Tits & hits

Achte hear Collier,

Gatferdamme, wat baalde ik fan myn eigen ergernis, doe’t ik de bylden seach fan jo keunstprojekt ‘Koeien in de wei’. Dêr wie ‘k dochs echt eefkes benaud dat ik stikem preutser bin as tocht. Of dat ik sa pornofisearre bin dat ik by in bleatprojekt allinnich noch mar ferliedlik longerjende froulju sjen wol. Of miskien bin ‘k dochs sa djipfries wurden dat ik der net mear oer kin as immen de draak stekt mei ús lânskip?

 

Oantoane dat it keatsen te ferfeelsum om oan te sjen is? Lis in keppeltsje neakene frommeskes te sliepen op in leech keatsfjild en hingje der in buordsje ‘powernap‘ by.

 

Mar nee, dat wie it net. Want eins fyn ik it in prachtich idee. It houlik tusken lânbou en lânskip stiet op springen en njonken belangrike projekten as ‘Kening fan de Greide‘ is it allinnich mar goed dat ek keunstners ús konfrontearje mei maatskiplike swierrichheden. Dat dat yn it publike domyn bart mei wurk dêr’t guon minsken oanstjit oan nimme, is des te better.

En sûnt Adam en Eva yn it hôf omdoarmen witte we dat bleate frouwen yn de natuer ta de ferbylding sprekke. Miskien wol omdat se sa goed by elkoar passe. Twa soarten skjintme komme by elkoar, krêft en kwetsberens bondelje har ta in enerzjy dy’t elts fassinearret. Dat is gjin seksistysk manlik geleuter, oars hie de ‘Ontwapenend’-poster fan de PSP noait sa ikoanysk wurde kinnen. Net foar neat sprekke we fan ‘moeder aarde’ en ‘moeder natuur’. De bleate frou yn it lânskip is de goadinne fan de fruchtberens, dy’t yn hast alle mytologieën in haadrol spilet, ûnder safolle nammen: Aphrodite, Astarte, Isis, Wurushemu en wat al net mear.

Sa is de bleate frou in izersterk symboal foar datjinge dêr’t wy ús bestean oan te tankjen hawwe. En kinne we har altyd en oeral ynsette as keunstobjekt. In oade oan de beskermjende seediken? Lis in rigeltsje frijende froulju op it talúd en neam dat ‘loving the dike’. It belang fan de Fryske marren foar ús provinsje? Lit der in pear frouwen yn foetushâlding yn omdobberje en jou it de titel ‘fruchtwetter’. Oantoane dat it keatsen te ferfeelsum om oan te sjen is? Lis in keppeltsje neakene frommeskes te sliepen op in leech keatsfjild en hingje der in buordsje ‘powernap‘ by.

Samar klear dus, sa’n idee betinke.

Wêr’t it dan op oankomt is de útfiering. Eefkes wat oandacht oan skinke dus. In bleate frou yn de greide om te beklammen dat der gjin kij mear yn stean? Dat moat dus yn april, want dat is de tiid fan it jier dat de kij bûten komme. En seker net yn de hjerst, want dat is no krekt al ieuwenlang de kij-op-stâl-moanne. En stean de froulju model foar in ko? Dan moatte de tepels net swart skildere wurde, fansels. It soe trouwens in wiis ding wêze om earst ris eefkes goed te sjen nei de patroanen op in kowefel, ynstee fan mei de poeierkwaste mar rûchwei wat swart en wyt op de liven te smarren. En dy ûnderbroeken binne ek net echt sterk, liket my.

Ach, wêr bemuoi ik my mei. It is jo keunstprojekt, dus doch lekker wat jo wolle. Mar ik bliuw yn myn ergernis hingjen. Ergernis, omdat it no sa bot liket op guodkeap effektbejeien. Op dom publisiteit skoaren. Tits are hits. En dat wurket. Krante en omrop spylje it spultsje begearich mei, hoe knullich en ûnnoazel de sêne yn de greide ek is, en hoe flintertin jo útlis derby.

Ik hoopje mar dat ik derneist sit en dat it jo slagge is om prachtige foto’s te meitsjen. Oars hawwe jo in geweldige kâns mist.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.