De ‘togetherness’ fan de Alvestêdetocht

TSJOMME DIJKSTRA – 

Britske band makket muzyk by bylden fan de tocht fan ‘63
Yn april frege de festivalorganisaasje fan Explore the North oan de Britske band ‘Public Service Broadcasting’ oft dy foar de kommende edysje fan it festival muzyk meitsje wolle soe by argyfbylden fan de legindaryske Alvestêdetocht fan 1963.

Yn Nederlân hat elkenien grif de lêste jierren bylden fan de Alvestêdetocht fan 1963 sjoen, se wienen op tal fan mominten noch te sjen. Fjouwer jier lyn bygelyks, doe’t de spylfilm oer de tocht fan Steven de Jong útkaam. En in lytse twa jier tebek, doe’t de rayonhaden de koppen byinoar stutsen en de Alvestêdetochtkoarts wer hearske. Fan it jier noch, om’t it fyftich jier lyn is dat de tocht ferriden waard. De tocht fan ’63 is de swierste Alvestêdetocht dy’t ea ferriden is, beweare de minsken dy’t it witte kinne.

Om’t de lêste Alvestêdetocht alwer sechstjin jier lyn ferriden waard ken yntusken in hiele generaasje de Alvestêdetocht oars hast net mear as op grûn fan de histoaryske bylden en ferhalen. Mar dy bylden roppe in soad op by minsken, Friezen en (oare) Nederlanners. It weromsjen is in soarte fan mienskiplik belibjen. It ferbynt minsken, ek dyjingen dy’t de tocht sels nea meimakke hawwe.

De Britske band ‘Public Service Broadcasting’ hat twa nûmers makke by bylden fan it Fries Film Archief en sil dy muzyk live by de bylden útfiere op Explore the North, no sneon 23 novimber. De band makket faker moderne muzyk by âlde opnames en bylden. Neffens de eigen webside mei it doel ‘to teach the lessons of the past through the music of the future‘. It is in band dy’t je sa ’n bysûndere opdracht jaan kinne. Nei oanlieding fan it oankommende optreden hienen wy in petear mei J. Willgoose, Esq., dy’t tegearre mei drumkompanjon Wrigglesworth Public Service Broadcasting foarmet.

J. Willgoose, Esq. Hoe reagearren jimme doe’t jim de fraach krigen muzyk te meitsjen oer de Alvestêdetocht?
“It wie in bysûndere fraach dy’t wy krigen. Ik moat sizze, it fielde ek in bytsje ûngewoan: in Ingelske band dy’t frege wurdt om wat te dwaan mei in typysk Nederlânsk ding. Mar it wie dêrom in ûngewoan oantreklik foarstel om op yn te gean, wy hawwe it der oer hân en it like ús tige leuk, really enjoyable, om de útdaging oan te nimmen. De organisaasje sil it tink ik moai fûn hawwe wat wy mei oar materiaal dien hawwe en sa by ús útkommen wêze. It wie echt in ûnderwerp dêr’t wy oars nea wat mei dien ha soenen.”

Yn hoefierre wienen jimme bekend mei de Alvestêdetocht?
“Absolút net. Dat sil miskien wer typysk wat wêze foar Britse minsken, dat bekende idee fan wenje op in eilân, isolearre wêze fan wat der op de fêstewâl bart, mar wy binne wat dat oangiet in bytsje ûnwittende minsken miskien. Ik tink dat der hjir net folle minsken binne dy’t dit kenne. Foar my persoanlik is it dêrnêst ek nochris sa dat ik hast gjin skiednisûnderwiis hân haw op skoalle, ik bin net folle fierder kommen as de Twadde Wrâldoarloch. Mar ik fyn it hiel leuk om my op sa’n wize yn in skiednis en kultuer te ferdjippen.”

Hokker dingen foelen dy op by it sjen fan de âlde filmbylden? Wat seachst yn de bylden datst yn de muzyk besykje woest weromkomme te litten?
“Tenearsten it mienskipsgefoel dat der út sprekt, de togetherness. Dat dit sa’n big deal is yn Nederlân. Safolle minsken stean der lâns de kant, safolle bern, it is écht in mienskipsding. Dat dus oan de iene kant. En dêrnêst de rûchheid derfan, hoe swier it is. Wy hawwe ús projekt opdield yn twa stikken muzyk. Ien diel is atmosfearysk, reflektearjend fan aard. Ambient. Dat lit mear de sfear en setting priuwe, in soart ‘old winter’-soundscape. Yn it oare diel woenen wy mear dy hurdens fan it evenemint hearre litte. Hoe swier de tocht is.”

Wêr hasto de bylden besjoen?
“Dy haw ik yn myn garaazje sjoen. Dêr’t ik myn muzyk meitsje. Dat wie yn de simmer, it wie hiel waarm doe. Wy hawwe yn Ingelân in tige waarme simmer hân, mei dagen dat it 30 graden wie. En dat is Britten echt te hyt. Doe’t ik dizze bylden seach woe ik dat it winter wie.”

Wat hast dêrnei dien om it fenomeen better begripe te kinnen?
“Ik ha wat neislachwurk dien, dingen opsocht en ik ha mei minsken praat. De minsken dy’t ús fregen om oan it projekt mei te dwaan en ek mei freonen. Tafallich hat in partner fan in freon fan my freonen yn Nederlân, dêr giet dy dan mei út ensa. Doe’t ik tsjin dy minsken sei dat ik mooglik in nûmer skriuwe soe oer de Alvestêdetocht wienen harren reaksjes: ‘Wow! Dat is wol echt in gigantysk kultureel evenemint hjir.’”

Sjogge jim út nei de útfiering op Explore the North?
“Ja, tige. Liket my hiel moai om te sjen hoe’t de minsken dêr op de muzyk reagearje. It is yn Leeuwarden, dochs? Ik ken al dy plakken fan de rûte no. Mar dat seit my dêrfan it meast. Wy hawwe dit jier fjouwer kear yn Nederlân spile, ús earste kear wie op Eurosonic. Ik hâld der wol fan om yn Nederlân te wêzen en spyljen. De fytsers ek oeral. Dat relaxte.”

Fierst de nije nûmers foar de earste kear op op Explore the North?
“Nee, dy hawwe wy ek yn Ingelân al spile. It wie leuk om se foar Ingelsen en Skotten te spyljen. En der wurdt posityf reagearre op it nije materiaal. Wy krije aardige berjochten nei oanlieding dêrfan. Ik frege my earst ôf oft minsken ús hjirmei ek in bytsje gek fine soenen. Miskien fine se dat sowieso wol. Mar de minsken fine de nije nûmers dus geweldich.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.