Prachtige Bûsedokter is in ‘hekeldicht’ fan no

RYNK BOSMA –  ‘De mins is net oars as de plant, hy of sy hat in soad wetter en ljocht nedich mar boppe al in protte leafde’. Sa seit Jan Eekma as doarpsdokter Goedhart yn ‘De Bûsedokter’, de nije foarstelling fan Teatergroep Sult yn de kas FleurigBuiten yn Koudum. Dokter Goedhart is yn de hjerst […]

Ek leafde is yn libben foaral leauwen

RYNK BOSMA –  By tafal seach de Nederlânske skriuwer Arthur Japin yn de jierren njoggentich in deasike frou yn in praatprogramma op televyzje. De frou hie net lang mear te gean yn dit libben en socht in geskikte opfolger foar harsels sadat har man net allinne bliuwe soe. Dat tema brûkte Japin foar de roman […]

Iepenloftspul Animal Farm is hoeden nei hjoed

RYNK BOSMA –  Foarsichtich kinne je sizze, mar om’t hoeden in moaier Frysk wurd is, wurdt hjir dat wurd mar brûkt. En dat slacht dan op de útfiering fan it iepenloftspul fan Stifting Iepenloft Opsterlân. Dy stifting hie dit jier yn De Himrik it ferneamde Animal Farm fan George Orwell op it program en omdat […]

Dûnsje mei it libben yn Rialto

RYNK BOSMA – De seal fan De Rialto is klear foar it feest dat kommendewei is, mar noch net hielendal. De slingers lizze oeral en nergens, de ballonnen binne mar heal oppompt en lytse en grutte glitterballen lizze ek oeral. Dy ballen soene foar it libben stean kinne en oan de ein sjout elk syn […]

Prachtige foarstelling oer bylages fan it libben

RYNK BOSMA –  Miskien is it libben as it nei de ein rint wol lykas dy grap oer Sam en Moos  dy’t nei Parys geane. In formidabele Joke Tjalsma as de dementearende Wimmy besiket it yn de foarstelling It wie op in simmerjûn oant twa kear ta dy mop oan har man Daniël te fertellen, mar […]

Tusken Twa Tuorren muzikaal feest

RYNK BOSMA – De foarstelling Tusken Twa Tuorren yn Wergea giet fansels net alhiel tafallich diels oer de djippere betsjutting fan Sint Maarten. Net allinne is de katolike Sint Martinustsjerke yn Wergea neamd nei dizze hillige dy’t benammen yn ferbân brocht wurdt mei in ferske sjonge en dan as bern mar hoopje op suertsjes en […]

Goede bedoelingen net genôch foar It Pronkje fan Ierlân

RYNK BOSMA –  Trochstrings doart Teatergroep Fjoer fan Poppenwier wol wat oan en dat is dit jier mei It Pronkje fan Ierlân net oars. It is it wat soere ferhaal fan skriuwer Martin McDonagh dy’t dit jier ûnderskieden waard foar de film Three Billboards Outside Ebbing, Missouri. Sa’n tweintich jier lyn skreau McDonagh it toanielstik […]

Alles is gelok yn De profylfoto fan Klaas

RYNK BOSMA –  Lytse wurden mei in grutte betsjutting, mar al dy wurden ferlieze it fan dat iene filmke wêrop’t in bewenner by de fraach ‘Wat is gelok?’ beide earms spriedt sûnder wat te sizzen. Mar se sei eins mei dat gebear: alles om ús hinne is gelok. It is in sêne út de foarstelling […]

Tredde berneboek ‘bezige bij’ Janneke de Boer

RYNK BOSMA –  As der guon eigenskippen net oerienkomme mei de betinker, dan binne dat wol de trije slakken Bearend, Sofy en Frou D. út it nijste berneboek Geheimen út ‘e boskberch fan Janneke de Boer fan Weidum. Op 23 septimber waard it boek oan lêzend Fryslân toand yn it Doarpshûs fan Weidum. It is al […]

Lykwicht leafde en bodders yn ‘e beage

RYNK BOSMA –  As je opgroeie tusken de Eeltsjemar en de Burgumermar dan witte je dat op dy wetterplassen gjin skûtsjes foarby kamen. Op de Alde Feanen yn Earnewâld is dat fansels in hiel oar ferhaal en miskien is dat wol in plak om dat sa Fryske skip op it skild te hisen. En dat […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.