Teater as spegel foar museumpublyk

MONIQUE FLINKER – 

Musea en teater. Twa keunstfoarmen mar dochs in wrâld fan ferskil. Dêr’t besikers fan in museum sjogge nei keunst dat al klear is, wurdt it publyk yn in teater meinaam yn it proses. De foarstelling wurdt net allinnich belibbe, mar ek besjoen.

Keunstner Caro Kroon en dramaturch Hans Brans út Ljouwert ferwurkje beide keunstfoarmen no yn ien optreden. “We noemen het een museumtheater productie. Volgens ons bestaat zoiets nog niet. Maar wij zijn er al een jaar mee bezig.”

 

“Je legt je hele ziel en zaligheid in je werk. En dan staat er een groep mensen bij de opening stilletjes aan een wijntje te nippen. Zo zonde.”

 

It idee kaam yn in petear oer it gedrach fan minsken. Hoe’t se nei dingen sjogge. Hans: “Mensen in een museum kijken en gedragen zich allemaal op een bepaalde manier. Ze lopen langzaam van kunstwerk naar kunstwerk. Nemen het in zich op. Maar dat is het dan ook.”

Caro folt oan: “Ik merkte het met openingen van tentoonstellingen. Je legt je hele ziel en zaligheid in je werk. En dan staat er een groep mensen bij de opening stilletjes aan een wijntje te nippen. Zo zonde.”

Teater is folle mear leven. Ekspresje. Belibjen. En dus woenen Caro, dy’t in teaterachtergrûn hat, en Hans dy twa kombinearje. De twa wurkje foar it earst gear yn in produksje, mar binne gjin ûnbekenden fan mekoar. Hans wie ien fan de dosinten fan Caro op har rezjy-oplieding. “Ik kende haar werken dus wel, maar dit is wel ons eerste gezamenlijke project”, fertelt Hans.

En dêr hawwe se de tiid foar naam. Al in jier lang wurdt hjir oan wurke. Mei syn beiden betochten se it idee: in teaterfoarstelling yn en oer it museum. Drachten en Ljouwert binne útkeazen as proeftún. Wurdt dit in sukses, dan hopet it duo yn meardere provinsjale musea op te treden.

De taakferdieling wurke ek prima: Hans skreau de teksten, Caro die de foarmjouwing. Mar oars as by oare foarstellings, leveret Hans net de teksten om der dêrnei net mear by belutsen te wêzen. “Het is een constante wisselwerking. We passen ook constant dingen op elkaars werk aan.”

Hjoed, 11 septimber, is de fjoerdoop. Dan is de premjêre fan de produksje ‘Ik zie ik zie wat jij niet ziet en de kleur is Dada’ yn Drachten. Dêr wurde 6 foarstellings spile. In moanne letter folget it Fries Museum yn Ljouwert.

Yn it stik krijt it publyk de keunst fan it museum te sjen fanút ferskate stânpunten. Sa is der in sêne dêr’t de suppoost syn ljocht skine lit oer de keunst yn ‘syn’ museum. Caro: “Ook hierbij zie je weer het verschil tussen theater en kunst in een museum. Toen ik de directeur van het Drachtster museum voorstelde dat de suppoost de kunst op de muur ging verhangen, bleef hij er bijna in. Maar één iemand, de conservator, mag de museumstukken aanraken en verplaatsen.” Se losten it op troch in foarsetmuorre te meitsjen en falske skilderijen te brûken. Caro hat de keunst út beide museu neimakke. “Superleuk om te doen”, fertelt se.

Fierder ûnderfynt it publyk ek sels hoe’t it is om in skilderij te wêzen. “Het is raar wanneer je constant aangestaard wordt. Opgenomen door mensen. Bestudeerd”, leit Hans út. En dat is krekt wat der barre sil. De spilers yn it stik meitsje nammentlik sels ek in skilderij fan it publyk. Dat stiet dan ynienen oan de oare kant fan it toutsje yn it museum.

Troch de ferskate ynfalshoeken te beljochtsjen, hopet it duo de eigen miening fan it publyk oan te wakkerjen. De besikers sjogge net allinnich nei in foarstelling, se meitsje it mei. Se binne ûnderdiel fan.

Om dat goed yn mekoar te setten, is noch in flinke puzzel. De groep wurdt oan it begjin fan de foarstelling yn twaën ferdield. Beiden geane ûnder lieding fan in akteur troch it museum hinne. Mar op bepaalde mominten komme beide groepen yn deselde romten. Dy timing is wêzentlik. In spannend momint ek foar Caro en Hans.

Dêr komt noch by dat de lokaasje sa’n grut ûnderdiel is fan de foarstelling, dat Drachten en Ljouwert hiel bot fan mekoar ferskille. Net allinnich de yndieling fan it gebou is wat om rekken mei te hâlden, ek it gebou sels. En de sfear dy’t it hat. Drachten is festige yn in âld kleaster. Dêr wurdt yn de foarstelling rekken mei hâlden. Sa komt der in âlde mûnts yn foar. It Fries Museum is lykwols hiel modern, mar stiet wol njonken it plein dêr’t alle wiken de merk is. Ek dat ferwurkje Caro en Hans yn it stik.

It is foar beiden in ûntdekkingsreis troch in nij genre. Mar de passy strielt der fan ôf. Dat makket dit eksperimint no al slagge.

Sjoch foar mear op: www.spoonk.com.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.