Trekker en Troje tsjinoer elkoar

RYNK BOSMA – 

De tiid dat wrotten en wramen it wichtichste yn it hiele libben wie is al lang foarby. De treden fan de trep nei in better libben ûnder it motto ‘vooruitgang’ binne mear as in heale iuw lyn al naam. Dochs kin it in moaie kapstôk wêze as je grut wurden binne yn in boerenfermidden, noch altiten binne der minsken dy’t wrede, yltige hannen as it ultime bewiis sjogge dat je wurke hawwe. Koartsein, de bealch brûke en der is neat oars wat eins telt.

 

It is in wjerkenbere reis fan lyts nei grut, fan bern nei folwoeksene, fan earste leafde nei net witten, en dan werom nei earste leafde en opoffering. Tsjinstellingen sûnder brêge, sawol maatskiplik as persoanlik.

 

Skriuwer Hein Jaap Hilarides hat mei syn nije roman De trekker fan Troje dat beheinde idee fan hoe’t wurk der eins útsjen moat stâl jûn yn de persoan Hero. Hy is de jongste fan de twilling, Friso wie him krekt foar doe’t beiden berne waarden yn it Bilt wêr’t heit Wassenaar bouboer is. De tinker en de dogger dy’t as broers in skoft hân yn hân rinne. De tinker is Friso en eins woe hy foar ivich bern bliuwe, mar de wrede wrâld fan herteleaze leararen meitsje him betider wekker út it jongesparadys.

Friso prestearre út eangst om te falen, sa’t der yn it boek stiet. De dreamer dy’t it libben eins útstelle wol, de wolken oan de hege Biltse himels jouwe him it behang om fuort te dreamen, ferankere te bliuwen yn it sa moaie jongesparadys. Foar Hero kin de tiid net hurd genôch gean, hy wit wat hy wol, op de pleats fan syn heit op de trekker de grize fuorgen fan it boulân bewurkje, in frou sykje en sa gau mooglik in húshâlding.

De trekker en Troje tsjin oer elkoar kinne je sizze. Troje as it Grykse symboal fan frijheid dat Friso in libben lang yn de besnijing hâldt. Brussel as Troje en de ferskillende regio’s dy’t harren eigen skaaimerken lykas in eigen taal ferlieze oan in grutter gehiel wêryn alles bûcht foar it jild. De mislearre leafde fan Friso, Biba, seit it eins folle moaier: “De ferdivedaasje fan Eurodisney is it bewiis fan de beskaving. Yn de echte wrâld ferfele wy ús sa dat wy in keunstwrâld nedich ha om fermakke te wurden. It libben, dat reuzerêd fan ynklauwe en foarútkomme, hat ús sa ôfstompt dat wy neat mear fiele.”

It is net allinne in persoanlike tocht nei it ynbylde paradys fan de takomst dy’t beskreaun wurdt. De beweging Gryp, dy’t Fryslân los meitse wol, de striid fan de boeren tsjin de wetten fan Europa, en net te ferjitten “It autentike fan it Fryske lân driget fuortdrukt te wurden troch it geweld fan de ferstedske regio’s’” sa’t ien fan Gryp dat seit. Of sa’t Friso dat sels yn in diskúsje seit: “Fryslân hat de ekonomyske macht net om de taal te behâlden. Taal is identiteit mar folget de wet fan de merk.”

“Wy wurde digitale geasten”, neffens Friso dy’t de striid fan de boeren yn in grutter gehiel fan regio’s sjocht, foarby de homeiepeallen fan eigen hiem. Hero driuwt fan him ôf, sjocht mear nei eigen beurs en benammen eigen ik. Dy iene tocht fan Friso en Hero mei harren twaën yn de mânske trekker fan Troje nei it hert fan it Europese Parlement is krekt like sinleas as tragys. In lêste brêge tusken twa broers dy’t ûnder harren hannen de loft yn fleant.

Hero dy’t op de buorkerij bliuwt, Friso dy’t as lobbyist troch Europa reizget en dat alles ferliest troch dy iene aksje mei de trekker fan Troje. Hy keart werom nei it Bilt mei syn hege loften, lit it mar oan Hilarides oer dat nuvere, moaie lânskip yn al syn gesichten te beskriuwen: “Gleonread sakke de sinne boppe Skylge yn in pearsrôze berchlânskip fan garnalewolken.”

“Do bist in man fan aksje, ik fan ideeën. Ik soe der like goed net wêze kinne. Yn de wrâld fan de ideeën soe it gjin ferskil meitsje”, sa lit Hilarides Friso sizze tsjin syn broer. Friso dy’t de leafde wol fynt mar op ôfstân hâldt fanwege de frijheid. Hero dy’t weisakket yn in moeras fan galle en dat ferspriedt yn syn omjouwing. De trekker fan de dogger tsjin Troje oer, it idee fan fjochtsjen foar eigen frijheid. Mei Andrea Kalma as in moderne ‘Helena van Troje’.

Hilarides hat it allegear moai foarm jûn, benammen it delsetten fan bygelyks Ocko Bargeboer is wreed as Biltse klaai, de walging spat fan it papier. Ek oare personaazjes ûntkomme net oan it filearmes fan Hilarides. Miskien hienen de studintepetearen en de byienkomsten fan de aksjes wat koarter om de hoeke kinnen.

Mar dat alles nimt net wei dat it boek lêst as in opfierde trekker. It is in wjerkenbere reis fan lyts nei grut, fan bern nei folwoeksene, fan earste leafde nei net witten, en dan werom nei earste leafde en opoffering. Tsjinstellingen sûnder brêge, sawol maatskiplik as persoanlik. It libben as reuzerêd, en dan efkes it boek iepenslaan as momint fan ferdivedaasje, om it yn de bylden fan de skriuwer te sizzen.

 

Hein Jaap Hilarides. De trekker fan Troje. Utjouwerij Bornmeer, 296 siden, €19,95

Comments
Ien reaksje oan “Trekker en Troje tsjinoer elkoar”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.