte mienskiplike tafel, foar in grou stik taart sûnder sûker , dat op in kartonnen weismytpantsje foar him stie. Hjoed wie it feest. Mr. Jiggs hie syn 79e jierdei. De manlju en froulju hienen allegearre ferskate kleuren feesthoedsjes op en hienen niiskrekt fol fjoer ‘ Apey Birthday to you ‘ songen, dat hie ien fan harren ea ris betocht. De humor fan’e wurkflier. Oare apen wienen lykwols net fan’e partij. Dat wie te drok foar Mr. Jiggs, personiel én primaten. Dêr soe dagen ûnrêst fan hingjen bliuwe. De âlde sjimp, yntusken, waard suver wei ûnder syn blauwe feesthoedsje dêr’t goudkleurige moantsje, sintsje en stjerkes op te sjen wienen. It elastiken bandsje ûnder it kin fan Mr. Jiggs, befoel him, it siet fiersten te strak, nammers hielendal net en op in stuit luts hy it hoedsje fan’e kop en goaide it lilk oan’e kant. Hy begûn te grimen mei syn stik taart en blaasde ûnderwilens, folslein ûnynteressearre, mei in sûchreidsje , yn in enoarme beker sûker en kafeinefrije koala.

Jack Walker, ien fan’e fersoargers, dy’t Mr. Jiggs it langst kende, prate mei in ferslachjouwster fan ’e pleatslike krant ‘ The Local Inquirer ‘. ‘ Tja, wat sil ik sizze…sa lang as ik hjir bin is hy hjir ek…oarsom soe ek kinne, haha…en wat ik wol wit…en dat ha ik dan wer fan Popeye O’ Hanlon…dy’t ek alwer in goed fyftjin jier by ús Heare yn syn keninkryk is…dy wurke hjir al sûnt begjin sechstiger jierren…Popeye hat my ferteld dat Mr. Jiggs doe al hast fyfentweintich wie…tja, witst wol, wat kin ik sizze? ’ Walker ûnderbruts syn ferhaal en sette syn feesthoedsje ôf. ‘ It knypt ôf ‘, sei er. Under syn kin siet in grutte reade strym. ‘Takommend jier, as alles goed giet fansels, sil hy tachtich wurde…dus, rekkenje mar út…hy moat fan 1932 wêze…yn dy buert skatte wy…hy is fierders noch aardich mar hat wol sûkersykte…dat moatte we yn’e gaten hâlde…mar as er de kâns krijt…och heden…dan wol er smoke…as in âlde sjinees hear…en alkohol fynt er ek it summum…jawis…smoar as in aap no! Pianospylje fynt er ek machtich…miskien kinne we him dêr aanst wol even achtersette…leuk foar in foto…tja, as er der nocht yn hat…no oars fernimme we it wol…as er mar net mei stront begjint te smit…jaaa…jo sjogge my oan…dat docht ús Mr. Jiggs dan…en dêr kin ik jo noch wol wat oer fertelle…kin dat wol yn’e krant?‘

Mr. Jiggs hie it sa stadich oan wol hân mei dit ‘ jierdeisfeestje ‘. It wie de heechste tiid om wer, al wie it mar foar koart Cheetah te wurden en tegearre mei syn grutte stalke Tarzan troch it oerwâld te slingerjen.

Op it stuit draafde Cheetah troch de jungle, alteast better sein, hy siet op ’e rêch fan ’e jonge oaljefant Tantor, dy draafde rjochting Tarzan. Dy hie harren nedich. Ek no klonk wer de alles trochkringende gjalp fan ’e aapminske. Dêr waarden je kjel fan. Tantor trompettere der ûndertusken fleurich op los.

Tarzan, Tantor en Cheetah begrepen elkoar hiel goed. Ja hear, dêr wie Tarzan al, hy stie op in enoarme tûke fan in tsjustere beam, mei in liaan yn’e hân, klear om yn gjin tiid troch it reinwâld te sûzjen. By it sjen fan syn bistefreonen lake Tarzan en rôp: ‘Cheetah, Tantor…Tarzan oarloch meitsje mei ferkeard folk…NAZI soldaten wolle goud út ferbean keninkryk…hawwe gewearen…strieminnen mei swart hert…moatte dea…kom mei Cheetah…Tantor moat wachtsje.’ Dêr skeaten Tarzan en it aapke, ticht en waarm tsjin elkoar oan troch de beammen. Dat fûn de sjimp it moaiste dat der op ierde bestie.

No wie it middeisskoft. Wat wienen dy banaantsjes wer lekker hjoed, alle dagen wer iten by ’e rûs, wêr’t it allegearre fuortkaam? Hy hoechde der neat foar te dwaan. Hoppetee wer by Tantor op ’e rêch. Dy hie ek lekker iten en dronken. Wat in libben. Wêr wie Tarzan?

Johnny Schwarzschmiede, yn giele keamerjas, siet foar de spegel yn syn klaaikeamer en it befoel him perfoarst net wat hy seach. Syn eagen gliden oer syn lea, hy begûn grou te wurden. Hy, de Olympyske swimkampioen fan ’24 en ’28. Tarzan krige boarsten, it like wol of de rek út’e spieren wie en al die er alle dagen oefenings, it seach der no net fuort út of dat in soad skeelde. Johnny fielde him net lekker, it draaide him al wiken lang yn’e holle. Juster hie er fan’e dokter te hearren krigen dat er sûkersykte hie. Jawis, Tarzan de aapminske mei sûker, wat soenen de minsken, syn fans oer de hiele wrâld dêr fan tinke? En al wie it noch net moai genôch…syn frou Esther wie ferline wike ek nochris by him fuortrûn. God, hy woe syn ferneamde Tarzangjalp wol oant’e stjerren raze. Der waard op’e doar fan’e klaaikeamer kloppe en iependien, nei’t dat Johnny ‘binnen‘ rôpen hie.‘ Noch tsien minuten…dan begjinne we wer mr. Johnny‘, sei in stim. Tarzan woe oereinkomme, Schwarzschmiede bleau lykwols sitten. Uteinlings kaam de man yn’e giele keamerjas, dy’t in frjemde foar himsels wurden wie oerein en helle hommels fol út mei syn fûst, rjochting syn spegelbyld. Aldergeloks koe er him noch krekt ynhâlde en lit syn hân efkes rêste tsjin it foarholle spegelbyld.

It earste dat hy seach doe’t hy bûtenkaam wie in gorilla dy’t himsels op’e boarst omhufte en der op syn fjouwer poaten tussen út naaide. Hé, dat wie Prins Kong, dy soe yn’e folgjende sêne spylje moatte mei him en Cheetah. Lytse Kong, sa waard er ek wol neamd, wie samar út it sicht, efternei sitten troch in hiel nusje fersoargers en bistetreners. ‘ Hy klimt dêr omheech!’, hearde Johnny, dy’t der sûnder by nei te tinken it sirkus begûn te folgjen. ‘Jezus!, Lytse Kong sit fergeemy al op it dak fan studio fjouwer…wat kin er klimme net… dy soan fan in…holy guacomole!’, sei Jimmy Martinez, de haadfersoarger fan it studio dierepark.‘ Hee, Johnny moai datst der bist…praat him even yn’e apetaal nei ûnderen ta…dó bist per slot troch gorilla’s grutbrocht.’

Tarzan die der it swijen ta, Schwarzschmied ek. Lytse Prins Kong siet op it stuit op in grut Art Deco eftich ornamint, yn it midden fan it dak fan studio 4, dy’t in soad fan in hangaar fuort hie, lyk boppe de yngong. De minsken op’e grûn besochten fergees om’e oandacht fan Lytse Kong te lûken. It mânske die siet mei de rêch nei syn publyk. Ynienen klonk der lûd, de skodoar fan studio 4 iepene en dêr ferskynde it…’ Meunster fan Frankenstein ‘ of better sein, de akteur Dmitri Kustodiev, dy’t bekend stie as de man mei it ‘ fluchst wikseljende antlit op’e wrâld.’ Hy hie wolris tsien rollen spile, yn in film, dy’t yn twa oerkes opnommen waard. It ‘Meunster‘, wie folslein klaaid en dik yn’e smink, ekfkes fan’e set weirûn foar in piipskoft. Hy seach tige ferheard nei it studiofolk foar him. In sigaret bongele nonsjalant tusken syn mûlehoek. De gouden oanstekker yn syn rjochterhân ljochte fel op yn’e middeissinne. Rillegau hie er yn’e gaten dat de minsken net foar him kamen, mar dat der boppe him it ien en oar oan’e hân wie. Hy draaide syn wite horrorholle om en seach omheech, krekt op tiid om te sjen dat der eat yn syn rjochting nei beneden ta kaam, krekt te let om it út’e wei gean te kinnen. Syn antlit wie noch nea sa fluch feroare. Nea soenen de minsken, dy’t hjirre tsjûge fan west hienen, it barren fan dizze nuvere middei ferjitte. Se wisten net oft se laitsje of gûle moasten. Dmitri Kustodiev flokte as in bist en sprong as in gek hin en wer. In assistint út studio 4 kaam tefoarskyn mei in grutte bûsdoeke en woe de meunsterakteur helpe de boel skjin te meitsjen. Kustodiev woe lykwols neat en wie poerlilk, hy helle fuort út en dêr lei de ferbjustere studio assistint al op’e grûn mei syn no net mear sa wite klean, tusken plakken wiete gorilla stront. ‘Jonges‘, sei Marinez, ‘hy komt fansels wol wer nei ûnderen ta as er honger krijt…of…hmm…wachtsje…ik ha in better idee…ik helje Cheetah op en lit dy in banaantsje ite yn’t sicht fan Prins Kong…dan soe it my fernuvere dat er net fan it dak komt.’ Cheetah waard ophelle tegearre mei in tros bananen. Jimmy Marinez kearde him no ta Johnny Schwarzschmiede. ‘Soesto no Cheetah…dy is no ien kear gek op dy…op ’e earm hâlde wolle…krijt er in banaantsje…dan wol Lytse Kong grif ek ien…dat is it senario…dat soe slagje moatte…kin hast net misse.’ En sa barde it. De sjimpansee pluze syn banaantsje en yndie, de gorilla seach it en klaude sûnder fierder ophâld nei syn traktaasje. Mar de sêne wie noch hieltyd net ôfrûn.

Tarzan siet ynienen op ’e grûn, alles draaide him foar’e eagen. Syn hert gong as in idioat tekear. Allinne Cheetah hearde Tarzan’s lêste wurden, dy wienen yn’e apefilmtaal sprutsen. De aap bleau by it lichem sitten en hâlde de hân fan Johnny hiel stiif fêst. En in sjimpansee hat wat yn’e bouten.

De fersoargers hienen letter in bealch fol wurk om Cheetah by Tarzan fuort te krijen.

Jack Beam prate noch hieltyd mei de ferslachjouwster, no ja prate, hy lulde ienrjochtingsferkear tsjin har oan. ‘ Skilderje fynt er ek geweldich…it is in echte Ape-stract no…witst wol? Hahaha…of sille we him dochs mar efter de piano sette…foar in kreaze foto…ik derby…strakke feesthoedsje wer op…leuk…wille!’ Se rûnen op Mr. Jiggs dy’t der mankelyk bysiet. De sjoernaliste fan’e ‘ Local Inquirer ‘ sei: ‘Wat hawwe se dochs in soad fan ús net hin?…hat er fertriet of sa…hy hat wiete eagen…hé…ik sjoch triennen.‘   ‘Dat kin net‘, sei de fersoarger, ‘sjimpansees kinne wol gûle of fertriet hawwe mar dan hawwe se droege eagen hear.‘ ‘No…ik sjoch se oars al…sjoch sels mar.‘

En ek Jack Beam seach de triennen. Hy seach der nei as in kattelyk nei de bloeddripkjende eagen fan in Maria byld. ‘It is in wwwûûnnderrr‘, stammere hy.

Mr. Jiggs hie genôch fan al dy omkoalen om him hinne. Se moasten mar efkes wachtsje…hy soe se noch traktearje! It wie hoe dan ek sýn Jierdei!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.