De Fryske Kaspar Hauser

Op sneon 3 oktober is der in feestlike ôfsluting fan de eksposysje HAUSER fan Annemarie Estor en Lies van Gasse. ‘de Moanne’ en Tresoar hawwe fiif dichters frege om mei harren eigen ynterpretaasje te kommen fan it Kaspar Hauser ferhaal. Elske Kampen, Anne Feddema, Arjan Hut, Eeltsje Hettinga en Tsead Bruinja bringe jo in oere […]

Belgyske modernen yn it Singer yn Laren

EELTSJE HETTINGA –  Yn it Singer Museum yn Laren lûkt it each by ynkommen eins daliks nei it twa meter brede en oardel meter hege wintergesicht De ijsvogels (1891), in doek wêrmei’t de skilder Emile Claus it Frânske ympresjonisme in Flaamsk spoar jaan soe. Dûnker binne de figueren dy’t op ’e wite, grize iisflakten omstippe […]

PEN Nederland en it briefke fan fallyt

EELTSJE HETTINGA –  Nei de oanslaggen yn Londen, Madrid, Paris en Kopenhagen liket der by sjoernalisten en skriuwers bytiden de oanstriid om út eangst foar geweld en terreur oer te gean ta selssinsuer. By it Festival van het Vrije Woord, lêstenwyks yn de Balie yn Amsterdam, stapte PEN Nederland, de skriuwersferiening dy’t oprjochte waard om […]

Sporen van de Nul-beweging in Friesland

EELTSJE HETTINGA –  Een wand van hoog opgestapelde houten bierkistjes, een met rijen witte veertjes volgeplakte zwarte bodem, monochrome witte reliëfs. Het was deze vorm van kunst, of liever gezegd, anti-kunst die ooit, begin jaren zestig, werd verguisd en bespot. De werken waren in 1962 te zien op de eerste grote tentoonstelling van de Nul-beweging […]

Ik wol dat hynder wêze!

ELSKE SCHOTANUS –  Yn in lokaal fan in leechsteand skoalgebou yn Ljouwert wennet en wurket Lotte Middendorp, foarich jier ôfstudearre oan Academie Minerva yn Grins. Wat as earste opfalt is it toarre reid, dat ferwiist nei har komôf: it wetterlân yn de omkriten fan Akkrum, dêr’t sy, as sy it yn de stêd net bankje […]

Marlene van Niekerk

EELTSJE HETTINGA –  Marlene van Niekerk (1954) is ien fan de foarsteande dichters yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. Se dosearret Afrikaanske en Nederlânske literatuer oan de Universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika. Har debút makke se mei de roman Triomf (1994), in boek oer de politike feroarings yn Súd-Afrika, yn it bysûnder oer de apartheid en it yn inoar stoarten […]

Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer

EELTSJE HETTINGA –  De Fryske literatuer is net min bedield as it om oersettings of bewurkingen fan Sineeske poëzy giet. Mei de blomlêzing Liet fan it fjild foeget skriuwer Piter Boersma fyftich nei it Frysk oerbrochte gedichten by. De kar waard basearre op de Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Van het Boek der Odtot […]

E.B. Folkertsma as Gods útferkarde tsjinstfeint oer de grutte Fryske mienskip

EELTSJE HETTINGA –  Yn 1956 joech Jo Smit de novelle Sûnder sûker yn it ljocht, in kostlik gekoanstekkerich ferhaal oer in nasjonalistyske beweging, dy’t der lang om let yn slagget om har separatistyske doelen wier te meitsjen. Yn it fierhinne as monolooch fertelde ferhaal, dat him ȏfspilet yn in kroech, docht in net by namme […]

Russysk-Fryske jûn mei Aliona van der Horst

No freed 6 febrewaris om 20.00 oere hâldt de Gerben Rypma Stifting yn oparbeidzjen mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum. Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse […]

Utnoeging Russysk-Fryske jûn

Freed 6 febrewaris om 20.00 oere (ynrin 19.30 oere) hâldt de Gerben Rypma stichting yn gearwurking mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum. Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.