Tij, taoide, tide

De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de residencies fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Other Words (beide projekten fan San Sebastian Kulturele Haadstêd 2016) .

In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief en jo kinne yn ‘e kunde komme mei de skriuwers dy’t meidogge oan it Other Words-projekt: Réaltán Ní Leannáin en André Looijenga.

Oan dizze middei dogge mei: Nuala Ní Fhlathúin, Réaltán Ní Leannáin, André Looijenga, Elmar Kuiper, Peter van Lier, Simon Oosting, Sigrid Kingma, Wies Noest, De Tigers fan Greonterp, Kaneli & Smit en Skelectief. Partners: Afûk, Tresoar, DSS2016, LWD2018.

 

Tide, taoide, tij, 17 april, 14.00 – 16.00 oere, Suvelfabryk Marrum, Hearewei 2A, Marrum, de tagong is fergees! Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt: www.tosta2016.eu. Mear ynformaasje oer Other Words: www.oarewurden.frl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.