De syktocht fan Piter Hettinga

FROUKJE SIJTSMA – 

Film ‘Heit’ yn premjêre op NFF
In jier hat Piter Hettinga (1989) dwaande west mei it meitsjen fan in dokumintêre oer syn ferneamde heit, de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. It wie in dreech en emosjoneel ôfstudearprojekt, dat him tagelikertiid bot helpt mei de rouferwurking fan syn beide âlden. Freed 7 novimber giet de dokumintêre ‘Heit’, oer de syktocht nei syn heit Tsjêbbe, op it Noordelijk Filmfestival yn premjêre.

Piter Hettinga hat in drege tiid efter de rêch. Yn koarte tiid ferlear er beide âlden. “Wy wisten wol dat Tsjêbbe siik wie, mar hy rekke begjin 2013 dochs hiel ûnferwachte fan ús wei. In soad minsken koenen Tsjêbbe as in noflike man, dy’t altiten wol in grapke of in praatsje klear hie, mar neist in talintearre oersetter en dichter wie er ek heit. In kant dy’t de measte minsken net fan him seagen. As puberjonge hie ik faak rûzje mei ús heit. Hy koe hiel hurd en koppich wêze. Dat waard wol minder doe’t ik út ‘e hûs gie, mar dochs haw ik nea in hiele waarme bân mei him hân. Ik haw him net fan man ta man kennen leard en nei de dea fan ús heit haw ik it dêr hiel dreech mei hân.”

Yn de dokumintêre reflektearje ik derop hoe’t ik dêr tsjinoan sjoch. Oer hoe’t ik it doe dy tiid belibbe haw, mar ek hoe’t ik der no tsjinoan sjoch.

Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) wurdt sjoen as ien fan de grutste Fryske dichters fan de 21ste ieu. Dat er blyn wie, belemmere him net yn it meitsjen en foardragen fan Fryske poëzy. Hettinga waard by it foardragen faak muzikaal begelaat. Hy droech syn wurk ritmysk, hast sjongend foar. Yn Nederlân, mar ek oer de grins wist Hettinga de minsken te reitsjen. Syn hommels ferstjerren makke dan ek in soad los. Piter: “In soad minsken hienen wol in byld fan Tsjêbbe of koenen in anekdoate oer him fertelle, mar dy strookten lang net altyd mei hoe’t ik it belibbe hie. Ik besefte dat Tsjêbbe ferskillende kanten hie, dêr’t ik der mar in pear fan koe.”

Piter hie al langer it idee om in dokumintêre oer syn heit te meitsjen, ek al doe’t syn heit noch libbe. “Doe’t der by tafal in jonge dokumintêremakker socht waard dy’t in koarte film meitsje woe oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga, doe wie ik der fan oertsjûge dat ik dy film meitsje moast.” It filmprojekt kaam by tafal op Piter syn paad. “Us heit soe meidwaan oan in jubileumfeest dêr’t in âlde en in jonge dichter tegearre foardrage soenen. Dat idee foel yn it wetter, doe’t Tsjêbbe kaam te ferstjerren. De organisaasje wist net dat Tsjêbbe syn soan sels in jonge dokumintêremakker wie. Lokkich krige ik it fia fia op ‘e tiid te hearren en mocht ik de film meitsje.” Om’t de film mar tsien minuten duorje mocht, wreide Piter de film as ôfstudearprojekt foar syn stúdzje Communicatie & Multimediadesign oan de NHL út nei 35 minuten.”

Om Tsjêbbe better kennen te learen, dûkte Piter de argiven yn en ûndersocht er wat der allegear oer syn heit skreaun en sein waard. “Yn de dokumintêre reflektearje ik derop hoe’t ik dêr tsjinoan sjoch. Oer hoe’t ik it doe dy tiid belibbe haw, mar ek hoe’t ik der no tsjinoan sjoch. It is dus in dokumintêre oer de syktocht nei ús heit wurden.” Piter wol net tefolle oer de film sels fertelle, want hy fynt dat de minsken it sels sjen moatte. “Ik fyn it hiel spannend wat de minsken der fan fine. Ik bin sels net hûndert prosint tefreden oer de film, mar dat is ek it perfeksjonisme dat ik fan ús heit meikrigen haw. Lokkich lear ik der hieltyd better mei omgean.”

In dokumintêre oer de syktocht nei syn heit. Hat Piter fûn wat er socht? “De syktocht nei ús heit, nee, dy is noch net klear. Ik haw allinnich noch mar mear fragen krigen”, laket Piter. “Dy syktocht sil altyd trochgean, mar mei dizze film haw ik foar myn gefoel wol in perioade ôfsletten. It hat in hiele slopende, útputtende tiid west. Ik haw net allinnich mysels hiel kwetsber opsteld, mar ek in boekje iepen dien oer it priveelibben fan ús heit, sûnder dat hy syn eigen ferhaal dwaan kin.” It leafste hie Piter in dokumintêre oer syn heit makke, doe’t er noch libbe, mar dat mocht der spitigernôch net fan komme. “Dan hie ik ek syn kant fan it ferhaal hearre kind. No is it allinnich myn belibbenis fan ús relaasje en ik hoopje dat ik him dêr net tekoart mei doch.”

Bang om de myte fan grut dichter Tsjêbbe Hettinga te ûntkrêftsjen? “Ja, dat tink ik yndie. Ik doch in boekje iepen oer de relaasje mei ús heit, oer in stik fan Tsjêbbe dy’t de measte minsken net koene.” Tsjêbbe wie gjin man dy’t graach oer syn gefoel prate, fertelt Piter. “Hy hâlde der net fan as minsken fregen nei de betsjutting of it ferhaal efter syn gedichten. Sokke fragen hie der gjin ferlet fan. Yn tsjinstelling ta ús heit bin ik wol in gefoelsman, dat haw ik fan ús mem. Miskien dat it dêrom ek wol mei him botste, om’t hy syn djipste gefoelens net op tafel lei.”

Piter makke de dokumintêre net allinnich. “Ik haw it tegearre mei myn stúdzjegenoat Tjalling Herder makke. Hy hat yn it hiele proses belutsen west en dêr bin ik hiel bliid mei. Hy kende my en Tsjêbbe beide net. Benammen om’t ik sels sa emosjoneel by it ûnderwerp belutsen bin, ferlear ik faak it oersjoch. It wie ek dreech om de goeie balâns te finen tusken privee en profesjonaliteit. By in dokumintêre oer in oar ûnderwerp soe ik dy ôfstân better bewarje kinne. Tjalling hat my bot holpen om de fokus te hâlden en der net yn te ferdrinken.”

In skoft lyn sei Piter noch dat er sels net by de premjêre oanwêzich wêze woe. “Ik fyn it oergriselik spannend om myn ferhaal sjen te litten oan de bûtenwrâld, mar ik bin no safier dat ik dy spanning stadichoan loslitte kin. By de premjêre bin ik der wol sels by. Ik bin hiel benijd hoe’t de minsken it fine.” Mar wat soe syn heit der fan fûn hawwe dat dizze dokumintêre oer syn libben en de relaasje mei syn soan makke is? “Gjin idee… Ik tink dochs wol dat er ferskriklik grutsk wêze soe”, beslút Piter.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.