Taal as ien grut feest

MARITA DE JONG – 

De taal fiere yn in eigen frijsteat, mei it Frysk yn ’e haadrol. Dat is it útgongspunt fan Lân fan Taal. Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Dêr is Lân fan Taal in belangryk ûnderdiel fan. Konneksje meitsje mei elkoar, dat is ien fan de funksjes fan taal. Mar wol in hiele wichtigen. General manager Siart Smit wit dêr alles fan. Hy is troud mei in Sweedske frou en harren bern wurde twatalich grutbrocht. Siart behearsket dêrneist ek noch it Frysk. Hy wie fanôf 2008 saaklik direkteur fan it toanielselskip Tryater. Fandêr.

No hat dit grutte taalprojekt, in gearwurking tusken ferskate partijen, al syn oandacht. ‘Fryslân is meartalich, we binne spesjalisten op dat mêd en dêr wolle we wat mei dwaan.’

 

Alle talen binne lykweardich yn Lân fan Taal, en alle talen binne wolkom.

 

Smit koe Fryslân al, lang foardat er him hjir nei wenjen sette. Yn de tiid dat er by Toneelgroep Amsterdam wurke, sylde er faak yn Fryslân en joech er les by sylskoalle Pean oan de Wide Ie. Njoggen jier ferlyn kaam hy nei Ljouwert. Wat him opfoel, wie dat der yn de kulturele wrâld yn Fryslân minder ynfloeden fan bûtenôf wiene as yn Amsterdam. ‘Dochs barde der in soad yn Ljouwert en dat is troch de jierren hinne allinnich mar tanaam.’ Oft dat mei KH2018 te krijen hat, wit Smit net. ‘It is in bytsje in ‘kip-ei’-ferhaal, mar KH fungearret wol deeglik as in fiedingsboaiem.’

Hy fynt dat de ferkiezing ta Kulturele Haadstêd fan Europa foar Fryslân, en Ljouwert yn it bysûnder, in enoarme ympuls besjutte kin foar dat kulturele libben. ‘Der wurdt sa no en dan ek negatyf oer praat, mar je kinne wol stelle dat der al in protte yn gong set is. Der wurdt gearwurke, elkenien moat út syn comfortzone komme, en dêr heart ek wolris wat gaos by. As je sjogge wat der yn de doarpen allegear dien wurdt! Ik fyn dat dêr wolris wat mear oandacht foar wêze mei. Dy aktiviteiten hawwe oer it generaal in heech nivo en se dogge it allegear sels. De doarpen en stêden wolle harren presintearje, se wolle wat sjen litte.’

 

Fierder sjen as eigen taal
Taal spilet yn Fryslân in wichtige rol. Dêrom fertsjinnet it ek in grut poadium. Dat sil ta stân komme yn Lân fan Taal, in gearwurkingsprojekt fan Afûk, Tresoar, Fryske Akademy, RUG, Histoarysk Sintrum Ljouwert en Omrop Fryslân. Tryater is dêr letter by kaam, krekt as Explore the North en Neushoorn Leeuwarden. Lân fan Taal is der foar alle talen, grut en lyts, gjinien útsûndere. Lân fan Taal wol de finsters iepengoaie, it ûnderwerp breder lûke as Fryslân allinnich. It Frysk tsjinnet dêrby as foarbyld om oan de wrâld sjen te litten hoe’t meartaligens wurket. ‘Wy ha hjir wat bysûnders, binne eksperts yn meartaligens, in universeel tema yn dizze wrâld. Wy hawwe kennis oer hoe’t it yn de praktyk wurket. Mar der is yn Lân fan Taal krekt likegoed romte foar Marokkaansk, Turksk, Dútsk, Japansk of Sineesk, om mar in pear talen te neamen. Talen kinne en moatte neist elkoar bestean. Elkenien fynt syn eigen taal wichtich, mar it is ek belangryk dat je de oar syn taal wichtich fine. Oan de besiker fan Lân fan Taal wurdt dan ek frege om fierder te sjen as syn eigen taal.’

 

Unûntkomber yn de iepenbiere romte, dat is de ynstek.

 

‘Alle talen binne lykweardich yn Lân fan Taal, en alle talen binne wolkom. It is de bedoeling om dêr safolle mooglik talen te sammeljen. Der is altyd ien taal sichtber, de Fryske taal, mar dan wol yn kombinaasje mei oare talen.

Ek brûke we it Frysk as foarbyld foar universele fraachstikken oer taal, bygelyks de ûntwikkeling dy’t it Frysk troch de iuwen hinne trochmakke hat en hoe’t dat yn de taal ta utering kaam is.’

 

Trijetaligens
‘Wy kinne hjir op mikronivo bestudearje wat der op makronivo geande is. It is yntusken wol dúdlik dat it foar bern wichtich is dat der oandacht is foar de memmetaal, oft dat no Frysk, Marokkaansk of Turksk is. Hjir yn Fryslân binne we al hiel fier mei trijetaligens yn it ûnderwiis, mar der moat ek noch in protte wurk ferset wurde. Dochs kinne jo sizze dat it model yn de basis wurket. Wêrom sille we dat dan net op alle skoallen ynfiere? Ik ha it oan myn bern sjoen, troch dy twataligens ûntwikkelje se in grutter taalgefoel.’

It Aldehoustertsjerkhôf, de Prinsetún en it gebiet dêromhinne wurdt mei KH2018 in soarte fan frijsteat. ‘Einliks is Lân fan Taal ien grut taalfestival, fan alle talen yn de wrâld, mei altyd it Frysk derby.’ It begjinpunt wurdt it nije gebou op it Aldehoustertsjerkhôf. ‘Dat sil in soarte fan ynfopunt wurde, dêr’t de besiker ûnderdompele wurdt yn meartalichheid troch lûd en projeksjes. Der is bygelyks in ynstallaasje te sjen fan de Ingelske keunstner Tim Etchells. Foardat de besikers in plattegrûn meikrije moatte se wat dwaan, nammentlik in wurd ynleverje. En se krije útlis oer de regels fan it spul, want Lân fan Taal hat eigen regels foar hoe’t der mei taal omgien wurdt. De kearn is: Taal is alles. Alles is taal.’

As de besikers der oan de oare kant fan it gebou wer útkomme, kinne se trochrinne nei Tresoar, dêr’t in dwerstrochsneed fan de Fryske taal en kultuer te sjen is. Dêr wurde rûnliedingen jûn en der is in soarte fan reisburo, dêr’t minsken in rûte krije kinne foar in persoanlike reis troch it gebou. It Histoarysk Sintrum Ljouwert lit it DNA fan Ljouwert sjen. Dat sil barre troch ferhalen dy’t minsken yn it Stedskantoar ôfjaan kinne. Dêr stiet nammentlik in keunstwurk mei reagearbuiskes, dêr’t se harren ferhalen yn stopje kinne. Dy ferhalen wurde, ek op it stuit al, breed ynsammele. Dat bart yn gearwurking mei skoallen en buertsintra. HCL sil dy ferhalen sjen litte.’

 

Festivaltún
De Prinsetún wurdt troch de Afûk ynrjochte as festivaltún. Dêr komme ûnder oaren taal-boartersobjekten te stean foar bern. ‘Besikers kinne in taal tafoegje yn it paviljoen dat yn de Prinsetún komt te stean, troch in favoryt wurd út harren memmetaal op te skriuwen. Mei dy wurden sil de gevel stadichoan beplakt wurde. Yn de wykeinen sille yn it paviljoen alle kearen twa talen en efterlizzende kultueren presintearre wurde: it Frysk en in minderheidstaal út Europa. Foar de programmearring soarget Explore the North.’

 

Lân fan Taal wol de finsters iepengoaie, it ûnderwerp breder lûke as Fryslân allinnich.

 

De Fryske taal moat folle mear yn de iepenbiere romte oanwêzich wêze. Dêrom wurdt op de Aldehou in jier lang, yn de wykeinen, taal projektearre. ‘Oan twa taalkeunstners, ien fan hjir en ien fan bûten, wurdt frege om in liet, gedicht of ferhaal te meitsjen en in fideomakker fertaalt dat nei byld. Nynke Laverman is bygelyks keppele oan in Spaanske dichter en ek har man Sytse Pruiksma docht mei.’ Der sille troch it jier hinne fjouwer premjêres wêze fan dy projeksjes. Dan wurdt it hiele plein útljochte, it lûd is om en op it hiele plein te hearren en de bylden binne te sjen op ’e Aldehou. Om dy fjouwer premjêres hinne wordt yntinsiver programmearre, mei ferskate oare artysten.

 

Taalspoar
‘Unûntkomber yn de iepenbiere romte, dat is de ynstek. Yn dat ramt sille der ek teksten op ’e grûn te sjen wêze. Der sille minytribunes taheakke wurde en plakken dêr’t de besikers sitte kinne om te lústerjen of te skriuwen. Der moat altyd wat te lêzen, te hearren, te sjen of te belibjen wêze. De taal wurdt fierd en de besiker soarget foar de lêste laach, in taalspoar, de slingers, alteast dat is de bedoeling.’

Ek jongeren komme oan bar. Neushoorn hat syn eigen netwurk dêr’t Lân fan Taal gebrûk fan meitsje kin. ‘Dêr is bygelyks in PoetryCircle opset, en der wurdt no wurke oan in twadden. It sil in kombinaasje wurde fan de eigen urban en hip hop culture mei tradisjonele foarmen lykas poëzy. Dat levert spoken word op. Der sille workshops jûn wurde, en rolmodellen lykas Akwasi sille dy jaan.’

De wittenskip wurket ek mei oan Lân fan Taal. Sa ûntwikkelet de Ryksuniversiteit Grins in app oer de fonetyske kant fan de taal. De brûker krijt achtergrûnynformaasje oer de taal dy’t ynsprutsen wurdt. ‘Der sit in database achter, dy’t troch it brûken fan dy app groeie sil. Yn it begjin sil it grofmazich wêze, mar geandewei sil dat hyltyd presizer wurde.’

 

Taalbelibbing
De Fryske Akademy sil ûnder oaren in taalkongres hâlde en soarget foar in Massive Open Online Course. Dat is in gratis online kursus, dy’t elkenien dy’t dat nijsgjirrich fynt folgje kin. Omrop Fryslân makket programma’s oer Friezen om utens en harren taalbelibbing. Dy minydokumintêres wurde online set. Fan in tal fan dy ferhalen wurdt foar Fryslân DOK in dokumintêre makke. Finster op Fryslân, de mobile redaksje, sil in taalkrante útbringe. ‘Mei dêryn ferhalen fan minsken dy’t Lân fan Taal besykje. En wa wit komt der ek wol wer in Lân fan Taal-krante út.’

Dêrneist giet Lân fan Taal de provinsje yn. Op meardere plakken wurde festivals delset. Tryater makket in bernefoarstelling foar groep 7 en 8 oer de kommunikative krêft fan taal. Dêr dogge twa dûnsers en twa akteurs oan mei. Want ek dûnsjen is, neffens Smit, in foarm fan taal. ‘Dêrneist binne we ûnder oaren ek te finen op it Oranjewoud Festival, Oerol en de Admiraliteitsdagen. En der komt in Fryske Matthäus Passion. Peter Sybenga is dwaande mei de oersetting. It NNO sil de Matthäus útfiere.’

 

Kennissintrum meartaligens
Foar minsken mei in min gehoar of in taalûntwikkelingssteuring is der yn septimber omtinken. Yn it foarjier komt letterswakkens oan bar, mei as tema: Begrijp je mij wel? ‘We wolle dat net as in probleem benaderje. Je kinne je ôffreegje: oan wa leit it, dat eat net dúdlik is? Der binne ek in protte minsken dy’t muoite ha mei it ynfollen fan de belestingoanjefte of in subsydzje-oanfraach. We moatte mei-inoar neitinke oer oplossingen, dêr ha je folle mear oan.’

 

We moatte gjin hikke om ús provinsje sette wolle, mar meidwaan yn ’e wrâld, mei in posityf ferhaal.

 

Je hoege net in oare taal machtich te wêzen om nei Lân fan Taal te kommen. Der is neffens Smit foar elkenien genôch te sjen en te belibjen. ‘Der binne ek projekten wêryn’t taal sichtber, te hearren of te fielen is. Taal is mear as in stik of wat grammatikale ôfspraken.’

Nei 2018 moat de gearwurking dy’t no tusken de ynstellings ûntstiet trochgean. De besteande kennis wurdt mear keppele oan in breed publyk. ‘Ek rjochting minderheidstalen yn Europa ûntstiet der in netwurk dat groeien bliuwe moat. We kinne fan elkoar leare. De wittenskiplike partners binne meielkoar dwaande mei de ûntwikkeling fan Fryslân as ekspertizesintrum foar meartalichheid. Lân fan Taal is dêrfoar in ekstra ympuls. We moatte gjin hikke om ús provinsje sette wolle, mar meidwaan yn ’e wrâld, mei in posityf ferhaal. We wolle in ideale wrâld fan taal kreëarje, dy wrâld in bytsje moaier meitsje, mei as pronkstik de Fryske taal.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.