• 18 november 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  It rûzemûzet yn it kafee by it Fries Museum, dêr’t dichter Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) en ik elkoar treffe foar dit fraachpetear. Dyselde middeis, 1 novimber, sil hy dêr optrede. Want al sil it petear, op fersyk fan de Moanne, gean oer de ynternasjonalisearring fan de Fryske literatuer, Bruinja is geregeld yn it heitelân. Sa sil in gedichtesyklus fan syn hân yn [...]

  • 7 november 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Fan april 2018 ôf sil der yn de Ljouwerter Prinsetún in soad te belibjen wêze. De Taletún, in projekt fan Lân fan Taal, is rjochte op bern fan de basisskoalleleeftiid, wat net betsjut dat der foar grutte minsken net ek te genietsjen falt. Sibe Jan Kramer, Bouke Groen en Machiel Braaksma betinke en ûntwerpe de objekten dy’t plak krije sille yn it [...]

  • 16 oktober 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Tongersdei 12 oktober, yn it Posthús op It Hearrenfean, gong de Tryaterfoarstelling Wat Jo Wolle yn premjêre. Bûten, foar de yngong, stiet in poarte, mei de namme fan it stik yn neonletters. Wat as earste opfalt, yn de hal al, is it publyk. Fansels, der binne de ‘pommeranten’ út de Fryske teaterwrâld – produsinten, spilers, bestjoersleden, oare belutsenen – as gebrûklik by [...]

  • 9 oktober 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn it smûke doarpshûs fan Weidum gie sneon, 8 oktober, foar in man as fyftich, de teaterfoarstelling De grins / De Grens yn premjêre. De oankundiging set útein mei: “It klimaat feroaret, it seewetter komt deroan, de seedyk, ús fertroude grins is net heech genôch, wy strûpe derûnder! WAT DOGGE WY? Ferhúzje wy nei Drinte, nei België? Komme der nije grinzen? Binne [...]

  • 2 oktober 2017

    De lêzende mins, Karen Bies Redaksjoneel, Ernst Bruinsma, Aafke Ytsma Ynhâldsopjefte
 Kollum, Karen Bies, Snoeie Kollum, Jan Gaasenbeek, Dwaze Oorden It bêste fan it web Byldzjende keunst, Eeltsje Hettinga, Jelle Schotanus Ynterview, Wendy Kennedy, Lammert de Hoop, Hans de Jong Poëzij, Eeltsje Hettinga, De oaljehoven, in film Byldzjende keunst, Susan van den Berg, Het andere verhaal Muzyk, Marita de Jong, Dana de Vries, Het verhaal gaat boven alles Ynterview, [...]

  • 5 september 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Sneontejûn, yn de notaristún fan Jorwert, gie It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht yn premjêre. Kristian Johan Frâns Boonstra (Bauke Haanstra), sechtjin jier, krijt it wurd: hy sil in presintaasje hâlde. Foar immen mei in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’, dy’t er seit te hawwen, is it dreech om foar publyk te stean en hy sjit dan ek daliks [...]

  • 17 augustus 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  ‘It is wat behelpen’, seit foarmjouwer Jelle Post (1980), as er de doar fan de net al te grutte wurkromte op de ferdjipping fan syn wente yn in bûtenwyk fan Stiens iependocht. ‘Hjir rinst myn holle binnen, hjir lizze myn gedachtegongen.’ Post, dy’t al moai wat hússtilen, boeken, tydskriften en affysjes foarmjûn hat, reizget op it stuit geregeld nei it TextielLab yn [...]

  • 3 juli 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Freed 30 juny, yn ’e rin fan ’e middei, meldt Omrop Fryslân dat de iepenloftfoarstelling fan Dronryp ferskood wurdt fanwegen it foarseine minne waar. De premjêre fan Bauck!, brocht troch de Stichting Grut Hermana, giet ál troch. It eazet as ik de auto ynstap, it eazet ûnderweis, it eazet as ik yn Berltsum by it Hemmemapark oankom. It sin wurdt better as [...]

  • 26 juni 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Eens reden wij met vrienden in een lelijke eend naar Rotterdam, voor een concert van Pink Floyd. Op de terugweg, via de Noordoostpolder, ploeterde het autootje zich door de storm, windkracht negen. De kilometerteller wees zeventig, het werd een eindeloze rit door de nacht. Zo kleven er aan oude auto’s allerlei anekdotes. In de voorstelling Renault 4 – een autobiografie gaan Joeso [...]