Tiisdei 23 Oktober, de Moanne Live

De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardracht fan de folgjende sprekkers:
Jetske Bilker, Silke Boersma, Anne Feddema en Laurens Aaij.

Tiisdei 23 oktober 2012, oanfang 20.00 oere.

Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinkt. Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst! Opjefte graach foar 19 oktober by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl

Jetske Bilker
Yn 1986 krige Bilker in opdracht om in Fryske roman te skriuwen. Dat waard Imitaasjelear dat yn 1988 by de Koperative Utjouwerij útkommen is. Yn 1990 krige se der de Fedde Schurerpriis foar. Yn 1989 kaam se yn de redaksje fan it tydskrift ‘Trotwaer’ en waard letter einredakteur oant 1995.
Yn 1997 kaam by Utjouwerij Bornmeer de ferhalebondel In nacht fan hûs út, mei ferhalen oer eigentiidske tema’s as relaasjeproblematyk.
Yn 2004 fersoarge Bilker it boekewikepresint dat de titel Oar plak oare tiid meikrige. Yn datselde jier folge de Nederlânske oersetting by útjouwerij Prometeus yn Amsterdam: Andere plaats, andere tijd Fan febrewaris 2003 oant july 2005 siet se yn ‘e redaksje fan it Frysk ynternettiidskrift Farsk, tegearre mei Marc Kooij, Elske Schotanus en einredakteur Abe de Vries. Se fersoarge it proaza en skreau kritiken.
Fan 2006 oant 2011 wie se fêste kritikus foar de Ljouwerter Krante foar it Frysk proaza. Yn oktober 2011 folge Doeke Sijens har op as kritikus.
Yn juny 2007 ferskynde it earste part fan de Harry Potterrige yn it Frysk yn in oersetting fan har hân. Ein augustus 2012 ferskynde har tredde roman: It libben fan in oar.

Silke Boersma
Tidens myn ôfstudearjen haw ik ûndersocht wat der barre soe as it Frysk en Nederlânsk byinoar komme. My foel op dat beide wurdbylden in soad ferskille; hoe’t wurden der útsjogge, sûnder dat je se lêze. (koart wat oer dyn portfolio-bylden dy’t yn ‘e moanne stean) Ik heb Friese en Nederlandse woorden uit een gedicht van Tjebbe Hettinga precies op elkaar gelegd en de letters aan elkaar later smelten, hierdoor ontstaan er nieuwe niet bestaande lettervormen en ook nieuwe woordbeelden. Eigenlijk een hele nieuwe taal.
Mei myn ûntwerpburo SilkeSilke presintearje ik my as ûntwerpster yn opdracht, mar ek as foarmjouster. Silke dy’t de dingen op de ‘Silke’ wize docht. Ik hâld der fan om frij, fluch en ekspressyf te wurkjen. Ik brûk faak inket en oare net gebrûklike materialen lykas, stof, plestik en hout. Leafst wurkje ik sûnder kompjûter om dêrmei mysels út te daagjen om mear te ekspirimintearjen. Soks leveret faak ûnferwachte resultaten op.

Anne Feddema
Anne Hendrik Berend Feddema is in Fryske dichter, skriuwer en byldzjend keunstner. Hy wûn yn 2007 de Margaretha de Heerpriis foar syn byldzjende keunst. Yn 2009 wûn hy de pretinsjeuze Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel ‘Reidhintjse op’e Styx’.
Feddema groeide op yn Ljouwert. Nei de middelbere skoalle folge hy twa jier lang, fan 1986 oant 1988, de keunstnersoplieding by Ateliers ’63 yn Haarlim.
Yn 1997 trede hy op foar it Poetry International-festival yn Rotterdam. Anne Feddema skriuwt yn it Frysk, mar ek yn it Stedsk en Nederlânsk. Boppedat sette hy wurk oer fan oare dichter-keunstners yn it Nederlânsk lykas fan Kurt Schwitters, Hans Arp, Godfried Benn, Paul Klee en Wassily Kandinsky.
De skilderijen fan Anne Feddema binne ludyk en bûnt. Hy bewûndert de Dadaïsten en mingt dizze ynfloeden yn syn wurk. De dichters dy’t hy lêst, fine wy as figueren werom yn syn wurk, lykas Velimir Chlebnikov, Vladimir Majakovski, en Aleksander Poesjkin. Dêrneist wurde oare figueren ôfbylde, lykas Vincent van Gogh, Claude Monet, mar ek in Franz Liszt op de fyts, en in Wolfgang Amadeus Mozart op syn stjerbêd. Ek religy en mytology spylje in rol. Mei absurdistyske komposysjes as Yntocht fan Kristus yn de buert fan Beetstersweach stelt hy dy tema’s ter diskusje.

Laurens Aaij
Laurens Aaij (Leeuwarden, 1976), opleiding journalistiek in Zwolle, na banen in geschreven journalistiek steeds vaker schrijven gaan combineren met fotografie. Aanvankelijk in veel bij bergsportverhalen, later ook over uiteenlopende onderwerpen. Vanaf 2005 enkel fotografie, met name journalistieke voor kranten en persbureaus. Zelfstandig vanaf 2009. Werkt voor nieuwsmedia, reismagazines en uiteenlopende opdrachtgevers. In 2006 won hij de ‘Zilveren Camera’.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.