fotografy: Linus Harms

De Treastfûgel fljocht tusken feit en fiksje

GERBEN DE VRIES – 

In maat fan my miende oait in soad te witten fan it Romeinske Ryk. Op myn fraach oft er dan bygelyks The history of the decline and fall of the Roman Empire fan Edward Gibbon lêzen hie antwurde er: ‘Nee, mar wol de romans Macht en Liefde en De Kroon van Gras fan Colleen Mc Cullough!’ Okee, hy is wat in frjemde fûgel, mar dochs.

Der binne mear frjemde fûgels. Sa stiet der in nijenien op De Rode Lijst fan bedrige fûgels fan Natuermonumenten. Dizze ’treastfûgel’ is in nije soart en dochs gjin eksoat. Yn 1982 is er foar it earst sinjalearre troch Hans Andreus, Diet Huber en oaren. In jier letter kaam Jos van Manen Pieters – trouwens net yn it ramt fan har Tuinfluitertrilogie – mei de kristlike streekroman De Troostvogel. It duorre even foar’t de seldsume fûgel op ‘e nij opdûkte, mar Maria Quist publisearre yn 2008 Troostvogels, oer de rouferwurking fan in ferstoarne soan.

De fraach riist oft dizze treastfûgels wol ta deselde soart hearre. No’t Hylke Speerstra der ek noch in Fryske Treastfugel by skreaun hat, wurdt dat byld der net klearder op. Hy presintearre earst in koarte Fryske fersy, doe in folle langere Nederlânsktalige roman, dy’t er sels wer yn it Frysk oersette. De skoarstien sil wol goed rykje. Ik ha de Nederlânsktalige fersy lêzen.

Op syn eigen website seit Speerstra dat syn wurk de lêste jierren mear fan non-fiksje nei in mingfoarm fan fiksje en non-fiksje útskaait. Om koart te kriemen is dat yndied de oergong fan It wrede paradys nei De Troostvogel. Dêr stiet tsjinoer dat Speerstra it lêste boek sels in roman neamt, puere fiksje dus.

Yn in útstjoering fan de VPRO wurdt sprutsen fan ‘een waar gebeurde geschiedenis’.  Speerstra’s boek is dus mei oare wurden in ‘wier barde roman’ en dat is op himsels in contradictio in terminis. Der wurdt grif ek wat oars mei bedoeld.

Speerstra giet nammentlik út fan de ferhalen dy’t er as jonge hearde fan de foute buorman Meindert Boorsma. Pas folle letter komt er yn ‘e kunde mei de Amerikaansk-Fryske feteraan Nanno Hiemstra en fernimt er dat dy twa mekoar oan d’ein fan de Twadde Wrâldkriich op it Slachfjild Europa tsjinkamen. Fan dizze twa ‘wierbarde’ libbensferhalen makket er in emigraasjeroman, dy’t ein 19e ieu út ein set.

De skriuwer lêst der wat literatuer by, mar foar it grutste part is de roman – dy’t in soad sitewaasjes, anekdoates en dialogen brûkt dy’t seker net ut de famyljeskiednissen komme – benammen it produkt fan de fantasij.

En krekt dy sitewaasjes, anekdoates en dialogen foarmje de kearn fan de roman. Sawat elke skriuwer docht wol research foar syn boek, mar dat makket it noch gjin histoarysk ferhaal of in mingfoarm fan fiksje en non-fiksje. Mei oare wurden: de roman is fundearre op twa famyljeskiednissen, mar krijt foarm troch de dikke tomme fan de skriuwer.

It is it ferhaal fan twa earme famyljes ut Hichtum dy’t beslúte te emigrearjen, de iene nei South Dakota USA, de oare nei Dútslan. It wurdt prachtich ferteld, want Speerstra kin wol skriuwe. Wol falt it op dat de neiteam fan Meindert ‘Fûgeltsje’ Boorsma folle minder oan bod komt as dy fan Hizkia Namminga. By de lêste giet it eins foaral oer syn frou, de stiif otterdokse Ietje Wytsma met har many om mei sprekwurden de wrâld te betsjoenen. Neffens de skriuwer sels fertoane de libbens fan dizze twa emigrantenfemyljes in protte parallellen, mar dêrby giet it feitlik allinne om de emigraasje sels.

De flaptekst wol hawwe dat Speerstra ‘de heroïsche strijd tegen het lot en de vijand tot leven’ bringt. Dat binne tige grutte wurden foar in streekroman dy’t eins nearne heroysk wurdt. It is ek alhielendal gjin striid tsjin it lot, want de protagonisten hawwe net safolle te kiezen. Inkeld Ietje Wytsma kiest fol oertsjûging foar emigraasje nei it lân fan dream en winsken.

Ik haw begrepen dat Speerstra de titel domwei moai fûn, mar de titel dekt de lading amper. Op side 19 lês ik de útlis fan Meindert Fûgeltsje: by de trek fan in troep wilsters flucht ek altyd in oar soart fûgel mei, bygelyks in ljip. Dit is de treastfûgel, want op in lange swiere reis kinne de wilsters dúdlik net sûnder treast. Op side 83 is beppe Ietje Wytsma de kurieuze treastfûgel, dy’t út Hichtum meiflein is nei de prairies fan de Midwest. Mar it is krekt Ietje Wytsma dy’t sa stommegraach nei Amearika woe en hja is dus mear de wilster as de ljip. Boppedat is it elemint ’treast’ no net wat wy yn har ferhaal lêze, mar krekt wol by de fluit fan de foute Meindert Boorsma. Soe Speerstra hjir net earder de titel fan it boek fan Maria Quist yn gedachten hân hawwe?

Sa fljocht De Troostvogel fan Fryslân nei Amearika en Dútslân, fan histoarysk ferhaal nei roman, fan it ear fan Hylke nei syn tomme, fan feit nei fiksje. Mear kennis fan it komplekse begryp emigraasje krije we der lykwols net troch, want dêrfoar is it wer tefolle in roman.

 

Hylke Speerstra – De treastfûgel. Twadde, op ‘e nij bewurke en útwreide printinge (2013), Utjouwerij Bornmeer, €16,50.

Comments
Ien reaksje oan “De Treastfûgel fljocht tusken feit en fiksje”
  1. Willem Haanstra schreef:

    Gerben: ‘Yn 1982 is er foar it earst synjalearre troch Hans Andreus, Diet Huber en oaren’.
    Hans was toen echter al een jaar of vijf dood..

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.