Hans Brans

Toaniel yn De Moanne

Dat toanielteksten ek in foarm fan literatuer binne is algemien erkende wiisheid sûnt Aischylos en Sofokles, mar yn de praktik fan it literêre bedriuw liket it dat der net op. Is der ea in toanielskriuwer of toanielstik nominearre foar de Ako-literatuerpriis, de PC Hooft-priis, of – om in Fryslân te bliuwen – de Gysbert Japicx priis? Fansels hat de toanielskriuwerij ek noch harren eigen prizen, mar útsein in pear insiders kin gjin minske dy en de bedragen binnen der ek nei.

Fansels is toaniel ek net yn it foarste plak ornearre om te lêzen en allinnich dertroch al is it aparte foarm fan literatuer. Mar ja, wiene ferhalen oarspronklik ek net bedoeld om te fertellen? It lêzen fan toanielteksten is lykwols soks as de partituer fan in muzykstik, as in stripalbum sûnder plaatsjes. Net allinnich moat de lêzer him in byld foarmje fan de situaasje en harkje nei de ferburgen ynformaasje dy’t ferstoppe sit yn de yntonaasje fan de personaazjes, hy kin somtiden allinnich mar witte hoe in akteur in tekst spylje moatte soe, as hy kennis hat fan it folsleine stik. Faaks ‘wurket’ in toanielstik pas echt by de twadde of tredde lêzing. Mar dat is mei in soad poezie net oars.

De redaksje fan de Moanne wol har lêzers de kommende tiid yn ’e kunde bringen mei nijsgjirrige, oarspronklike toanielteksten út Fryslân. Om’t de romte foar it ôfdrukken fan folsleine toanielstikken te beheind is, wurdt in kar makke út ien of twa fragminten – meastentiids it begjin. Wa’t de smaak te pakken krijt, kin de komplete tekst lêze en sels downloade fan de website fan de Moanne.

Op it kopiearen of spyljen fan dizze teksten binne fansels de normale auteursrjochten fan tapassing.

Yn nûmer 1-2009 fan de Moanne: De tredde helte, Sietse de Vries: PDF.

Yn nûmer 5-2008 fan de Moanne: Lette Ropping, Bouke Oldenhof: PDF.

Yn nûmer 3-2008 fan de Moanne: Kreas, Anna Bilker: PDF.

It heksershol, Sjoerd Bottema: PDF.