Teare wrakseling mei de leafde

ERNST BRUINSMA –

Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize en sûnt dy tiid heart dizze roman neffens my ta de moaiste boeken út de wrâldliteratuer. Oant en mei begjin jierren tachtich wie Byatt behalven romanskriuwster ek noch literatuerwittenskipper en dat is yn Possession goed te merken. Se skreau, ynspirearre troch û.o. Umberto Eco’s Il nome della rosa, in soarte fan literêre detektive dy’t sawol yn de moderne tiid, as yn it Viktoriaanske Ingelân spilet. Twa akademisy ferdjippe har yn it wurk fan de njoggentjinde-ieuske dichters Randolph Ash en Christabel LaMotte. Ik sil hjir no fierder net tefolle op’e tekst oer dit wûnderlik moaie boek, mar it komt der koart sein op del dat de twa gelearden der yn slagje in spesifyk ferbân bleat te lizzen tusken de beide skriuwers, wylst dat altyd as ûnbesteanber sjoen wie.

Nei geraden dat de roman foardert, komme de wrâlden fan de twa akademisy en dy fan de twa skriuwers boppedat hieltyd tichter by elkoar te lizzen. Sels yn dy mate dat dúdlik wurdt dat de libbens fan de fjouwer minsken yn nau ferbân mei elkoar stean en sels oan elkoar spegele wurde kinne. Mei help fan brieven, deiboekfragminten, gedichten, prachtige en somtiden ek hylaryske beskriuwingen fan it akademyske miljeu en it njoggentjinde-ieuske Ingelân toveret Byatt in bytiden dûzeljend kaleidoskopysk byld op foar de lêzer, dat úteinlik draait om it wurd ‘possession’. Dat wurd kin ommers op ferskate wizen útlein wurde: want wa wurdt no krekt troch wa yn beslach naam, sûnder mis hinget der boppedat ek in seksuele konnotaasje oan it begryp ‘yn besit nimme of hawwe’ en fansels is der ek in ekonomyske betsjutting fan it wurd. Yn dit gefal draait dat om de copyrights fan opdûkt materiaal út de neilittenskip fan de twa njoggentjinde-ieuske skriuwers.

Yn Nanette, de nijste roman fan Josse de Haan is wat soartgelikens oan de hân. Sa’t Byatt foar it skriuwen fan har roman ynspirearre rekke troch ûnder mear de brieven fan George Eliot, sa liet De Haan him ynspirearje troch de brieven fan de njoggentjinde-ieuske skilder Van Gogh. By it op’e nij lêzen fan de brieven fan Van Gogh krige De Haan yn de gaten dat dy geniale skilder in grut ferlangen nei in mem en in bern hân hawwe moat, mar dat de offisjele skiedskriuwing dêr altyd folslein oan foarby gien is. De roman fan De Haan, hy begûn der oan te wurkjen koart nei it foarige Van Gogh-jier yn 1990, draait om inkelde apokrive brieven fan Van Gogh dy’t in gâns oar byld op dy syn dea opleverje. Mar dochs giet de roman net yn it foarste plak oer Van Gogh. De brieven komme nammentlik op in bepaald stuit yn hannen fan Nanette, in jonge frou út Arles dy’t dizze kultuerskatten fan har beppe erft, tegearre mei inkelde ûnbekende skilderijen en in tekening fan Van Gogh. Yn de neilittenskip fan har beppe sit boppedat in slúf dy’t Nanette pas oer 25 jier iepenmeitsje mei en krekt dat feit leit in swiere hypoteek op har fierdere libben. Want al dy jierren hat it ferline har folslein yn de besnijing, bliuwt se sykjen nei de ûntriedseling fan it ferline.

De oare haadpersoan út it boek is keunsthistoarikus David (de personaazjes hawwe fansels gjin famyljenamme, sa’t Van Gogh syn wurk ek allinnich mar mei Vincent sinjearet), dy’t him folslein út it wittenskiplik bedriuw weromlutsen hat en as selsstannich publisist en skriuwer de kost fertsjinnet. Dizze man is krektlyk as Nanette folslein obsedearre rekke troch libben en wurk fan Van Gogh en lykas Nanette hat hy inkelde wûnderlike hypotezen formulearre oer de neidagen fan de skilder, en dan benammen oer dy syn leafdeslibben. Mar ek him is oait troch in wiersister dúdlik makke dat de wrâld pas echt foar him iepen gean sil as hy ûngefear 50 jier âld wêze sil.

Beide besjogge se hun syktocht nei in fersleauke of better noch fergetten episoade yn Van Gogh’s libben (‘a la recherche du temps perdu’), as in died fan rjochtfeardigens, want beide binne se der fan oertsjûge dat Van Gogh it slachtoffer wurden is fan de hypokrisy en de bekrompenens fan de njoggentjinde-ieuske noarmen en wearden. Van Gogh soe neffens hun te’n ûnder gong wêze omdat hy neidat hy de ultyme, mar ferbeane leafde kennen leard hie, fuortendaalk besefte dat hy dêr net yn alle frijheid mei trochgean koe. Soks soe de maatskippij nea akseptearre hawwe.

Dermei is Nanette ek in roman oer de leafde, oer totale leafde, oer ferbeane leafde, oer de leafde as ‘teare wrakseling’. Sawol Nanette as David wrakselje mei de leafde en dat hat alles te krijen mei hun eigen ferline. Yn sekere sin wurde se sels beide finzen holden troch dat ferline. Nanette is krekt as har mem en har beppe net troud, mar se hat krekt as har mem en beppe wol ien dochter. Se is grutbrocht troch har beppe, want har mem is omkaam yn de oarloch en hat se noait kend. Nanette hat ien kear yn har libben de wiere leafde belibje mocht, as jonge frou en mar in pear wike lang, en it liket wol of se sûnt dy tiid altyd op syk west hat nei dy ultyme leafdespartner. Oait hat se in langere relaasje hân mei in oare man (in keunsteferfalsker!), mar dy relaasje is om evidinte redenen stikken rûn.

David is fan joadske ôfkomst en hat syn beide âlden ferlern yn de oarloch. Hy is grutbrocht troch syn âldere suster, mei wa’t hy letter ek in ynsestueuse relaasje krigen hat. Syn suster hat him lykwols lang lyn en frijwat abrupt ferlitten en hy hat har sûnt dy tiid nea wer sjoen. In nije leafde hat er nea wêr fûn, sterker noch, hy hat nei alle gedachten syn suster altyd yn oare froulju socht. Nei ferrin fan tiid docht dan ek bliken dat de syktocht fan Nanette en David nei it leafdeslibben fan Van Gogh, in soarte fan metafoar is foar útinoar raffeljen fan har eigen leafdeslibben. It konstruearjen fan it ferline betsjut yn dizze roman tagelyk it foarmjaan oan it eigen libben.

De parallellie en de spegeleffekten tusken it libben fan Nanette, dat fan David en moogliks ek dat fan Van Gogh en inkelde fan dy syn geheim bleaune leafdespartners wurdt fierder ûnderstreke troch tal fan oare plotlinen oer de mins dy’t ‘apart’ stiet fan de oaren, in parabel, kleurgebrûk (swart en wyt) en yntertekstuele ferwizingen. De wichtichste dêrfan is de ‘geniale’ dichter Arthur Rimbaud, hy ferstoar in jier nei Van Gogh, fan wa’t it ferneamde gedicht ‘Le bateau ivre’ oer deadsdrift en langstme nei in ferlerne jeugd troch De Haan op fraaie wize ynpast is yn de roman. Dat hy derfoar de Fryske oersetting fan Theun de Vries brûkt hat is fansels gjin tafal, want De Vries skreau ommers sels yn 1963 ek in roman oer Van Gogh: Ziet, een mens, dy’t yn 1972 werprinte waard ûnder de titel Vincent in Den Haag.

It kin net útbliuwe dat David en Nanette elkoar moetsje om it riedsel tegearre op te lossen. As de moeting úteinlik plakfynt, docht ynienen bliken dat se elkoar al kinne. David wie of is de grutte leafde fan Nanette, de jongeman mei wa’t se 25 jier ferlyn in koarte mar eksplosive relaasje hân hat! Se binne elkoar út it each ferlern en ha minoarren sûnt dy hite wiken yn de Provençe nea wer sjoen.

Yn syn besprek fan Nanette foar de Leeuwarder Courant (11 april) neamde Jabik Veenbaas dizze konstruksje fan De Haan botte ûnwierskynlik en frijwat forsearre. Mar nei myn smaak lêst hy De Haan dan dochs tefolle as in modernistyske skriuwer dy’t bewust in myte rekonstruearret of kreëaret om oarder yn de gaos fan it libben te bringen. Veenbaas giet blykber foarby oan it ûnbewuste dat dochs ûnmiskenber in fername rol spilet yn dizze roman. Net foar neat giet dit boek op alderhanne wize ek oer de genialiteitsgedachte fan de romantyk. En sa’t Nanette en David op syk binne nei in gat yn de tiid yn it libben fan Van Gogh, sa bestiet der ommers ek in gat yn de tiid yn har eigen libben. It is bygelyks opmerklik dat David syn gefoel foar tiid kwytrekket as hy ôfreizget nei Nanette. It kin him eins ek net mear heuge dat hy it inisjatyf naam hat foar de moeting mei Nanette. Hy hat har in brief skreaun, mar folle wit hy der net mear fan. Boppedat kinne se beiden elkoars namme net mear te binnen bringe (ultyme leafde liedt blykber ta ydentiteitsferlies, in beskate foarm fan dea) en de leafdesaffêre dy’t se oait belibbe hawwe wurdt bûten dat as in hast ‘bûtenierdske passy’ omskreaun. Hoe tichter David en Nanette it momint fan har moeting naderje, hoe mear hun gedachten en gefoelens de frije loop nimme, it is hast as binne se minder en minder de baas oer hun eigen gedachten en wurden.

Ik sil hjir it ferrassende slot fan it boek fierder net út de doeken dwaan, mar ik kin wol sizze dat de lêzer yn tsjinstelling ta wat hy miskien lange tiid ferwachtet, mei in soad fragen sitten bliuwt. Sil de relaasje tusken Nanette en David bygelyks tenei in ferfolch krije? En wat wie no eins presys de reden fan it hommels en dwers fertrek fan David syn suster? Wie se miskien yn ferwachting fan him? De Haan hat mei Nanette in komplekse leafdesroman skreaun, dy’t in soad jout om oer nei te tinken. Sawol David as Nanette hawwe altyd it ferlangen hân om har sletten wrâld te trochbrekken, se sochten de frijheid om leaf te hawwen en it liket dat soks slagje sil. Mar lokkigernôch is De Haan der yn slagge om syn boek ‘iepen’ te hâlden en net ta in perfekte ôfrûning kaam. Dat soarget der foar dat it boek wat riedseleftichs hâldt.

 

Josse de Haan, Nanette. Koperative Utjouwerij, Boalsert 2003.

 

Earder ferskynd yn de Moanne 2 (2003) 4 (maaie), s. 59-60.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.