Elske Schotanus: dingen ûntstean ûnder myn hannen

Kyra, Elske Schotanus

PAUL VAN DIJK – It is maitiid yn ’e tún fan Elske Schotanus (1957). We sprekke elkoar op in sinnige moandeitemoarn op It Hearrenfean oer har boek Kyra − In skiednis dy’t spilet yn it Jier fan de Rôt. De earste Fryske graphic novel, wêryn’t neat is wat it liket. De skriuwster, byldzjend keunstner en […]

Omke ûle doart mear as er tinkt

WENDY KENNEDY –  It springt gelyk yn it each: in grutte treurwylch yn waarme oranje, reade en giele hjerstkleuren yn in parkje. Op de eftergrûn wurdt in ûle achternei sitten troch in ein. It is omke ûle, de haadpersoan yn in nij printeboek fan Paul van Dijk. “Ik woe hiel graach in boek meitsje foar […]

Tsjoene mei inket

PAUL VAN DIJK –  Op in waarme moandeitemoarn folgje ik de kronkeldyk dy’t nei Atelier de Frije Wyn liedt. Dat is de namme fan de buorkerij yn Allingawier dêr’t keunstner Frâns Faber (1950) en syn frou Minke tahâlde. Njonken syn frije wurk (grafiek, skilderijen), is Frâns Faber al jierren warber op yllustratyf mêd. Hy makket […]

As de sinne lang om let ferdwynt achter de Tjaardaflats

MALTSJE DE RIDDER-JANSMA –  Op de langste dei wurdt yn kafee Marktzicht yn Drachten nota bene it koarte ferhaal yn it sintsje setten. In inisjatyf fan oersetster Martsje de Jong en skriuwster Hilda Talsma, ek om it gat dat yn de jierlikse Fryske boekemerke fallen is op in oare manier op te foljen. Fiif renommearre […]

Presintaasje Famke fan snie

TJITSKE VAN DIJK – It is sneintemiddei, it is prachtich maitiidswaar. Der rinne in soad minsken op ’e dyk yn Warkum. In hiel oantal dêrfan blykt, krekt as ik, ûnderweis nei ‘Op De Hoek Van De Stal’, nei de presintaasje fan de dichtbondel Famke fan snie van Paul van Dijk.   Dan draacht Paul foar […]

Ljerke siket ferstilling

PAUL VAN DIJK –  Ik moetsje slachwurker ekstraordinaire Sytze Pruiksma as de seal fan Schouwburg de Lawei noch mar krekt iepen is. “We hawwe de oaren in oere lyn troffen,” fertelt er entûsjast. Mei ‘de oaren’ bedoelt er de Noaren Alexander Rishaug, bassist Michael Francis Duch, trompettist Hilde Marie Holsen en de IIslânske fideokeunstner Haraldur […]

It font foarby

PAUL VAN DIJK –  Ik hie in falske start. Ik tocht dat de útstalling ‘It Font’ fan dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp yn it Fries Museum wie. Mar, sa die bliken, it projekt wie al ferhuze nei museum Belvédère, yn Oranjewâld. Dat hie ik fansels even better lêze moatten, mar Hettinga en Middendorp […]

Elkenien wol wapperje!

PAUL VAN DIJK –  De wille fan it meitsjen fan dit aksjeboek spat der ôf. Wapper, it printeboek en aksjeboek foar bern 2016 fan yllustrator én skriuwster Yke Reeder lit sjen wat se allegear wol net kin. Wabe, Wiepie, Wobke en Wapper wurde yn in aaidoaske besoarge troch de earrebarre. Al gau moatte de pykjes it […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma ôfrûne sneon yn it programma Op en út fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslân: – Mindert Wynstra, De seefrou (Kadoboek by oankeap fan in boek) – Paul van Dijk, De wûndertoeter fan Hindrik J. Bûter (Aksjeboek foar bern 12-30 septimber, €4,95. Dêrnei €12,50) – Theunis Piersma, Sweltsjes fan Gaast. Bornmeer, […]

In gefaarlik boek?

ATE GRIJPSTRA – Renske sjocht it boek lizzen. Wat in frjemd boek, tinkt se … Op de foarkant stean allegear nuvere tekens en gouden letters yn in taal dy’t Renske net begrypt … ‘Dit boek is al hiel âld,’ seit Pake. ‘En it is in gefaarlik boek. Do meist der allinnich mar yn lêze as ik […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.