Swan Lake: de skientme fan dûns giet út boppe it narrative

Publisearre op 12 december 2016

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn ‘Swan Lake’ wurket de Sweedske regisseur Jacob Ahlbom mei seis dûnsers fan it Amsterdamske dûnsselskip ICK en twa fan syn selskip. It ferhaal fan it ferneamde ballet waard omsmiten ta in surrealistysk mearke wêrby’t de prins net te krijen hat mei in swarte en in wite swan as twa betsjoende froulju, Odette en Odilia, mar mei ien. Oars as yn it orizjineel binne swart en wyt twa hjir kanten fan deselde frou, al ferbylde troch twa dûnseressen. De soundtrack wurdt live brocht troch de fjouwer muzikanten fan de rockband Alamo Race Track dy’t de muzyk fan Tsjaikovski op ’e nij komponearren ta har eigen styl, mei ynfloeden fan indie, folk en pop.

 

As gehiel is ‘Swan Lake’ al like opswypkjend as ferfrjemdzjend.

 

Ahlbom hat syn oplieding yn de mime. It ynstrumint fan dûnsers en mimespilers beide is it liif, it fysyk. Dêrby ferhâldt de dûnser him ta himsels, by mime dêrfoaroer brûkt it fysike om spanning yn de hanneling yn ferhâlding ta syn objekt te bringen. De wize fan sjen, in lyts hângebeart kin dan genôch wêze. Swan Lake begjint dansant. Yn de earste sêne sjochst wa swannen, wyt en swart yn in surreëel dreambosk. Op in stuit tinkst: hoe kinne de fuotten sa ûnder it liif sitte – anatomysk folslein ûnmoglik – en blike ûnder de fearren rokken fan beide figueren elk twa dûnsers aktyf. Geandewei de foarstelling wurdt it folle mear byldzjend. It ferhaal is lang net altyd helder, wol de sênes wêrby’t Odette, har wite kant, yn de wite, formele wrâld fan de prins komt. Dan binne de klean wyt, is de tafel wyt dekt, binne de servetten wyt.

It is in wrâld dêr’t it swart fan Odette net akseptearre wurdt, in wrâld fan noarmen en etikette, mar it is krekt de swarte kant fan Odette dy’t hjir op yn ynbrekt. En dy’t troch ‘wyt’ rau ferspijt en oanfallen wurdt. Dochs it ‘wyt’ fan de feestgongers kin samar omteare yn swart: manipulatyf en jaloersk en út op wraak. Dan is it net langer de swarte kant fan Odette dy’t it belije moat, mar de wite. Is it in foarstelling oer de leafde, dan is it oan de prins om sawol de swarte as de wite side fan syn breid te akseptearjen. Beide kanten ha elkoar nedich, as yin en yang. Alle minsken, ommers, ha harren tsjustere kant.

Yn Ahlbom syn wurk spilet it ûnderbewuste in wichtige rol: No en dan dûke Hiëronymus Bosch-achtige figueren mei bistekoppen yn de foarstelling op. Der is de man mei de kop fan in raaf – mei in enoarme krûme, swarte snaffel – en út en troch, op in trijetsjillerke, dûkt in figuer mei in bearekop op, miskien ferwizend nei it ûnderbewuste út de iere bernetiid. It yntrigearjende sit lykwols net sasear yn it narrative, it giet folle mear om in sfear as om it ferhaal, dat ek lang net altyd helder is.

‘Swan Lake’ is genietsje fan beweging, fan it elegante, it driigjende, it linige, in hângebeart, in spagaat, in moai liif, de skaden fan de dûnsers, sa’t dy oer de flier falle, it ljocht sa’t dat yn ien fan de sênes yn banen troch de beamstammen falt. Swart as it skaad fan wyt, swart dy’t wyt op de rêch sit. Swart en wyt as symbioaze, wêrby’t de puntsjes fan de tonge elkoar hiel even reitsje. Binne der mear dûnsers, dan sjochst it gehiel, mar is der ek altyd ien dy’t krekt wat faker jins omtinken lûkt as oaren. Dy dûnser sil net foar elkenien deselde wêze. Sa is der de slanke, linige Arad Inbar, mei in hiel eigen bewegingstaal. Kim Amankwaa is prachtich yn de solo dêr’t ‘Swan Lake’ mei einiget en dy’t wer mear de klassike kant útskaait. As gehiel is ‘Swan Lake’ al like opswypkjend as ferfrjemdzjend.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]