Tigers fan Greonterp

Publisearre op 14 april 2017

ARJAN HUT – 

Krekt de cd fan Tigers fan Greonterp trije kear achterinoar oan draait as ik sjonger en tekstdichter Elmar Kuiper belje. Hy nimt kocheljend op.
“Harstikke ferkâlden! En dan sille we fannejûn ek noch oefenje foar de presintaasje. Ik moat myn stim mar wat sparje.”

 

Wy besykje in goeie mjuks te krijen fan it sfearyske fan ús muzyk en de stim.

 

En dêr hoastet er wer hinne. Dochs kin Kuiper der wol om laitsje. It is noch net iensen sa lang lyn dat hy mei de muzikanten fan De Roels in nije, eigen band opsette en no snein is de presintaasje fan it earste album.
“It begong as in stunt, by myn sus Welmoed yn de tsjerke yn Boksum, ik stie as gast op it poadium by in optreden fan Gerben Gerbrandy en syn band Xigatze. Dat smakke wol nei mear, we betochten dat wy wol in krautrockband begjinne koene, witst wol, yn de styl fan Neu en Can. Ik wit noch wol in band, sei Gerben, en dat wiene de Roels (mei muzikanten fan Xigatze en Ljoubjr). Uteinlik is it gjin krautrock wurden. Men betinkt wat fantefoaren, mar sa wurket it net.”

Tigers fan Greonterp, de muzyk kin omskreaun wurde as Postpunk. Urbaan, nachtlik, hypnotisearjend.
“Jacob Haagsma neamde The Fall ek. Miskien sit der sels wol wat fan Reboelje yn. De earste kear oefenjen hie ik yn de holle om in cover te dwaan fan Joy Division, mar dêr makken de oaren fuortendaliks regaad mei, gjin covers, dêr begjinne wy net oan. Allinnich eigen materiaal! Dat snap ik, ik ha der alle begryp foar. Wat dat oanbelanget bin ik wol it ‘groentje’ yn de band. Sy kinne mekoar al folle langer en binne opmekoar ynspile.”

Kuiper moast groeie yn syn rol as sjonger.
“In echte sjonger bin ik fansels net, ik sil nea in ronde fierder komme yn The Voice of Holland, dat kinst wol ‘shake’. En it sjongen freget mear fan myn stim. Der stiet in hiele band achter mei in flink lûd en dêr wolst dan yn mei, lûder, botter. Mar ik lear wol by en kin better doseare. In nûmer as Fertriet, dat kinst út folle boarst dwaan, mar ast dy ynhâldst komt it better oer. Wat foar lading joust in tekst mei, dat is by in foardracht fan in gedicht ek sa.”

De earste twa komposysjes (‘Ekstreem’ en ‘Grut Lankum’) op de cd binne oerweldigjend mei in soad tekst en dêrnei fine stim en muzyk mekoar mear. Binne dy earste stikken ek de earsten dy’t de Tigers makken?
“‘Grut Lankum’ hiene wy wol fan it begjin ôf, of dy hiene wy al gau. ‘Ekstreem’ is in ferske fan de Roels dat lizzen bleaun wie en dat wy as Tigers opnommen ha. Nee, it earste ferske wie ‘Fertriet’. Wy stiene foar it earst meimekoar yn de oefenstudio, in skuorre yn Spannum. Hedser (Tijtsma, gitarist) sloech in pear akkoarden oan en sa begong it, it nûmer rûgele derút. Wy besykje in goeie mjuks te krijen fan it sfearyske fan ús muzyk en de stim. De cd is live opnommen, yn twa dagen. De band siet bymekoar en ik hie in aparte sjongkabine, mar seach de jonges wol. It klink úteinlik iepen en organysk. As der ris in ferkearde oanslach wie, ha we dat der ynlitten. Gjin oerdubs.”

In hichtepunt yn it jonge oeuvre is it dynamyske ‘Brânbrief’.
“De gitaarriff fan dat ferske wie der al, dêr woe de band altyd noch wat mei dwaan. Ik makke der in tekst by, mar earst wie it fierste rjocht en sljocht, hast Nirvana-achtich. Net dat der wat mis is mei Nirvana. Mar de dynamyk moast der noch mear yn, kaam út doe himsels sa like it wol, it rêstige part yn de twadde helte ûnstie ûnder it spyljen.”

De band is al dwaande mei nije lieten, en dêr sit sels in stik tusken sûnder tekst!
“De nije stikken wurde wat langer en de synthesizer en theremin dy’t no ek meispylje meie in gruttere rol krije. Der is ien stik, dat hat noch gjin tekst, mar dat litte wy tink sa. Dan spylje ik synthesizer. Ja, it kin bêst wêze dat it dan dochs noch de krautrock-kant útgiet. Fierder, wy ha mei Gerben en Hedser noch twa sjongers yn de groep, ik tink dat wy wol mear besykje sille mei trije stimmen te dwaan.”

De lange jûpen dy’t de band draacht, bliuwe dy?
“Us gitarist Hedser kin fia syn wurk wolris oan in moaie lape stof komme en sa klaaie wy it poadium oan en dan passe wy as band dêr mei ús kleden logysk tusken. Mar op in lytser poadium is dat oars. Lêsten sei Peter Sijbenga (It Dockumer Lokaeltsje) nei in optreden ‘der stiet in man yn in jurk’. Sûnder fierdere oanklaaiing fielt dat ek sa. De band hâldt de jûpen, mar snein bin ik hiel oars klaaid. Nee, de oaren witte fan neat. Ik draach in ‘unyseksbroek’ mei wide pipen en lange swart-wite banen, fertikaal. Dêrboppe in djoer, wyt Italjaansk besgroen. Ik ha der flink yn ynfestearre!”

 

De presintaasje fan de cd ‘Tigers fan Greonterp’ is snein om 16:00 oere yn Grand Café de Friesche Club yn Ljouwert. De CD is te krijen foar 10 euro. Njonken de Tigers fan Greonterp treedt ek Uno Pasto op, in band út de stêd Grins mei eardere stêdsdichter Rense Sinkgraven. Ek komme Geart Tigchelaar en Kasper Peters te foardragen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels