fotografy: Rynk Bosma

De Toer tsjoender fan nije ferhalen

RYNK BOSMA – 

Fansels sloech de opmerking fan presentator Tamara Schoppert de wierheid mei de hammer op de kop doe’t sy sei ‘De klokken als getuigen van alle verhalen door de eeuwen heen’. It wie net de iennige wierheid op tongersdei 18 maaie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wêr’t 32 fan de 87 oanmelde doarpen de fearren útstutsen om sjen te litten wat harren doarp betocht hie as projekt. Dy projekten wienen dan wer ûnderdiel fan it gruttere Under de Toer-projekt dat ûnder lieding fan Jos Thie en Tamara Schoppert hannen en fuotten krije sil yn 2018.

 

Wat it meast opfalt is de toer as tsjoender fan nije ferhalen.

 

De betinkers binne Jos Thie en Bouke Oldenhof en sa gie de draak de loft yn en wie it oan de doarpen de sturt te behingjen mei allerhande projekten. Sa as al sein, de opmerking fan Schoppert wie net de iennige wierheid fan ‘e jûn. “Dit is nu echt ‘mienskip’ zoals het eigenlijk bedoeld is”, sa sei ien dy’t by de projekten belutsen is.

Mar de moaiste fan de jûn kaam fan Wommels, De profylfoto fan Klaas, sa hjit it projekt dat yn septimber 2018 yn de PKN tsjerke spile wurdt. De assosjaasjes en ferbylding fan de kliïnten fan Tywerthiem (Talant) foarmje de reade tried, sa stiet yn ‘e flyer. Mitchel wennet yn in beskerme wenfoarm, en fertelt: “Ik word er zo rustig van, van elk uur dat de klok klinkt.” Syn buorman tinkt dêr krekt oars oer: “Ik word gek van die klok.” De meast earlike en autentike presentaasje fan de jûn, sa kinne je wol sizze.

De tsjerketoer yn Wommels as beaken yn it libben en de foarstelling makket ûnderdiel út fan it Greidhoek’ festival. Hiel oars dogge se it yn Hoorn op Skylge wêr’t de foarstelling Een nacht in de Sint Janskerk draait om in âlde koster dy’t ferhaalt fan de legindes dy’t rûn de tsjerke gûnzje. In ferhaal mei in ‘plot’ en dy formule wurdt by wol mear projekten tapast.

Wat te tinken fan De verdwenen peerden yn Aldeberkeap wêr’t it Stellingwerfs foar master opslacht. De Berkoper Karke is it plak wêr’t ferteld wurdt oer de twa deade hynders yn it tsjerkje fan Nijeberkeap. Dat tsjerkje is allang ferdwûn en it lot fan de hynders hat oerienkomsten mei dat tsjerkje.

Behalve it spannende elemint yn de projekten, leit de klam ek faak op wat wie en wat it wurden is. Nim De Lemmer, altiten hong dêr de geur fan tarre en fisk yn de loft oant dat mei de Ofslútdyk allegearre feroare. Dy feroaringen fan fiskersplak nei wettersportplak wurdt yn de Herfoarme tsjerke troch Feike van Tuinen op muzyk setten. De helden fan no, Rintje Ritsma, Epke Zonderland en flakby fan Bantegea, Sjenkie Knegt wurde yn wurden foarmjûn troch de Lemster dichter Job Degenaar.

Wer hiel oars docht it doarp Jistrum it, in oare hoeke fan Fryslân en ek in oar ferhaal mei in haadrol foar wûnderdokter Joast Wiersma. Wat is wier en wat is leginde. Wat dat oanbelanget bliuwt Warkum tichter by de dingen dy’t wier bard binne. Skipper Hendrik Spruyt en syn frou Trijntje Jans binne folgelingen fan de doperse Menno Simons en dat wie yn 1574 net sûnder gefaar. Godstsjinstfrijheid mei twa minsken fan namme, Freek de Jonge en Jan Arendz, ek doe al In jammerlijck Klaachlied.

Hiel oars is it ferhaal fan Haren in de wind yn de Mattheuskerk yn Langsweagen. De ferwaaide hieren fan de tsjerkegongers wurde mei in kaam wer rjochtlein. De plôken hier yn de kaam wurde nei de tsjinst troch de wyn meinaam. In moai ferhaal dat stiet foar it libben, foar de jierren dy’t troch de wyn meifierd wurde. In foarstelling ‘Om meielkoar de leafde foar it libben te fieren’ sa’t yn de flyer stiet.

Molkrider grutte Meine is de reade tried yn it projekt fan De 7 fan Sânfurd en de teatrale tocht troch de skiednis fan Sânfurd wurdt ôflein op molkriderskarren mei oan de ein tweintich breiden. De 7 fan Sânfurd: 7 ferhalen, 7 dissiplines en dat yn ien teatertocht.

It is in willekeurige greep út wat de 32 doarpen yn Fryslân de minsken te bieden hat yn 2018. Wat it meast opfalt is de toer as tsjoender fan nije ferhalen. Want it is dochs hiel moai wat it projekt Under de Toer allegearre opsmiten hat oan ferhalen, ferbylding fan dy ferhalen en dat allegearre droegen troch de doarpen sels. Wol is der begelieding, want Schoppert sil de doarpen de helpende hân biede. En wa’t it opbringe kin en gean by alle foarstellingen lâns, dy mei in ferrassing ferwachtsje, sa sei Thie noch. De trochsetters moatte fansels wol bewiis leverje dat se der west binne. De doarpen fan Fryslân yn it ljocht dus yn 2018, de fleur fan de mienskip dy’t noch lang net útbloeid is sa docht bliken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.